Draft Day
Draft Day | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ivan Reitman | |
produsint | Ivan Reitman Ali Bell Joe Medjuck | |
senario | Rajiv Joseph Scott Rothman | |
kamerarezjy | Eric Steelberg | |
muzyk | John Debney | |
filmstudio | Odd Lot Entertainment The Montecito Picture Company | |
distribúsje | Summit Entertainment Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Kevin Costner Jennifer Garner | |
byrollen | Denis Leary Frank Langella Patrick St. Esprit Chadwick Boseman Josh Pence | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 april 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportdramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $29,5 miljoen |
Draft Day is in Amerikaansk sportdrama út 2014 ûnder rezjy fan Ivan Reitman, mei yn 'e haadrollen Kevin Costner en Jennifer Garner. De titel ferwiist nei de draft ("detasjearring") fan 'e National Football League (NFL), wêrby't op basis fan yngewikkelde regels troch profteams út it Amerikaansk fuotbal nije spilers ferdield wurde. It ferhaal fan 'e film draait om Sonny Weaver jr., de algemien direkteur fan 'e Cleveland Browns, dy't mei sawol problemen op it wurk as swierrichheden thús kampt wylst er ûnder swiere druk fan 'e fans syn team foar it kommende sportseizoen gearstelle moat. Draft Day krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is de moarn fan 'e draft ("detasjearring"), de dei dat de profesjonele Amerikaansk fuotbalteams fan 'e NFL fia in systeem mei yngewikkelde regels nije spilers kieze dy't harsels bewiisd hawwe yn 'e amateurtûke fan 'e sport, besteande út universiteitsteams. Sonny Weaver jr., de algemien direkteur fan 'e Cleveland Browns, stiet ûnder swiere druk. Hoewol't er syn funksje al twa jier beklaait, is it de earste kear dat er in goed team gearstalle kin. Yn syn earste jier urf er it besteande team fan syn foargonger (te witten: syn eigen heit, Sonny Weaver sr.). En yn syn twadde jier makke er in falske start doe't stjerspiler Brian Drew al rillegau útfoel troch blessueres.
De fans hawwe lykwols net folle fertrouwen yn Weaver, en hy leit yn Cleveland op in minne namme sûnt er syn heit, in ikoan fan 'e klub, ûntslein hat. Op it wurk botst Weaver op deistige basis mei Vince Penn, de trainer dy't troch syn heit oanlutsen is. Yn 'e priveesfear hat it resinte ferstjerren fan syn heit, in wike earder, ta spannings laat yn 'e bân mei syn mem. En krekt fan 'e moarn hat Ali Parker, de salarisanalyste fan 'e Browns, mei wa't er al in skoftke min oft mear temûk in relaasje ûnderhâldt, him ferteld dat se swier rekke is. Weaver syn minder as entûsjaste reäksje op dat nijs falt by har net yn goede ierde. Se seit dat se der alle begryp foar hat, en rasjoneel is dat miskien ek wol sa, mar it is Weaver dúdlik dat er wat goed te meitsjen hat, en dat kin er der hjoed no krekt net by hawwe.
De Seattle Seahawks hawwe by dizze draft it rjocht op 'e earste kar yn 'e earste omgong. Harren algemien direkteur, Tom Michaels, beslút syn foardiel te dwaan mei de druk dêr't Weaver ûnder stiet, troch oan te bieden om mei him te ruiljen: de earste kar yn 'e earste omgong fan 'e Seahawks dit jier tsjin 'e sânde kar fan 'e Browns yn 'e earste omgong dit jier mei dêropta de kar yn 'e earste omgong fan 'e Browns de folgjende trije jier. Dat is in tige hege priis, mar it soe Weaver by steat stelle om 'e heech oanskreaune quarterback Bo Callahan foar de Browns te kiezen. Hy slacht it oanbod yn 't earstoan ôf, mar Anthony Molina, de eigner fan 'e Browns, set him ûnder druk om by de draft 'wat spektakulêrs' te dwaan. Mei dêrom giet Weaver úteinlik dochs akkoart mei it foarstel fan Michaels.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De ruil lekt suver fuortendaliks út fia de sosjale media, en de fans fan 'e Browns binne der withoe entûsjast oer. De lieding fan it team en de spilers binne ferdield, wêrby't trainer Penn de opposysje oanfiert. Penn fynt yn it foarste plak de priis fierstente heech, mei't it opjaan fan 'e kar yn 'e earste omgong foar de kommende trije jier it dochs al net goed prestearjende team neffens him oer de râne fan 'e ôfgrûn helpe sil. Boppedat hawwe de Browns neffens him al in prima quarterback: Brian Drew. Dy syn blessueres soene no genêzen wêze, mar Weaver hat dêr syn twifels oer.
It útlekken fan 'e ruil is dien yn in twitterberjocht fan Vontae Mack, in linebacker fan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio, op wa't Weaver oarspronklik syn sinnen set hie om't er wist dat er Callahan net krije koe. Weaver skillet Mack op om him it leksum te lêzen, mar Mack hâldt út dat Weaver op it punt stiet in domme set te begean, en riedt him oan om nochris goed te sjen nei fideomateriaal fan in wedstryd tusken syn team en dat fan Callahan. Trainer Penn beävensearret dat Weaver opskille wurdt troch de algemien direkteur fan 'e Buffalo Bills, dy't him in ruil oanbiedt wêrby't Callahan nei de Bills ta gean soe, mar Weaver giet dêr net op yn. Dochs begjint er te twifeljen oan 'e kapasiteiten fan Callahan, dat hy jout de ôfdieling ûndersyk opdracht om nochris nei him te sjen.
Ut it ûndersyk komt oan it ljocht dat Callahan gjin teamspiler is, en as Weaver úteinlik tajout oan syn nijsgjirrigens en de bylden besjocht dêr't Vontae Mack him nei ferwiisd hat, docht bliken dat Callahan ek problemen hat mei prestearjen ûnder druk. Weaver syn twifels nimme ta, mar hy wurdt ôflaat troch syn oanhâldende besykjen om tusken de bedriuwen troch syn relaasjeproblemen mei Ali út te praten yn in foarriekast (om't dat it iennichste plak is dêr't se allinnich wêze kinne). In oare ôflieding, dy't Weaver no net brûke kin, is in lulke Brian Drew, dy't, út eangst om troch Callahan ferfongen te wurden, agressyf reägearret en Weaver syn kantoar koart en klien slacht. Dan komt syn mem ek nochris opdaagjen, dy't krekt hjoed de jiske fan syn heit útstruie wol oer it nei him ferneamde trainingsfjild.
Under de petearen mei Ali komt oan it ljocht dat syn ûntslaan fan syn heit justjes oars lei as dat de bûtenwacht oannimt. De âldman hie it nammentlik oan it hert, en it wurk waard him tefolle. Hy ferhipte it lykwols om út himsels op te stappen, oant Weaver syn mem him frege om syn heit dan mar te ûntslaan. Nei ferskate falske starts wit Weaver him mei Ali te fermoedsoenjen as er har úteinlik freget wat sy wol. Se seit dat se gjin geheim mear wêze wol.
As de live op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerde draft dy jûns begjint, wrakselet Weaver noch altyd mei wat er dwaan moat. Uteinlik skillet er syn kar troch nei de fertsjintwurdiger fan 'e Browns by de draft sûnder oerlis mei trainer Penn of syn oare neiste meiwurkers. As de kar fan 'e Browns op 'e tillefyzje bekendmakke wurdt, en it Vontae Mack blykt te wêzen, komt dat net inkeld foar Penn en de rest fan 'e lieding fan 'e Browns as in skok, mar ek foar Browns-eigner Molina, dy't by persoanlik by de draft oanwêzich is. Hy is poer en pakt daliks it fleantúch werom nei Cleveland om Weaver it mannewaar op te sizzen. Penn is ek sa lulk as in tuorre en driget ûntslach te nimmen.
De liedings fan 'e oare teams fan 'e NFL bliuwe ûnderwilens yn ferbjustering en betizing efter. Se freegje harren ôf oft Weaver soms wat oer Callahan wit dat sy net witte, en de earstfolgjende teams slane him oer om oare spilers te kiezen. De Seattle Seahawks wolle him lykwols noch altyd graach hawwe. Sy hawwe no de sânde kar (dy't oarspronklik fan 'e Browns wie), en Tom Michaels beskôget it as in bûtenkânske: hy hat Weaver witwat ôftroggele, en no kin er likegoed noch de spiler kieze dy't er dochs altyd al hawwe woe. En dat komt him goed út, want fanwegen de oerienkomst mei de Browns earder dy deis, wêrfan't eltsenien ferwachte dat dêrmei Callahan foar de Seahawks ferlern gean soe, is syn posysje swier ûnder druk kommen te stean.
Mar Weaver sjocht no in mooglikheid om wat werom te winnen foar de Browns. Hy nimt kontakt op mei Jeff Carson, de nije algemien direkteur fan 'e Jacksonville Jaguars, dy't de sechsde kar hawwe. Troch it links lizze litten fan Callahan binne de spilers dy't Carson op it each hie no troch oare teams keazen. Weaver riedt him oan om betinktiid te keapjen troch de sechsde kar oan him ôf te stean. Dat liket Carson wol wat, en de beide mannen komme oerien dat de Jaguars yn ruil dêrfoar de kar fan 'e Browns yn 'e twadde omgong fan 'e folgjende trije jier krije.
As dy oerienkomst beklonken is, skillet Weaver Tom Michaels op. Om't de Browns no noch in kear kieze meie foar't de Seahawks oan 'e beurt binne, driget er dermei om Callahan dochs noch foar de noas fan 'e Seahawks wei te kaapjen. Hy easket fan Michaels dat dy him net inkeld de kar fan 'e Browns yn 'e earste omgong fan 'e folgjende trije jier weromjout, mar ek noch punt returner David Putney oan 'e Browns ôfstiet. Nei spannende ûnderhannelings ûnder tiidsdruk jout Michaels ta. Dêrop kiest Weaver foar de sechde kar running back Ray Jennings, wêrmei't er ek trainer Penn tefreden stelt. De Seahawks kieze dêrnei yndie Callahan. Molina, dy't ûnderwilens wer yn Cleveland arrivearre is, kin allinne mar fêststelle dat Weaver mei syn hantsjebakken en gedraai yndie wat spektakulêrs dien hat.
De Browns fiere de útkomst fan 'e draft, dy't se as in grutte oerwinning fan it team sjogge. Weaver syn reputaasje by de Browns-fans is no feilich. As er nei it feest iepentlik mei Ali nei hûs giet, treffe se syn mem. Se lizze harren skeel by en syn mem lokwinsket him mei syn treflike prestaasje by de draft. Dêrop fertelt Weaver har dat se beppe wurdt.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Sonny Weaver jr. | Kevin Costner |
Ali Parker | Jennifer Garner |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Vince Penn | Denis Leary |
Anthony Molina | Frank Langella |
Tom Michaels | Patrick St. Esprit |
Vontae Mack | Chadwick Boseman |
Bo Callahan | Josh Pence |
Brian Drew | Tom Welling |
Barb Weaver | Ellen Burstyn |
Earl Jennings | Terry Crews |
Ray Jennings | Arian Foster |
Rick de stazjêr | Griffin Newman |
Walt Gordon | Chi McBride |
Ralph Mowry | W. Earl Brown |
Pete Begler | Wallace Langham |
Jeff Carson | Pat Healy |
Marvin | Kevin Dunn |
Chris Crawford | Sean Combs |
Max Stone | Christopher Cousins |
Bill Zotti | Patrick Breen |
coach Moore | Sam Elliott (cameo) |
Angie Weaver | Rosanna Arquette (cameo) |
himsels | Russ Brandon |
Marx | Timothy Simons |
himsels | Roger Goodell |
himsels | Jon Gruden |
himsels | Jim Brown |
himsels | Bernie Kosar |
himsels | Chris Berman |
Thompson | David Ramsey |
O'Reilly | Wade Williams |
himsels | Rich Eisen |
himsels | Ray Lewis |
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik soe Draft Day oer de Buffalo Bills gean, út Buffalo (New York), mar dêr kamen de Cleveland Browns út Cleveland (Ohio) foar yn it plak doe't bliken die dat de produksjekosten yn Ohio folle leger útfoelen as yn New York. De film waard regissearre troch Ivan Reitman nei in senario fan Rajiv Joseph en Scott Rothman. As produsinten wiene by it projekt belutsen Reitman sels, Ali Bell en Joe Medjuck foar de filmstudio's Odd Lot Entertainment en The Montecito Picture Company. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Eric Steelberg, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Debney.
It earste wat foar Draft Day filme waard, wiene de reäksjes fan fans by de echte draft fan 'e NFL fan 11 april 2013, sawol fan it publyk dat dêrby oanwêzich wie, as fan Browns-fans en pleatslike bars yn Cleveland. Cameo's mei echte persoanen, lykas NFL-kommissaris Roger Goodell en sportferslachjouwer Chris Berman waarden foarôfgeande en nei ôfrin fan dy draft filme. De eigentlike opnamen foar de film setten op 8 maaie 2013 útein. Foar Draft Day wie in budget beskikber fan $25 miljoen. De distribúsje fan 'e film waard fersoarge troch Summit Entertainment en Lionsgate Films. Draft Day gie op 7 april 2014 yn Los Angeles yn premiêre, wêrnei't de film op 11 april (draft-dei) iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Draft Day krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e Chicago Sun-Times joech Richard Roeper de film in 8 op in skaal fan 1 oant 10. Hy omskreau Draft Day as "in sentimintele, foarsisbere, soms ûnoannimlike, mar troch-fermaaklike âlderwetske film."
Jack Hamilton, fan 'e webside Slate hie der lykwols gjin goed wurdt foar oer. Hy skreau: "It 'filmmeitsjen' komt hjir del op derfoar te soargjen dat de kamera op minsken rjochte is dy't de plot fan 'e film oaninoar útlizze, it leafst wylst se logo's drage en foar mear logo's steane." Hy fûn ek dat de belutsenens fan 'e NFL by de film Draft Day te fleurich makke hie. "[It] is net sasear in film as wol in filmeftige infomercial foar in sympatikere, leafdefollere NFL." Dy organisaasje wie de ôfrûne jierren troffen troch arbeidskonflikten, skandalen en de oanhâldende krisis op it mêd fan CTE (groanyske traumatyske ensefalopaty, in harsensoandwaning dêr't Amerikaansk-fuotbalspilers oan lije troch it geweld op it fjild dêr't harren sport mei mank giet). Neffens Hamilton wie de reäksje fan 'e NFL op al dy tsjinrampen om noch hurder fêst te hâlden oan 'e eigen "fantasij fan paternalisme, en Draft Day is de pornofilm fan dy fantasij."
Andrew Brandt, in earder pleatsferfangend direkteur fan 'e Green Bay Packers, bekritisearre Draft Day om't de film neffens him "eltse wiere ôfskildering mist fan hoe't it om en ta giet by in NFL-team foarôfgeande oan en ûnder de draft." Ek fûn er Draft Day "minder reälistysk oer de sakekant fan sport as Jerry Maguire en Moneyball."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Draft Day in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 153 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It is bêst oangenaam foar sportfanaten en Costner-fans, mar oer it algemien makket Draft Day syn titel net wier om't [de film] tefolle fertrout op it soarte formulemjittige fertellen fan in ferhaal dêr't inkeld statistisy fan hâlde." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 33 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Draft Day brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen mar $28,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria net mear as $605.000. De totale opbringst wrâldwiid kaam dêrmei út op $29,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjutte dat in winst fan $4,5 miljoen, mar nei ôflûk fan marketingkosten makke de film eins in behoarlik ferlies. Yn 'e Amerikaanske bioskopen hie Draft Day frijwat konkurrinsje fan Captain America: The Winter Soldier, Rio 2 en Oculus, wêrfan't de lêste beide tagelyk mei Draft Day yn premiêre giene.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Draft Day
- (in) Ynformaasje oer Draft Day yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |