Simmer 2000
Simmer 2000 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | ferspraat oer de provinsje | |
datum | 1 – 30 july 2000[1] | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | milenniumwiksel | |
soarte evenemint | kultureel | |
oprjochter | Gryt van Duinen | |
org. troch | Stifting Simmer 2000 | |
offisjele webside | ||
argivearre webside |
Simmer 2000 wie in grut opset projekt mei tal fan regionale en lokale aktiviteiten, dat yn 'e simmer fan it jier 2000 yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân holden waard yn ferbân mei de ein fan 'e iuw en de milenniumwiksel.[1][2] Dy gelegenheid waard oangrypt om 'e Friezen om utens út te nûgjen en kom werom nei de provinsje foar in grutte reüny.[1][2] De festiviteiten waarden op 1 july 2000 by in offisjele seremoanje op it Saailân yn Ljouwert iepene troch keninginne Beatrix.[1][2]
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee foar Simmer 2000 kaam út 'e koker fan Omrop Fryslân-redaktrise en -presintatrise Gryt van Duinen.[1][2] Yn 1993 lei se har ynjefte, by in moeting yn Brassery Maria Louise yn 'e Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert, foar oan skriuwer Kees 't Hart en oan Hylke Speerstra. Dy lêste wie in âld-haadredakteur fan 'e Ljouwerter Krante dy't troch syn non-fiksjeboek It Wrede Paradys, oer Fryske emigranten, in protte kontakten mei de Fryske diaspora bûten Nederlân hie.[2] Se besleaten ta it meitsjen fan konkretere plannen, wêrby't fral Van Duinen sterk ynsette op in Grutte Friezereüny.[2]
Noch yn 1993 waard by de Ljouwerter notaris Wierda in stifting yn it libben roppen dy't de organisaasje fan it projekt regelje moast.[2] Speerstra waard yn 't earstoan beneamd ta foarsitter, mar hy droech dy posysje al rillegau oer oan Henk Kroes, dy't doedestiden ek foarsitter fan 'e Feriening De Fryske Alve Stêden wie, en sadwaande ûnderfining opdien hie mei de organisaasje fan grutte eveneminten.[2]
Speerstra naam kontakt op mei de bestjoeren fan ferienings foar doarpsbelang, dy't oer it algemien entûsjast op it plan reägearren.[2] It wurk fan it stiftingsbestjoer bestie dêrnei benammen út it oanfiterjen fan 'e withoefolle frijwilligers en it byspringen by offisjele saken, lykas it oanfreegjen fan fergunnings.[2] Tagelyk ûnderhold Speerstra ek kontakten mei emigranteferienings en tsjerkgenoatskippen yn it bûtenlân.[2] Der oppenearren har almar mear sponsors dy't wol helpe woene by de finansiering fan Simmer 2000. Yn 'e twa oant trije jier foar de milenniumwiksel krige it projekt, yn 'e wurden fan Speerstra, "in eigen dynamyk".[2]
Uteinlik diene mear as 270 doarpen en stêden yn Fryslân mei oan Simmer 2000.[2] Allinnich de Stellingwerven wiene unanym yn harren ôfstegering fan it projekt.[2] Dat hie te krijen mei de namme, dy't it projekt in Frysktalige útstrieling joech.[2] De organisaasje besocht ferskate kearen en lûk de Stellingwervers oer de streek, bgl. troch Pieter Stuyvesant in plak yn programma te jaan, mar it wie om 'e nocht. [2] Weromsjend op dy kwestje ornearren Speerstra en Kroes yn 2020 by in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante dat men yn 'e Stellingwerven in gefoel hie fan "wy hearre der net by". Efternei, sa stelden se fêst, hiene de Stellingwervers folle earder by it projekt belutsen wurde moatten.[2] De Bilkerts, oan 'e oare kant, hiene gjin problemen mei Simmer 2000 en diene folop mei.[2]
Simmer 2000 en Fryslân 500
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren wie de provinsjale oerheid fan Fryslân ek dwaande mei de organisaasje fan in feest, Fryslân 500. Dat moast plakfine yn 1998, om it fiifhûndertjierrich bestean fan Fryslân as provinsjale bestjoerlike ienheid te fieren.[2] Mei't it weromgie op 'e ferovering fan Westerlauwersk Fryslân troch Albrecht fan Saksen, yn 1498, dy't de ein fan 'e Fryske Frijheid en it begjin fan 'e útlânske oerhearsking yn 'e Saksyske Tiid markearre, moasten de measte Friezen dêr neat fan hawwe.[2]
Fryslân 500 wie it geastlik bern fan kommissaris fan 'e keninginne Loek Hermans, dy't de organisators fan Simmer 2000 twaris útnûge op Lângoed Lauswolt yn Beetstersweach.[2] Hy woe dat se harren plannen twa jier nei foarren helje soene, sadat it Simmer-projekt gearfalle soe mei Fryslân 500. Dêr bea er ƒ50.000 subsydzje foar oan.[2] It bestjoer fan Simmer 2000 fielde dêr neat foar en hold fêst oan 'e eigen plannen.[2]
By in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante yn 2020 wiene Speerstra en Kroes noch altyd bliid dat se net op Hermans syn oanbod yngien wiene.[2] Speerstra kwalifisearre Fryslân 500 as "in feest fan niks" en "in hiel flets barren dat net ta de ferbylding spruts."[2] Kroes neamde it "in oerheidsfeestje".[2] Neffens Speerstra wie doedestiden syn grutste beswier tsjin gearwurking, "dat it in amtlike organisaasje wurde soe, krekt as úteinlik Kulturele Haadstêd. It waard fan boppen regele en dat slacht de kreätiviteit en de belutsenens dea. Wat fan ûnderop komt, beklibbet. Dat wie de krêft fan Simmer 2000."[2]
Grutte Friezereüny
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wichtichste ûnderdiel fan Simmer 2000 wie de Grutte Friezereüny.[1][2] Yn it ramt dêrfan waarden alle Friezen om utens, dy't benammen tusken 1945 en 1970 it heitelân ferlitten hiene om earnewêr oars yn 'e wrâld in libben op te bouwen, oproppen en kom foar in skoftsje werom nei Fryslân.[1][2] Tûzenen lju út oare dielen fan Nederlân, mar ek út Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, de Feriene Steaten en oare lannen, joegen dêr gehoar oan. Neffens in berekkening fan 'e Fryske Akademy kamen der 60.000 Friezen om utens út Nederlân en 6.000 út it bûtenlân oer om it feest mei te fieren.[1][2]
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Simmer 2000 waard op 1 july 2000 by in offisjele seremoanje op it Saailân yn Ljouwert iepene troch keninginne Beatrix.[1][2] De iepeningsseremoanje waard folge troch it muzykteäter SimmerTime 2000,[1][2] dat in inisjatyf wie fan kabaretier Rients Gratama.[1][2] Dêroan wurken û.o. ek de populêre band De Kast, kabaretiêre Maaike Schuurmans en sjonger Piter Wilkens mei.[1][2] Yn 'e wiken dy't folgen op 'e iepening wiene der fan SimmerTime 2000 alve foarstellings yn in sirkustinte yn Dokkum, Frjentsjer en op It Hearrenfean, dy't allegear útferkocht wiene[1] en bywenne waarden troch yn totaal 26.000 minsken.[2]
Ek bûten SimmerTime 2000 om die Simmer 2000 in protte oan muzyk. Benammen it liet It Paad Werom, fan sjonger Piter Wilkens, dat wat de titel oangie krekt paste, waard in grut súkses.[boarne nedich] Fierders waard foar it projekt apart in Simmer 2000-liet skreaun troch Baukje Wytsma en Anne Oosterhaven.[boarne nedich]
Oare hichtepunten wiene it operaspektakel Orfeo Aqua, dat by moarnsdage op 'e Bombrekken by Aldegea (Wymbritseradiel) opfierd waard,[1][2] it keunstprojekt Pylgers nei Fryslân[1] en de earste edysje fan 'e kuiertocht Slachtemaraton, oer de histoaryske Slachtedyk fan Easterbierrum nei Raerd.[1][2] Dêrnjonken waarden yn it ramt fan Simmer 2000 tal fan aktiviteiten en festiviteiten op pleatslik nivo organisearre,[1][2] wêrûnder in protte reünys,[2] mar ek in iepenloftútstalling fan keunstkij yn 'e hiele provinsje.[2]
Balâns
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Simmer 2000 duorre fjouwer wiken,[1] fan 1 oant en mei 30 july 2000. By alle aktiviteiten mei-inoar wiene 600.000 minsken belutsen.[2][3] Dêrfan kamen 400.000 lju op 'e lokale aktiviteiten ôf, wylst 200.000 minsken de grutte festiviteiten besochten.[1][2]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (fy) /(ned) Offisjele webside fan Simmer 2000 (argivearre)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|