Luther Hare
Luther Hare | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Luther Rector Hare | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 augustus 1851 | |
berteplak | Greencastle (Indiana) | |
stoarn | 22 desimber 1929 | |
stjerplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1874 – 1903 1908 – 1911 1918 – 1919 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | brigadegeneraal (sûnt 1900) | |
befel | L Komp./Am. 7e Kav.reg. | |
konflikt(en) | Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Nez Persé-Oarloch Apache-Oarloggen Geastedûnsoarloch Spaansk-Amerikaanske Oarloch Filipynsk-Amerikaanske Oarloch | |
treffen(s) | Slach oan de Little Bighorn Slach by Canyon Creek Slach by San Jacinto |
Luther Hare (folút: Luther Rector Hare; Greencastle (Indiana), 24 augustus 1851 – Washington, D.C., 22 desimber 1929) wie in Amerikaansk militêr fan Ingelsk komôf dy't û.m. yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de Nez Persé-Oarloch en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en oerlibbe de ferneamde Slach oan de Little Bighorn. Neitiid brocht er it ta de rang fan brigadegeneraal.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hare waard yn 1851 berne yn Greencastle, yn 'e Amerikaanske steat Indiana, as de soan fan politikus Silas Hare (1827-1908) en dy syn frou Octavia Elizabeth Rector (1833-1890). Hy hie twa jongere bruorren, Silas jr. en Henry, en in jongere suster, Eula Belle, dêr't er njoggentjin jier mei skeelde. Yn 1853, doe't Hare noch mar in pjut fan twa jier wie, ferhuze it gesin nei Teksas, dêr't er opgroeide. Hy sette yn 1870 útein mei in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1874 ôfstudearre as op 24 nei bêste kadet fan in klasse fan 41 man.
Tsjinst ûnder de Flakte-Yndiaanske oarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 17 juny 1874 waard Hare oansteld as twadde luitenant, en letter dat jiers waard er tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Hy waard ûnderbefelhawwer fan K Kompanjy, ûnder luitenant Edward S. Godfrey. Under de simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch, tsjinne Hare fanôf de jûn fan 24 juny as plakferfangend haad fan 'e Yndiaanske ferkenners fan it 7e Kavaleryrezjimint, ûnder tafersjoch fan luitenant Charles Varnum.
Under de ferneamde Slach oan de Little Bighorn, dy't op 25 juny plakfûn, makken Varnum, Hare en de measten fan 'e ferkenners diel út fan it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat it Yndiaanske doarp dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana ûntdutsen wie, út it suden wei oanfoel. Dêrby waarden de ferkenners op 'e lofterflank fan Reno syn liny fan trije kompanjyen pleatst, om't de rjochterflank beskerme waard troch ticht strewelleguod dat by in bocht fan 'e rivier lâns groeide. Troch de grutte nûmerike oermacht fan 'e Lakota en Sjajinnen waard Reno lykwols al rillegau twongen om him werom te lûken. Dy weromtocht rûn út op in gaoatyske flecht, wêrby't Reno hast in trêdepart fan syn mannen ferlear. It oansleine detasjemint naam posysje yn op in klif oare kant de rivier, dêr't se koarte tiid letter fersterke waarden troch it detasjemint fan kaptein Frederick Benteen. Neitiid waarden de troepen op it klif, dêr't ek Varnum ta hearde, oardel dei lang belegere troch de Yndianen foar't se ûntset waarden troch de oankomst fan farske Amerikaanske troepen. Yn 'e tuskenlizzende perioade tsjinne Hare as adjudant fan majoar Reno, mei't luitenant Benjamin Hodgson, dy't dy rol oarspronklik ferfolle hie, by de weromtocht oer de rivier omkommen wie.
Nei de slach waard Hare it kommando oer L Kompanjy fan 'e 7e Kavalery taskikt. Yn 1877 naam er diel oan 'e Nez Persé-Oarloch, wêrby't er yn 'e Slach by Canyon Creek, yn westlik Montana, tsjin 'e Nez Persé focht. Op 21 juny 1878 troude er mei Augusta Virginia Hancock, in omkesizzer fan generaal Winfield Scott Hancock, in held út 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Syn frou skonk Hare trije dochters, Camilla, Mary en Irene, mar harren houlik rûn úteinlik út op in skieding.
Lettere tsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn jannewaris 1879 tsjûge Hare yn Chicago foar it Hof fan Undersyk dat gearroppen wie op oanfraach fan majoar Reno, dy't beskuldige wie fan leffens en plichtsfersom ûnder de Slach oan de Little Bighorn en op dy wize syn namme suverje woe. Yn 1896 tsjinne Hare yn 'e Apache-Oarloggen yn it Amerikaanske Súdwesten, en yn 1890 wied er belutsen by it kweaferneamd Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't it Amerikaanske Leger ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Hare waard op 29 desimber 1890 befoardere ta kaptein.
Op 14 juny 1898 waard Hare befoardere ta kolonel fan it Teksaanske 1e Kavaleryrezjimint, dêr't er letter dat jiers mei nei Kuba ta stjoerd waard om te fjochtsjen yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Op 5 july 1899 waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 33e Frijwillige Ynfanteryrezjimint, dêr't er mei útstjoerd waard nei de Filipinen (in eardere Spaanske koloanje dy't de Amerikanen yn 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch ferovere hiene), om yn 'e Filipynsk-Amerikaanske Oarloch te fjochtsjen. Foar syn rol yn 'e Slach by San Jacinto, op 11 novimber 1899, en foar betoande moed by in gefjocht op noardlik Luzon, op 4 desimber fan dat jier, waard Hare twaris de Silver Star takend.
Lettere jierren en dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 juny 1900 waard Hare befoardere ta brigadegeneraal. Hy swaaide op 16 juny 1903 út it Amerikaanske Leger ôf fanwegen lichaamlike swierrichheden, mar kearde letter noch ferskate kearen yn 'e tsjinst werom. Fan 1908 oant 1911 wied er heechlearaar kriichskunde oan 'e Universiteit fan Teksas, en fan 1918 oant 1919 oan it Simmons Kolleezje te Boston. Yn febrewaris 1919 loek er him definityf út it leger werom. Hare kaam yn 1929 yn 'e âlderdom fan 78 jier oan kielkanker te ferstjerren yn it Walter Reed Hospital yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, fuortby de Amerikaanske haadstêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaansk generaal
- Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876
- Persoan yn de Nez Persé-Oarloch
- Persoan yn de Apache-Oarloggen
- Persoan yn de Geastedûnsoarloch
- Persoan yn it Wylde Westen
- Amerikaansk militêr yn de Spaansk-Amerikaanske Oarloch
- Amerikaansk militêr yn de Filipynsk-Amerikaanske Oarloch
- Amerikaansk heechlearaar
- Amerikaansk kriichskundige
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Persoan berne yn 1851
- Persoan stoarn yn 1929