Springe nei ynhâld

Washington, D.C.

Ut Wikipedy
WashMonument WhiteHouse.jpg
Emblemen
         
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Federaal distrikt District of Columbia
Gemeente Washington, D.C.
Sifers
Ynwennertal 632.323 (2012)
Oerflak 177 km²
Befolkingsticht. 3.977 / km²
Stêdekloft 5.703.948 (2012)
Hichte 0-125 m
Oar
Stifting 1791
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 38°54′17″N 77°0′59″W
Offisjele webside
www.dc.gov
Kaart
De lokaasje fan Washington, D.C. yn 'e Feriene Steaten.

Washington, D.C. is de haadstêd fan de Feriene Steaten fan Amearika. De ôfkoarting "D.C." stiet foar District of Columbia, de namme fan it spesjale federale distrikt dat yn it libben roppen is foar de Amerikaanske haadstêd, sadat dy net yn ien fan 'e steaten lizze soe. Washington, D.C. leit oan 'e rivier de Potomac, ynklamme tusken de steaten Firginia, yn suden en westen, en Marylân, yn it noarden en easten. Yn 2012 hie Washington, D.C. rûchwei 630.000 ynwenners, mar yn 'e stêdekloft dêr't it ta heard, dy't teffens dielen fan Firginia, Marylân en West-Firginia omfettet, wenje likernôch 5,7 miljoen minsken, wylst de gruttere ferstedske sône dêr't û.o. ek Baltimore ta rekkene wurdt, in befolking hat fan ûngefear 8,4 miljoen.

Steatkundige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa't yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstlein is, falt it federale District of Columbia, dat frijwol mei de stêd Washington lykslein wurde kin, ûnder de eksklusive jurisdiksje fan it Amerikaanske Kongres. Fan gefolgen is Washington, D.C. net fertsjintwurdige yn dat Kongres (dat ommers allinnich de steaten represintearret), en kinne ynwenners fan 'e stêd dus net stimme yn ferkiezings foar de Amerikaanske Senaat of it Hûs fan Offurdigen, wat in tear punt is foar de measte Washingtonsters. Foarhinne wie it noch minder, mei't de haadstedsjers doe likemin in stim hiene yn 'e ferkiezing fan 'e Amerikaanske presidint.

Ford's Theatre yn Washington, D.C., it plak dêr't yn 1865 presidint Abraham Lincoln fermoarde waard.
De kliber folk dy't yn 1963 ûnder Mars op Washington gearklofte om dû. Martin Luther King sprekken te hearren.

Desennialang protteljen oer dy sitewaasje soarge der yn 1961 foar dat mei it oannimmen fan it Trijeëntweintichste Amendemint de grûnwet sa oanpast waard dat de ynwenners fan Washington tenei ek meidwaan koene oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings. It haadstedske distrikt bringt dêr sûnt trije kiesmannen foar yn. Boppedat waard yn 1973 de saneamde Home Rule Act fan krêft, dy't derfoar soarge dat Washington, D.C. foar it earst in boargemaster en in gemeenterie krige, en dy't de oerdracht fan beskaat foech regele fan it Kongres nei it nije stedsbestjoer. It Kongres hat lykwols it rjocht holden om alle troch dat stedsbestjoer oannommen wetten te beoardieljen en sa nedich werom te draaien.

Troch it oannimmen fan 'e saneamde Residence Act besleat it Amerikaanske Kongres, dat oant dy tiid yn Philadelphia gearkaam, yn 1790, om in nije haadstêd bouwe te litten, yn in spesjaal dêrfoar yn it libben roppen federaal distrikt. De steaten Firginia en Marylân stiene dêrta elkmis in stik lân ôf, de al besteande plakken Georgetown (Marylân) en Alexandria (Firginia) ynbegrepen. De eigentlike stifting fan Washington fûn plak yn 1791, en de stêd waard neamd nei de earste presidint fan 'e Feriene Steaten, George Washington. Yn 1846 waard it súdlike part fan it District of Columbia, dat û.m. de stêd Alexandria omfette, troch in proses dat de Retrosesje neamd wurdt, troch it Kongres weromjûn oan Firginia. Sadwaande leit Washington, D.C. no hast hielendal benoarden de rivier de Potomac.

Yn Washington, D.C. binne alle trije tûken fan it Amerikaanske federale regear fêstige: it Kongres, de presidint en it Heechgerjochtshôf. De fysike skieding fan 'e machten, út it âlde stedsplan fan 1791, kin men noch altiten goed gewaarwurde út 'e stedsyndieling: oan 'e iene kant fan 'e National Mall stiet it Wite Hûs], dêr't de presidint as haad fan 'e útfierende macht syn sit hat, en oan 'e oare kant stiet it Kapitoal, dêr't it Kongres, as wetjaande macht, residearret. Guon fan 'e bekendste Amerikaanske regearingsgebouwen, lykas it Pentagon, dêr't it Amerikaanske Ministearje fan Definsje syn sit hat, steane eins bûten it District of Columbia, yn 'e steat Firginia. Njonken regearingsgebouwen binne der yn Washington 176 bûtenlânske ambassades fêstige, in grut ferskaat oan haadkertieren fan ynternasjonale organisaasjes, fakbûnen, non-profitorganisaasjes en lobbygroepen, en withoefolle museä en monuminten.

It Kapitoal, dêr't it Amerikaanske Kongres syn sit hat.

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Washington, D.C. yn 2012 in befolking fan 632.323 minsken. Dat kaam del op in befolkingstichtens fan 3.977 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Washington, D.C. 13,0% âlder as 65 jier en 24,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie sa'n 45% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2013 18,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 50,7% swarten; 34,8% blanken; 9,1% Latino's; 2,7% Aziaten; 0,3% Yndianen; 2,4% oaren of fan mingd etnysk komôf. Yn 2010 wennen der 81.734 ymmigranten yn Washinton, D.C., wêrfan't in protte ôfkomstich wiene út El Salvador, Fjetnam en Etioopje.

Berne yn Washington, D.C.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Wite Hûs, de residinsje fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten.
It Smithsonian Ynstitút runt 19 museä en in dieretún dy't fergees tagonklik binne.
It Tinkteken foar Lincoln.

Stoarn yn Washington, D.C.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Washington, D.C. hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte, neare simmers, waarme maitiden en hjersten en koele oant kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 31,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 6,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 20 july 1930 en –26 °C op 11 febrewaris 1899. Washington, D.C. kriget jiers trochinoar 1.009,4 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 39,1 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.