De Libbens fan de Profeten
De Libbens fan de Profeten | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk of Arameesk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 1e iuw |
De Libbens fan de Profeten is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is allinnich mar oerlevere yn kristlike manuskripten, gauris mei frijwat tafoegings fan lettere kristlike redakteurs, hoewol't saakkundigen fan betinken binne dat it oarspronklik in joadsk geskrift west hawwe moat. De oerlevere hanskriften binne skreaun yn it Gryksk, Latyn, Syrysk, Armeensk en Arabysk, al moat de oarspronklike tekst yn in Semityske taal steld west hawwe, foar 't neist yn it Hebriuwsk of it Arameesk. Fan 'e ûnderskate Gryksktalige ferzjes wurdt der ien taskreaun oan 'e tsjerkfaar Epifanius fan Salamis, wylst men wol hawwe wol dat in oarenien fan 'e hân fan Dorotéus fan Tyrus is. It iennichste Latynske manuskript soe in oersetting wêze dy't makke is troch Isidoarus fan Sevilla. De Libbens fan de Profeten wurdt almeast datearre yn 'e earste iuw.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Libbens fan de Profeten jout in beskriuwing fan 'e libbens fan 23 âldtestamintyske profeten. De behannele profeten binne: Jesaja; Jeremia; Ezechiël; Daniël; Hoséa; Micha; Amos; Joël; Obadja; Jona; Nahum; Habakuk; Sefanja; Haggai; Sacharja; Maleächy; Natan; Achía; Joäd; Azarja; Elía; Eliza; en Sekarja. Sjoch foar de earste 16 profeten de bibelboeken mei de oerienkommende nammen; fierders: foar Natan 2 Samuël 7 en 12; foar Achía 1 Keningen 11:29; foar Joäd 1 Keningen 13:1 (dêr't er oantsjut wurdt as "de godsman"); foar Azarja 2 Kroniken 15:1; foar Elía 1 Keningen 16:8-14, 17 en fierdere haadstikken oant 2 Keningen 2:1-18; foar Eliza 1 Keningen 19:16 en fierder oant en mei 2 Keningen 13; en foar Sekarja 2 Kroniken 24:20-22.
Yn 'e faak hiel koarte libbensbeskriuwings wurdt gauris de klam lein op 'e marteldea dy't ûnderskaten fan 'e profeten stoarn wêze soene. Sa waard Jesaja libben midstwa seage, en waard Jeremia stiennige. Fierdersoan liket de anonime skriuwer fan De Libbens fan de Profeten mear belangstelling hân te hawwen foar de wûndertekens en profesijen fan 'e profeten as foar har eigentlike libben of har etyske lear. Noch aparter is de wiidweidige oandacht dy't er skinkt oan har sekuere begraafplak. De Libbens fan de Profeten wurdt wol beskôge as in foarrinder fan it lettere (kristlike) sjenre fan 'e hilligelibbens.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |