Evangeelje fan Matteus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Evangeelje fan Matteus (meastentiids koartwei Matteus neamd) is in Evangeeljes yn it Nije Testamint. It is ien fan de trije synoptyske evangeeljes.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skriuwer

Neffens de kristlike tradysje wurdt de apostel Matteus sjoen as de skriuwer. Dy apostel wie nammentlik tollener - in belêstinginner - dy't in disipel waard fan Jezus. Lykwols gean de measte teologen der fan út dat it evangeelje net fan syn hân wie, mar troch in anonym persoan skreaun is.

Krektas by de oare evangeeljes, hie dizze skriuwer syn eigen plan en doel mei dit boek en skreau er it fanút syn eigen stânpunt.

[bewurkje seksje] Datearring

De moderne bibelwittenskip en de historiografy datearje it evangeelje fan Matteus sa tusken 70-80 n. Kr. Sy beskôgje it evangeelje as in anonym wurk dat gjin eachferslachtsjûgnis ynhâldt fan Jezus syn optreden. It meastepart fan de bibelwittenskippers giet der fan út dat Matteüs in Joad west hawwe moat dy't bot belutsen wie op de Toara. Hy wurdt faaks sjoen as in Farizeeër of sels as in skriftgelearde - dy't nei de dea fan Jezus in neifolger waard. Oaren datearje it evangeelje noch earder tusken 50 n. Kr. oant 60 n. Kr.)

[bewurkje seksje] Synopsis

De trije synoptyske evangeeljes Markus, Lukas en Matteus hawwe in protte teksten mien, wat tsjut op it brûken fan deselde boarnen. Neffens de twaboarneteory, dy't troch de measte gelearden sjoen wurdt as de ferklearring foar it synoptysk fraachstik, basearre Matteus him foar syn evangeelje op twa boarnen, te witten it evangeelje fan Markus en in hypotetyske samling siswizen en útspraken dy't troch teologen as boarne Q bekend stiet (ôfkoarting fan it Dútske Quelle).

Fan de 1071 fersen hat Matteus der 387 mien mei Markus en Lukas. Neist dizze fersen hat Matteüs der 130 oerien mei Markus en 184 mei Lukas. Mar 387 fan de fersen komme allinnich foar yn Matteus.

[bewurkje seksje] Boadskip

De útdrukkingsfoarm en de ynhâld wize derop, dat dit evangeelje skreaun waard foar de Joadse kristenen yn lân Israël. Mei as doel om oan te toanen dat Jezus de beloofde Messias is, en dat yn him de âlde beloften ferfold binne. It evangeelje stiet dan ek bol fan oanhellingen en ferwizings nei âlde profesyen, dêr't de beloofde Kristus yn foarsein en foarôfbylde waard.

It grutte doel dêr't it boek alhiel fan trochlutsen is, is om sjen te litten dat Jezus "him is dêr't Mozes en de profeten oer sprutsen hawwe". It evangeelje jout dan ek mear as 65 ferwizings nei it Alde Testamint, wêrûnder 43 sitaten, folle mear as yn ien fan de oare evangeeljes. It kin gearfetten wurde yn de wurden: "Ik bin net kommen om te ferneatigjen, mar om te ferfollen."

Der binne kritisy dy't guon passaazjes yn it boek antisemitysk fine en miene dat dizze de wize foarme hat dêr't in protte kristenen yn de joaden sjogge of sjoen hawwe, benammen yn de Midsieuwen. It meastepart fan dizze passaazjes waarden troch Jezus sein tsjin (de lieders fan) wichtige religieuske partijen yn dy tiid, en dêr't hy harren beskuldige fan skynhillichheid en in ferkeard begrip fan de Joadske religy.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen