Springe nei ynhâld

Skandaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skandalen)

In skandaal (fan it Frânske scandale, mei deselde betsjutting) is in beskuldiging of fertochtmakking dy't de reputaasje fan bgl. in ynstitút, in bedriuw of in yndividueel persoan skea tabringt en dêrtroch yn 'e publike opiny de betrouberens fan sa'n ynstitút, bedriuw of persoan oantaast. It giet yn sa'n gefal faak om (ûndersteld) ûnfoech of ûnbetamsum, amoreel of krimineel hâlden en dragen, mei as motyf ynklauwerigens, lust of machtsmisbrûk, dêr't troch de media in soad oandacht oan skonken wurdt. In skandaal kin basearre wêze op 'e wierheid, op falske bewearings, of op in kombinaasje fan beiden. It kin ornaris kategorisearre wurde as polityk, seksueel, moreel of literêr of keunstsinnich, mar ferspriedt him gauris fan it iene mêd nei it oare. Yn 'e polityk leit oan skandalen net selden korrupsje te'n grûnslach.

Faak wurdt in skandaal yn 'e iepenbierheid brocht troch de media, as dy tafallich of troch ûndersykssjoernalistyk wat op it spoar komme dat net troch de bûgel kin en dan begjinne te graven om te sjen wat der noch mear foar 't ljocht komme sil. Dêrnjonken kin it ek dat in skandaal oan it rôljen komt troch de dieden fan in tipjouwer, klokkelieder of hacker, dy't soms nau belutsen is by de persoan, ynstelling of ûndernimming dy't yn it ramt fan it skandaal beskuldige wurdt fan ûntalitber gedrach. By aksjes fan sokke oanjouwers, dy't der soms mei nei de plysje geane, mar faker nei de media, kinne alderhanne motiven meispylje, lykas rankune of wraak, sjantaazje, rjochtfeardichheidsgefoel, winsucht of út wêzen op sensaasje of publisiteit.

In protte skandalen bringe oan 'e reputaasje fan 'e belutsen persoan, ynstelling of ûndernimming sa'n skea ta dat it publyk him dêr massaal fan ôfkeart en der neitiid altyd in beskaat wantrouwen tsjin koesteret. Doe't de Amerikaanske presidint Richard Nixon yn 1973 ôftrede moast fanwegen it Watergate-skandaal, koed er dêrnei syn negative reputaasje nea wer kwytwurde. De Dútske popgroep Milli Vanilli wie yn 1990 koarte tiid ûnbidige populêr, oant bekend waard dat se al harren nûmers playbackten, wêrnei't harren karriêre folslein ynstoarte. Skandalen hoege foar de belutsenen lykwols net beslist sokke grutte gefolgen te hawwen. Sa ûnderfûn de Amerikaanske presidint Ronald Reagan fan it Iran-Kontra-skandaal yn 1987-1988 gjin bliuwende swierrichheden, en trochstie de Amerikaansk presidint Bill Clinton it Lewinsky-skandaal yn 1998-1999 sûnder folle bliuwende skea oan syn reputaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.