Oaden (Bibel)
Oaden | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ώδαὶ ("Odai") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | poëzij | |
skreaun | ûnbekend |
De Oaden, yn it oarspronklike Gryksk: Ώδαὶ, Odai, foarmje in tekst dy't yn 'e tsjerken fan it eastersk-otterdokse kristendom ta de kanon fan it Alde Testamint fan 'e Bibel rekkene wurdt, en dy't dêr in ûnderdiel útmakket fan of taheakke is oan it boek fan 'e Psalmen. Yn alle oare kristlike denominaasjes en it joadendom wurdt dizze tekst as apokryf beskôge. De âldst oerlevere ferzje fan 'e Oaden stiet yn 'e Codex Alexandrinus, in fiifde-iuwsk eksimplaar fan 'e Septuaginta. De ûnderskate "oaden" binne eins gebedens en hymnen, dy't sawol op it Alde as op it Nije Testamint slane. De earste njoggen foarmje de grûnslach foar de kanon dy't yn eastersk-otterdokse tsjerken songen wurdt ûnder de metten en by guon oare tsjinsten.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De haadstikken fan 'e Oaden binne sa (neffens Alfred Rahlfs syn krityske edysje fan 'e Septuaginta):
- Earste Oade fan Mozes (basearre op Exodus 15:1-19)
- Twadde Oade fan Mozes (basearre op Deuteronomium 32:1-43)
- Gebed fan Hanna, de Mem fan Samuël (basearre op 1 Samuël 2:1-10)
- Gebed fan Habakuk (basearre op Habakuk 3:2-19)
- Gebed fan Jesaja (basearre op Jesaja 26:9-20)
- Gebed fan Jona (basearre op Jesaja 2:3-10)
- Gebed fan Azarja (basearre op Azarja 3-43 oftewol Daniël 3:26-45)
- Lofsang fan 'e Trije Jongfeinten (basearre op Azarja 27-65 oftewol Daniël 3:52-88)
- Lofsang fan Marije (basearre op Lukas 1:46-55)
- Profesije fan Sacharias (basearre op Lukas 1:68-79)
- Liet fan Jesaja (basearre op Jesaja 5:1-9)
- Gebed fan Hizkía (basearre op Jesaja 38:10-20)
- Gebed fan Manasse (basearre op it Gebed fan Manasse)
- Gebed fan Simeön (basearre op Lukas 2:29-32)
- Liet fan 'e Iere Moarn (basearre op Lukas 2:14 en Psalmen 118:12 en 144:2)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |