Springe nei ynhâld

Twatsjettels

Ut Wikipedy
E’asápa, in opperhaad fan 'e Twatsjettels, skildere yn 1832 troch George Catlin.

De Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles, útspr.: [tu: 'kɛɾəls]; Lakota: O’óhenuŋpa, útspr.: [o'ʔo:henũpa]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota of Titon (Teton). Yn 'e mande mei de Dakota foarmje de Lakota de gruttere etnyske groep fan 'e , in Yndiaanske konfederaasje dy't fan likernôch 1730 oant 1880 oardel iuw lang it noardlike part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw mei it Amerikaanske leger útfochten, en dêr wiene de Twatsjettels ek by belutsen.

De Ingelske namme foar de Twatsjettels, Two Kettles (wat "Twa Tsjettels" betsjut) is in rûge oersetting fan harren eigen namme foar harsels, O’óhenuŋpa, wat "Dy't Twaris Siede" betsjut. Mei de Minnikonzjû en de Sâns Arks, twa oare substammen fan 'e Lakota, binne de Twatsjettels it naust besibbe, en mei-inoar wurde dy trije substammen wol de Sintrale Lakota neamd.

De Twatsjettels foarmje ien fan 'e jongste Lakota-stammen; se hearden oarspronklik ta de Minnikonzjû, en makken har dêr pas om 1840 hinne fan los. De earste kear dat de Twatsjettels neamd waarden yn dokuminten dy't opsteld wiene troch blanken, wie yn 1843, doe't se likernôch 800 minsken telden. Se wiene op te dielen yn twa haadtroepen, de Wiere Twatsjettels en de Ma Waȟóta ("Dy't de Hûd Besmarre mei Witige Ierde").

Hjoed de dei libje de Twatsjettels frijwol allegearre yn 'e Feriene Steaten. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is dreech te sizzen, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Mei trije oare Lakota-substammen, de Minnikonzjû, Sâns Arks en Swartfuotten (net te betiizjen mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten), foarmje de Twatsjettels de federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme (Cheyenne River Sioux Tribe), mei 16.000 leden. De stamme hat in eigen reservaat yn 'e foarm fan it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't in grut part fan 'e Twatsjettels tsjintwurdich noch altiten libbet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota