Middelbere Famkesskoalle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De middelbere famkessskoalle (Nederlânsk: Middelbare Meisjesschool, MMS) wie in fiif jier duorjende Nederlânske ûnderwiisfoarm spesjaal ornearre foar famkes en wat it curriculum oanbelange te fergelykjen mei de hbs. De earste mms waard 1867 yn Haarlim oprjochte.

De haadmaster fan de legere skoalle besliste, nei oerlis mei de âlden as fersoargers, oft in famke kâns makke om de skoalle mei goed gefolch ôfmeitsje koe en melde har dêrnei oan.
Earst moast lykwols in twa dagen duorjend talittingseksamen helle wurde. De talattingseask lei heech. Ek nei in hereksamen waarden trochsneed mar sa'n 50% yndie talitten. Neist de aparte middebere famkesskoallen koe ek op guon lyseums de rjochting middelber famkesûnderwies keazen wurde. Guon stêden hiene ek in kombinaasje fan in mms mei in aparte famkes-hbs.

Der waard ûnderjochte yn ûnder mear natuer- en skiekunde, mjitkunde, algebra, biology, skiednis, ierdrykskunde, tekenjen, muzyk en de talen Nederlânsk, Frânsk, Dútsk en Ingelsk. De talen woegen ekstra swier by befoardering nei in folgjend learjier en by it eineksamen. De ekonomyske en eksakte fakken woegen sa swier net omdat famkes mei oanlis foar dy fakken de hbs-a en -b folgje koene. Ek fyn handwurkjen, foardrachtskeunst, hygiëne, psychology, sosjology, keunstskiednis en godstsjinst wiene ferplichte fakken.

Mei it mms-diploma koene jin net nei de universiteit, mar wol nei in tal fuortsette middelbere opliedingen (de hbo-opliedingen fan no) lykas de Pedagogyske akademy foar it basisûnderwiis (kweekskoalle), de keunstakademy en de sosjale akademy. Ek waard de mms as in goede tarieding foar it berop fan sekretaresse beskôge.

Yn de jierren '60 rûn it tal ynskriuwings foar de kategorale MMS-skoallen stadichoan tebek.

De mms en hbs waarden troch de Mammoetwet yn 1968 reörganisearre ta havo en ateneum as tarieding op efterelkoar it heger en wittenskiplik ûnderwiis. It profyl kultuer en maatskippij op it hjoedeiske havo en vwo liket it meast op it fakkepakket fan de mms.