Aldegea (Gaasterlân-Sleat)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldegea
Flagge fan Aldegea Wapen fan Aldegea
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldegea
Gemeente Gaasterlân-Sleat
Ynwennertal (2004) 270
Webstee Webste Aldegea-Kolderwâlde


Aldegea is in doarp yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, súdlik fan de Fluezen. It doarp hat likernôch 270 ynwenners (2004).

Foar de noardwestside fan Aldegea is in útwreidingsplan foar in 30 huzen. De tsjerke stiet yn it âldste diel (út de lette Midsieuwen), middenyn it doarp. It doarp krige in lintbebouwing trochdat letter fierder boud waard bylâns de tichtsmiten Wâldfeart en de Wâlddyk. Aldegea leit yn in iepen lânskip. Dit komt troch de polderûntginning yn de 19e ieu. De Ige Galamawei ferbynt Aldegea yn it noardeasten mei Ealahuzen en yn súdwestlike rjochting nei Kolderwâlde, Himmelum en Bakhuzen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Befolking

1954 - 357, 1959 - 361, 1964 - 311, 1969 - 273, 1973 - 263, 1994 - 232, 1999 - 261, 2004 - 270.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • De herfoarme tsjerke oan de Aldewei is oanwiisd as monumint.
  • De Skeakel is it multifunksjonele sintrum dêr't de skoalle in diel fan is.
  • Yn it wapen fan Aldegea stean in stins en in leelje, beide ferwizend nei de aadlike Galama's, famylje fan Ige Galama

[bewurkje seksje] Strjitten yn Aldegea

Aldewei, Algemiene Wei, Bokkeleane, Ige Galamawei, Klaas Gelkesstrjitte, Sanne Windwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen