Minnikonzjû
De Minnikonzjû (Ingelsk: Minniconjou, ek wol stavere as Miniconjou, útspr.: [mɪni'konʒu]; Lakota: Mnikȟówožu, útspr.: [mni'kˣo:woʒu]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e Sû, in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten; de Minnikonzjû wiene dêr oan kop en earen ta yn behelle.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eigen namme fan 'e Minnikonzjû, Mnikȟówožu, kin oerset wurde as "Dy't oan it Wetter Plantsje". Mei de Sâns Arks en de Twatsjettels, twa oare substammen fan 'e Lakota, binne de Minnikonzjû it naust besibbe, en mei-inoar wurde dy trije substammen wol de Sintrale Lakota neamd. De Twatsjettels wiene feitliks oarspronklik in ûnderdiel fan 'e Minnikonzjû, oant se har der om 1840 hinne los fan makken. It meast ferneamde Minnikonzjû-opperhaad wie nei alle gedachten Reitsje-de-Wolkens-Oan (Maȟpíya Ičáȟtagya), dy't ûnder de Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw lieding joech oan 'e stamme.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei libje de Minnikonzjû frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is dreech te sizzen, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Mei trije oare Lakota-substammen, de Sâns Arks, Twatsjettels en Swartfuotten (net te betiizjen mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten), foarmje de Minnikonzjû de federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe), mei 16.000 leden. De stamme hat in eigen reservaat yn 'e foarm fan it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't in grut part fan 'e Minnikonzjû tsjintwurdich noch altiten libbet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |