Simmer 2000 (liet)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

'Simmer 2000' is in liet dat skreaun waard by gelegenheid fan Simmer 2000. Simmer 2000 wie in evenemint yn de simmer fan it jier 2000 wêrby’t Friezen om utens útnoege waarden om nei it Heitelân werom te kommen foar in reüny. In reizgjend muzykteäter, mei gearwurking fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens en Maaike Schuurman, gie dy simmer lâns in tal Fryske stêden.

Der waard foar dit projekt ek in apart Simmer 2000 liet skreaun mei tekst fan Baukje Wytsma en muzyk fan Anne Oosterhaven.[1] It liet waard útfierd troch De Kast, Rients Gratama en Piter Wilkens en it Noard Nederlânsk Orkest. It nûmer kaam yn 2000 binnen op it fyfte plak fan de Fryske Top 100. It liet waard boppedat tafoege oan de tsiende fernijde printinge fan ‘Fryslân sjongt’, in lietebondel mei sa’n 150 lieten.[2] It liet Simmer 2000 kaam dat jier binnen op it seisde plak fan de Fryske Top 100.

Te hearren op[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

CD
DVD
  • Open (2001)
  • Simmertime (2006)
  • Fryske Stjerre jûn, mei Gerbrand Westveen, Maaike Schuurman, Agnes Sambrink, Rients Gratama en it Nieuw Philharmonisch Orkest (2007)[3]
  • Fryske Stjerre jûn mei Maaike Schuurman, Agnes Sambrink, Rients Gratama en Syb van der Ploeg (2010)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: