The Sapphires (film)

Ut Wikipedy
The Sapphires
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Wayne Blair
produsint Rosemary Blight
Kylie Du Fresne
senario Keith Thompson
Tony Briggs
basearre op it toanielstik fan Tony Briggs
kamerarezjy Warwick Thornton
muzyk Cezary Skubiszewski
filmstudio Goalpost Pictures
distribúsje Hopscotch Films (Austraalje)
The Weinstein Company (N.-Am.)
spilers
haadrollen Deborah Mailman
Jessica Mauboy
Chris O'Dowd
Miranda Tapsell
Shari Sebbens
byrollen Don Battee
Tory Kittles
Eka Darville
Kylie Belling
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
premiêre 9 augustus 2012
foarm langspylfilm
sjenre histoarysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $8-10 miljoen
opbringst $20,4 miljoen
prizen 11 × AACTA Award

The Sapphires is in Australyske histoaryske komeedzjedramafilm út 2012 ûnder rezjy fan Wayne Blair, mei yn 'e haadrollen Deborah Mailman, Jessica Mauboy, Chris O'Dowd, Miranda Tapsell en Shari Sebbens. De titel betsjut "De Saffieren". It ferhaal giet oer fjouwer Australyske Aboriginal-froulju dy't in band (The Sapphires) foarmje en yn 1968 op toernee geane yn Fjetnam, om dêr ûnder de Fjetnamoarloch op te treden foar de Australyske en Amerikaanske troepen. De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen helle The Sapphires in opbringst fan mear as dûbel syn budget binnen, wat in goed resultaat is foar in ûnôfhinklike film. Yn 2013 wûn de film alve AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1968 dogge de susters Gail en Cynthia McCrae, Australyske Aboriginals út it Cummeragunja Reservaat, mei oan in talintejacht yn in deunby lein plak yn 'e Australyske outback. Harren jongste suster Julie wol ek mei, mar mem Geri leit dêr it near op om't Julie in jonkje hat dêr't se foar soargje moat en boppedat sels noch te jong is. Julie leit har dêr lykwols net by del en yntimidearret in buorman om har meiride te litten nei it plak fan 'e talintejacht.

De susters, dy't harrensels de Cummeragunja Songbirds neame, sjonge op 'e talintejacht in countryferske en binne dúdlik de bêste act fan 'e hiele show, mar om't se Aboriginals binne, wurde se troch de blanke Austraaljers mei de nekke oansjoen en harren optreden wurdt negearre. De talintejacht wurdt wûn troch in toandôf blank famke. Dave Lovelace, in alkoholistyske Ierske talintescout dy't by de organisaasje fan 'e talintejacht belutsen is, lit Merle, de eigneresse fan it pleatslike hotel dêr't de show holden wurdt, witte wat er fan har beslissing fynt om 'e Cummeragunja Songbirds de wolfertsjinne oerwinning te ûnthâlden. Dêrop kriget er fuortendaliks dien.

Bûtendoar wurdt Dave oansprutsen troch Julie, dy't yn in krante in oprop fûn hat foar bands om audysje te dwaan foar in toernee by de Australyske en Amerikaanske troepen yn Fjetnam lâns. Dat liket Dave en ek Gail earst wol nei fleanen, mar Julie is net op har mûle fallen en kin harren mei wurden wol oer. Ek spilet mei dat Dave op 't heden finansjeel alhiel oan 'e grûn sit. De susters krije him safier dat er fuortendaliks nei in tillefoansel ta giet om in audysje yn Melbourne te regeljen, wat him slagget. Dêrby ferbynt er himsels oan 'e fammen as harren manager.

Neitiid giet Dave mei de susters werom nei it Cummeragunja Reservaat, dêr't er harren âldelju Selwyn en Geri sjen moat te bepraten om tastimming te krijen en nim harren dochters mei de Fjetnamoarloch yn. Uteinlik meie Gail en Cynthia mei, mar Geri wol Julie út noch yn net gean litte. As Dave dêr tsjinyn leit dat Julie de bêste stim hat en dat it sûnder har neat wurdt, fermurwet dat Geri net, mar Selwyn riedt de fammen oan om harren nicht Kay te freegjen. Kay is ien fan 'e Stellen Generaasje, Aboriginal-bern mei sa'n ljochte hûdskleur dat se wol foar blanken trochgean kinne, dy't troch de Australyske oerheid by de eigen âlden weihelle binne om troch blanken grutbrocht te wurden. Mei har hawwe de susters al yn gjin tsien jier kontakt hân, mar beppe Theresa hat Kay har adres yn Melbourne witten te bemachtigjen. Ear't se dêrhinne ôfsette, nimt Selwyn Dave apart om him yn te druien goed foar syn dochters te soargjen. Dave ûnthjit dat er syn libben jaan sil om dat fan 'e fammen te rêden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Melbourne oankommen, sykje Gail en Cynthia daliks Kay op, dy't dêr no libbet as wie se blank. Se komme har folslein oer it mad mei de fraach oft se mei wol nei Fjetnam, en Gail rint lulk fuort as hja net drekt tabyt. Letter jout Kay har dochs noch by de oaren, en boppedat komt Julie opdaagjen, dy't mei help fan har heit en har beppe op 'e nij út Cummeragunja útnaaid is. Se hiere in kelder yn Melbourne dêr't se repetearje kinne. Dave nimt de ûntankbere taak op him om Gail, de âldste suster, oan te sizzen dat se it talint der net foar hat om lead-sjongster te wêzen, en dat Julie dat ynstee wurde moat. Dat komt foar Gail as in bittere pil, mar as de oare fammen harren by Dave syn beoardieling oanslute, leit se har derby del.

Krekt foar de audysje jout Julie oan Cynthia in brief fan har ferloofde Jimmy, dy't er har meijûn hie mar dy't se fergetten wie. Yn it brief blykt Jimmy de ferloving op te sizzen. Nettsjinsteande dat slagget de audysje goed. As de kommisje fan it Amerikaanske Leger dy't de audysjes ôfnimt, harren útnûget foar it toernee troch Fjetnam en om 'e namme fan 'e band freget, blykt lykwols de namme 'Cummeragunja Songbirds', dêr't Dave ek al muoite mei hie, net te foldwaan. Kay har each falt op 'e saffier yn Cynthia har ferlovingsring en jout ympulsyf de namme fan 'e groep as The Sapphires.

Yn Fjetnam binne The Sapphires in grut súkses by de troepen, mar ûnderlinge konflikten driigje de band útinoar te skuorren. Gail stelt har nei bûten ta tige agressyf op, en Dave moat it ferskate kearen wat behimmelje as se in grutte mûle opset tsjin lju wa har meiwurking ferlet fan is. Kay wrakselet mei har identiteit: se is in Aboriginal, mar mei in sa ljochte hûdskleur dat nimmen dat oan har sjocht, en se is de lêste tsien jier grutbrocht yn 'e blanke maatskippij. De earste deis yn Fjetnam rint se fuort al de tige oantreklike Afro-Amerikaanske soldaat Robby letterlik tsjin it liif. As se meitiid in relaasje mei him kriget, soarget se derfoar dat se him eksplisyt fertelt dat se krekt as him swart is, "mar ljochtswart".

Julie, dy't fierwei de meast talintearre sjongster fan 'e groep is, wurdt troch harren kontaktpersoan yn Fjetnam, de Amerikaan Myron Richie, útornearre foar in mooglike solokarriêre yn 'e Feriene Steaten, wat de oare trije fammen op it sear komt. Cynthia is nei it ferbrekken fan 'e ferloving troch Jimmy fan doel om safolle mooglik de blomkes bûten te setten, en jout har ferskate kearen oer oan drank en seks mei soldaten, ta argewaasje fan Gail en Julie, dy't har hâlden en dragen ûnprofesjoneel fine. En tusken Gail en Kay broeit it al fan it begjin ôf oan, om't Gail, dy't tsien jier lyn as âldste foar de oare bern soargje moatten hie, harsels de skuld jout fan 'e ûntfiering fan Kay troch de autoriteiten, wêrby't se dy skuldgefoelens op Kay projektearret. Uteinlik komt it sels ta slaanderij tusken harren beiden, mar dêrnei liket de kjeld út 'e loft te wêzen. Fierders bringt Dave syn alkoholisme de hiele groep yn gefaar.

Underwilens komt Dave ta it besef wêrom't Gail har sa agressyf hâldt en draacht. Sa't er it yn in petear mei har ûnder wurden bringt: sy is de bearinne en de oare trije fammen binne har welpkes. Tusken Dave en Gail begjint in foarsichtige românse te groeien, mar as útkomt dat Dave troud is, rekket harren relaasje yn swierwaar. Dyselde jûns moatte The Sapphires optrede yn Nha Trang. Yn 'e kûlissen langet Dave oan Gail in brief oer om letter te lêzen, wêryn't er alles útleit. Krekt as it optreden begjinne sil, wurdt de basis oanfallen troch de Vietcong. Dave bringt Gail en Cynthia nei in helikopter ta, mar ferliest de oare beide fammen út it each. Him oan syn ûnthjit oan Gail har heit hâldend, bejout er him troch in rein fan kûgels werom nei de basis om Julie en Kay te sykjen, dy't lykwols al mei Robby yn in oare helikopter sitte. Wylst har helikopter oer de basis hinne fuort fljocht, sjocht Gail hoe't Dave, yn it tsjuster maklik werom te kennen as de iennichste yn in wyt oerhimd, delsketten wurdt.

Werom yn Saigon brekt Gail har hert as se yn it brief fan Dave lêst dat er al mear as tsien jier fan syn frou ferfrjemde is en in skieding oanfrege hat. Hy beskriuwt hoe't er al op 'e talintejacht fereale op har rekke is en ek dat er de lokkichste man fan 'e wrâld wêze soe as sy mei him trouwe wolle soe. Dyseldichste jûns komt it nijs dat yn Memphis Martin Luther King fermoarde is. Myron Richie freget The Sapphires om nettsjinsteande alles dy jûns dochs op te treden, om't de Afro-Amerikaanske soldaten dêr no mear ferlet fan hawwe as ea. Under it optreden arrivearret Robby mei it nijs dat Dave noch libbet en swierferwûne yn it sikehûs leit. Gail siket him dêr op en jout him tawurd en tutet him foar de earste kear.

The Sapphires meitsje harren toernee ôf en keare mei Dave werom nei Austraalje, dêr't Dave oan Gail har heit tastimming foar harren foarnommen houlik freegje moat. Selwyn pleaget him troch te sizzen dat er dan earst wol neaken mei de wyldernis yn moat foar in inisjaasjerite, mar Gail ropt har heit ta dat er net sa flau dwaan moat. Robby sil nei Austraalje oerkomme sadree't er ferlof hat, om syn relaasje mei Kay fuort te setten. The Sapphires jouwe dy jûns yn Cummeragunja in optreden yn 'e iepen loft foar famylje en freonen mei in platte wein as poadium.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deborah Mailman.
Jessica Mauboy.
Chris O'Dowd.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Gail McCrae Deborah Mailman
Julie McCrae Jessica Mauboy
Dave Lovelace Chris O'Dowd
Cynthia McCrae Miranda Tapsell
Kay McCrae Shari Sebbens


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Myron Richie Don Battee
Robby Tory Kittles
Hendo Eka Darville
mem Geri McCrae Kylie Belling
heit Selwyn McCrae Gregory J. Fryer
beppe Theresa McCrae Lynette Markle
luitenant Johnson T.J. Power
Evelyn McCrae Tammy Anderson
Jimmy Middleton Meyne Wyatt
Stevie Hunter Page-Lochard
de jonge Gail Tanika Lonesborough
de jonge Julie Miah Madden
de jonge Cynthia Ava Jean Miller-Porter
de jonge Kay Nioka Brennan
de jonge Jimmy Carlin Briggs
omke Ed Rhys Muldoon
Merle Judith Lucy
Glynis Georgina Haig
marinierssersjant Beau Brady

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basis yn wiere foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal fan The Sapphires is basearre op wiere foarfallen. Der wie yn 'e 1960-er jierren in echte frouljusband dy't sa hiet, besteande út trije Aborginal-froulju fan it Yorta Yorta-folk. Dat wiene Laurel Robinson, Beverly Briggs en Naomi Mayers, dy't optredens fersoargen yn hotels, pubs, teäters, nachtklubs, kazernes en universiteiten en op feesten en jierdagen yn Melbourne en de krite dêromhinne. Doe't se útnûge waarden om yn Fjetnam foar de troepen op te treden, heakken Briggs en Mayers ôf, om't hja op 'e oarloch tsjin wiene.

Robinson ronsele har suster Lois Peeler en twaresom setten se ôf nei Fjetnam, dêr't se eftergrûnsang fersoargen foar in Nijseelânske Maöary-band wêrmei't se earder yn Melbourne ek gearwurke hiene. It wie dy Maöary-band dy't de froulju yn 'e kunde brocht mei soulmuzyk; Dave Lovelace is in optocht personaazje sûnder wjergader yn 'e wurklikheid. Robinson en Peeler sliepten op it poadium en hiene ûnderfinings dy't harren har hiele libben bybleaune. "It wie sa grizelich," sei Robinson yn 2010 yn in fraachpetear, "op in nacht gie der in bom ôf en it bêd sakke troch de poaten en alles skodde."

Toanielstik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robinson wie de mem fan toanielskriuwer Tony Briggs, dy't him yn 2004 troch de ûnderfinings fan syn mem en muoike ynspirearje liet ta it skriuwen fan in toanielstik, dat The Sapphires kaam te hjitten. Behalven oan it toernee ûnder de Fjetnamoarloch bestege dat ek benammen oandacht oan 'e Australyske boargerrjochtebeweging fan 'e Aboriginals. It stik waard yn 2004 foar it earste opfierd yn Melbourne en rûn yn 2005 yn Sydney. Yn 2010 wie der in revival yn dy plakken, en yn 2011 ferhuze de opfiering earst nei Adelaide en doe nei Londen.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Sapphires waard yn 2010 oankundige as in ferfilming fan it toanielstik fan Briggs. Regisseur Wayne Blair wurke dêrby op basis fan in senario dat skreaun wie troch Briggs sels en Keith Thompson. As produsinten hiene Rosemary Blight en Kylie Du Fresne de lieding oer it projekt yn opdracht fan filmstudio Goalpost Pictures. Der wie in budget fan $8 oant 10 miljoen foar The Sapphires beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Warwick Thornton, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Cezary Skubiszewski.

Aktrise Deborah Mailman, dy't yn 'e oarspronklike opfiering fan it toanielstik, yn 2004, de rol fan Cynthia spile hie, waard foar de film cast yn 'e rol fan Gail. De ferneamde Australyske sjongster Jessica Mauboy waard cast yn 'e rol fan Gail har jonge suster Julie, wylst de ûnbekende aktrises Miranda Tapsell en Shari Sebbens de rollen fan Cynthia, resp. Kay taparte krigen. De Ierske akteur Chris O'Dowd waard cast as Dave Lovelace, de manager fan 'e band. De opnamen fûnen yn augustus en septimber 2011 plak, foar it meastepart yn Nij-Súd-Wales, hoewol't letter in pear sênes op lokaasje yn Fjetnam filme waarden.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Sapphires waard yn Austraalje fersoarge troch Hopscotch Films en yn Noard-Amearika troch The Weinstein Company. De film waard op 19 maaie 2012 foar it earste fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De earste fertoaning yn Austraalje fûn plak op 2 augustus yn it ramt fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Melbourne. The Sapphires iepene dêrnei op 9 augustus 2012 yn 'e Australyske bioskopen.

Sjongster en aktrise Jessica Mauboy (rj.) sjongt yn 2013 op it Mbantua Festival yn Alice Springs, yn it Noardlik Territoarium it liet Ngarra Burra Ferra út 'e film mei learlingen fan 'e Yipirinya Steatsbasisskoalle.

It soundtrackalbum fan 'e film wie al op 27 july 2012 útkommen mei sang fan û.o. Jessica Mauboy. In orizjineel liet út 'e film, Gotcha, dat skreaun wie troch Mauboy, Ilan Kidron en Louis Schoorl, waard op 13 july as single útbrocht. Twa wiken nei 't it album útbrocht wie, berikte it it earste plak yn 'e Australyske albumlisten.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Sapphires ûntfong oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't de film gauris ferlieken mei it Amerikaanske Dreamgirls, dat ek oer in swarte frouljuspopgroep yn 'e 1960-er jierren giet. Yn 'e Britske krante The Guardian joech Henry Barns The Sapphires 3 fan 5 stjerren. Fiona Williams fan SBS parte de film 31/2 fan 5 stjerren ta en skreau "der is in soad om fan te hâlden, noch mear om lije te meien […] en genôch ferheffende muzyknûmers om 'e mindere stikken goed te meitsjen." Yn it Amerikaanske tydskrift Variety hie Guy Lodge benammen lof foar it aktearjen fan Chris O'Dowd, dy't neffens him "it spul geande hâldt sels as it skript net mear brûzje wol."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Sapphires in tige heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 131 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't er sentiminteel en bot foarsisber is, beskikt [de film] ek oer in ûnwjersteanbere feel-good vibe, prachtige muzyk en mear as genôch sjarmante aktearoptredens." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Sapphires brocht yn 'e bioskopen yn Austraalje $14,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $6,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $20,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $8 oant 10 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $10,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dat wie hielendal gjin raar resultaat foar in ûnôfhinklike film.

Yn Austraalje wie The Sapphires ien fan 'e bêste prestearjende films fan 2012. Om utens wiene de resultaten ferskillend. Yn 'e Feriene Steaten die de film it swak en brocht er $2,5 miljoen op. Yn it Feriene Keninkryk bedroech de opbringst £681.000. Yn Frankryk flopte The Sapphires yn 'e bioskopen en brocht er mar $36.000 op. Yn sawol Dútslân as Nederlân wie de opbringst $100.000, wat fansels betsjut dat de film it yn it folle lytsere Nederlân folle better die as yn Dútslân.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Sapphires wûn de publykspriis foar bêste ferheljende spylfilm op it Filmfestival fan Denver en waard ek nominearre foar de Australyske ARIA Music Award foar bêste orizjinele soundtrack.

By de AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen, stiel The Sapphires yn 2012 de show troch fan tolve nominaasjes alve prizen te winnen. Allinne de nominaasje foar bêste special effects gie earne oars hinne. De film wûn de AACTA Awards foar: bêste film, bêste regisseur (Wayne Blair), bêste akteur (Chris O'Dowd), bêste aktrise (Deborah Mailman), bêste byrol fan in aktrise (Jessica Mauboy), bêste adaptearre senario (Keith Thompson en Tony Briggs), bêste kamerarezjy (Warwick Thornton), bêste filmmontaazje (Dany Cooper), bêste lûd (Andrew Plain, Bry Jones, Pete Smith, Ben Osmo, John Simpson), bêste produksje-ûntwerp (Melinda Doring) en bêste kostúmûntwerp (Tess Schofield).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.