Gryt van Duinen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Gryt van Duinen (Dronryp, 19 juny 1950) is in sjoernaliste en wie lid fan de Provinsjale Steaten foar de Partij van de Arbeid mei de portefúlje Taal en Kultuer.

Se is de dochter fan Wybren van Duinen en Sietske de Groot. Nei de MMS en in blaumoandei fysioterapy kaam se by Omrop Fryslân, doe noch de RONO. Earst as presintator, letter ek ferslachjouwer. Yn 1992 stapte se oer nei de ôfdieling Lanlike Telefyzje. Se krige yn De Fryske Parsepriis 2000 foar it betinken fan Simmer 2000 en yn 2001 noch ris it earste Gouden Liuwke fan de stêd Ljouwert. Gryt van Duinen wie bestjoerslid foar it Frysk Festival en wie faak gesprekliedster. Neist har deistich wurk by Omrop Fryslân siet se yn it bestjoer fan de Stichting Keimpetille dy't it pontsje werom hawwe wol. En dat hat te meitsjen mei har jeugd oan de Keimptilsterdyk ûnder Dronryp.

Sûnt de twadde helte fan de njoggentiger jierren oant syn ferstjerren wenne se gear mei de histoarikus en publisist Jan Pyt Janzen (1945-2005). Se wenne te Goutum, ûnder Ljouwert.