Mienskipsregel
Mienskipsregel | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 100 – 75 f.Kr. |
De Mienskipsregel is in sektaryske joadske tekst, foarhinne bekend ûnder de namme fan 'e Hânlieding foar Dissipline. It wie ien fan 'e earsten fan 'e withoefolle boekrôlen dy't tusken 1946 en 1956 ûntdutsen waarden yn alve grotten te Qumran, yn it Westjordaanlân, as ûnderdiel fan 'e skat oan âlde geskriften dy't bekend kommen is te stean as de Deade-Seerôlen. De Mienskipsregel, dy't wierskynlik in produkt fan 'e joadske sekte fan 'e essenen wie, is in tige wichtich dokumint, mei't it holpen hat om ek oare teksten te klassifisearjen as fan sektarysk komôf.
Oerlevering en belang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meast komplete manuskript fan 'e Mienskipsregel waard fûn yn Grot 1, en stiet no bekend as 1QS (Grot 1/Qumran/Serech, wat Hebriuwsk is foar regel). In grut tal oare fragminten fan deselde tekst binne ûntdutsen yn Grot 4 en 5, wylst twa oare geskriften, de Regel fan de Gemeente (1QSa) en de Regel fan de seiniging (1QSb) op deselde boekrôle delskreaun binne as de Mienskipsregel. Hoewol't der ûnder saakkundigen gjin unanime oerienstimming oer bestiet, wurdt der ornaris tocht dat de mienskip dy't yn 'e Mienskipsregel beskreaun wurdt, dy fan 'e essenen is. Op it mêd fan it joadske preesterskip grypt de tekst werom op 'e skiednis fan dat ynstitút, wêrby't referearre wurdt oan Aäron, de broer fan 'e profeet Mozes, dy't neffens it Alde Testamint fan 'e Bibel de earste preester en teffens de stamheit fan alle lettere preesters wie. Dêrmei biedt de Mienskipsregel teologen en histoarisy in nij ynsjoch yn 'e skiednis fan it Joadske folk en op 'e histoaryske ideeën en ûntwikkelings fan it joadske leauwe.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynhâld fan 'e Mienskipsregel wurdt wol sa yndield. Earst wurde de ideälen fan 'e mienskip opneamd (kolom i, regel 1-15). Dêrnei komme in stikmannich ferskillende ûnderwerpen op 't aljemint (kolom i, regel 16-kolom iii, regel 12): it ritueel om lid te wurden fan 'e mienskip; dat de ûnthjitten ienris yn 't jier fernijd wurde moatte; en de needsaak foar ynderlik bekearing. Dan wurdt in útlis jûn fan 'e dualistyske leauwensopfettings fan 'e sekte (kolom iii, regel 13-kolom iv, regel 26), folge troch in omsomming fan regels, eden, wetten oangeande bestjoer, beskrobbings en it preesterskip (kolom v, regel 1-kolom vii, regel 25). Dêrnei wurdt ferwiist nei in wiere, sprituële timpel (d.w.s. de mienskip), dy't yn 'e wyldernis fêstige is (kolom viii, regel 1-kolom x, regel 8), en de tekst beslút mei in lofsang op God (kolom x, regel 9-kolom xi, regel 22).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |