William Philo Clark
William Philo Clark | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | William Philo Clark | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 july 1845 | |
berteplak | ? (Feriene Steaten) | |
stoarn | 22 septimber 1884 | |
stjerplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1868 – 1884 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | kaptein | |
konflikt(en) | Grutte Sû-Oarloch fan 1876 | |
treffen(s) | Slach by Slim Buttes |
William Philo Clark (yn 'e Feriene Steaten, 27 july 1845 – Washington, D.C., 22 septimber 1884) wie in Amerikaansk militêr dy't yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy krige in beskate ferneamdheid, benammen yn taalkundige fermiddens, troch syn postúm publisearre boek The Indian Sign Language, dat beskôge wurdt as it standertwurk oer de Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Clark waard yn 1845 berne yn 'e Feriene Steaten. Hy sette yn 1864 útein mei in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1868 ôfstudearre. Neitiid waard er mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint, dêr't er de rest fan syn libben by tsjinje soe.
Clark wie de earste acht jier lykwols yn detasjearre tsjinst, en joech him pas oan 'e ein fan augustus 1876 by syn rezjimint. Dêr beklaaide er doe in funksje yn 'e stêf fan brigadegeneraal George Crook. Tsjin dy tiid wie de Grutte Sû-Oarloch al yn folle gong en hie Clark de Slach oan de Rosebud en de Slach oan de Little Bighorn mist. Hy wie lykwols al oanwêzich by Crook syn Hynstefleismars, dy't sa neamd waard om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen har eigen hynders opite moasten. Op 9 septimber naam Clark diel oan 'e Slach by Slim Buttes, wêrby't Crook syn troepen it Oglala-kamp fan it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere ferwuostgen.
Neitiid tsjinne Clark yn in ferskaat oan stêffunksjes foar generaal Philip Sheridan, oant er yn 1884 mei 39 jier hommels kaam te ferstjerren yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Nei syn dea krige Clark yn taalkundige fermiddens bekendheid troch de publikaasje, yn 1885, fan syn boek The Indian Sign Language, it earste wittenskiplike wurk dat oan 'e Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal wijd wie. Dêrta hearde in alomfetsjend leksikon fan gebearten, mei dêroan tafoege djipdollende kommentaren oer de skiednis en de ûnderskate kultueren fan 'e Yndiaanske folken dy't gebrûk makken fan sokke gebearten. Dit boek wurdt as it standertwurk oangeande de Flakte-Yndiaanske Gebeartetaal beskôge, en der ferskine noch altyd nije printingen fan.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |