Boek fan Tomas
Boek fan Tomas | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 1e of 2e iuw (?) |
It Boek fan Tomas, of it Boek fan Tomas de Iggewearder, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It moat net betize wurde mei it Evangeelje fan Tomas, it Berne-evangeelje fan Tomas, de Hannelingen fan Tomas of de Iepenbiering fan Tomas, dat allegear hiel oare geskriften binne. It Boek fan Tomas is in gnostyske en pseudepigrafyske tekst dy't yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei.
Titel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De titel fan it Boek fan Tomas is ûntliend oan 'e earste regel fan 'e tekst: "De geheime wurden dy't de ferlosser spriek ta Judas Tomas, dy't ik, myn eigenste sels, Mattias, opskreau, wylst ik kuierje en taharke hoe't hja tsjininoar sprieken." It losse kolofon dat oan it boek taheakke is, jout de titel as: De Iggewearder Skriuwend oan de Folsleine. "Judas Tomas" is in oare namme foar de apostel Tomas, en "Mattias" soe slaan kinne op 'e apostel Mattias (dy't nei de himelfeart fan Jezus Kristus keazen waard om 'e ferrieder Judas Iskariot te ferfangen; sjoch: Hannelingen fan de Apostels 1:15-26). As dat yndie de Mattias is dy't bedoeld wurdt, soe dit wurk it ferlern tochte Evangeelje fan Mattias wêze kinne, mar dêr is neat mei wissichheid oer te sizzen.
Teoryen en ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane twa tsjinstelde teoryen oer it Boek fan Tomas. Yn it foarste plak is it opfallend dat it earste trije fyfdepart fan 'e tekst út dialooch bestiet, en de rest út monolooch. Dat soe betsjutte kinne dat it wurk gearstald is út twa ûnderskate geskriften, dy't foartiid los faninoar bestiene. Oard binne guon saakkundigen fan tinken dat it Boek fan Tomas miskien oarspronklik in brief west hat, net yn it lêste plak fanwegen de titel yn it kolofon. De tekst soe dan letter grutdiels omset wêze yn in dialooch, wat yn 'e Aldheid in tige wenstige proazafoarm wie. Yn elts gefal is it Boek fan Tomas dúdlik gnostysk fan synjatuer, ek al ûntbrekt yn 'e tekst de gauris foarkommende yngewikkelde gnostyske kosmology. Mar de oerdracht fan geheime kennis (gnosis) oangeande de dualistyske striid fan goed tsjin kwea jout dúdlik it gnostyske gedachteguod fan 'e skriuwer oan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |