ARIA Music Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
ARIA Music Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Australia (converted).svg Australysk
útrikt foar muzyk
útrikt troch ARIA
frekwinsje 1x jiers
datum novimber
plak Sydney (Nij-Súd-Wales)
ynsteld 1987
1e útrikking 1987
offisjele webside
www.ariaawards.com.au

De ARIA Music Awards of ARIA Awards (eins folút: Australian Recording Industry Association Music Awards; "Muzykprizen fan de Feriening fan de Australyske Plate-yndustry") binne in groep Australyske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de de bêste muzikale wurken en de bêste muzykartysten fan it foargeande jier. De tawizing en útrikking fan 'e prizen is yn 'e hannen fan 'e Australian Recording Industry Association. De ARIA Music Awards wurde útrikt sûnt 1987, en binne de wichtichste muzykprizen fan Austraalje.

Der binne in grut tal kategoryen, dy't ûnderferdield wurde kinne yn fiif groepen. De "echte" ARIA Awards binne prizen foar muzikale wurken en artysten út 'e popmuzyk en oar populêre muzyksjenres. Dêrnjonken besteane ek de saneamde Fine Arts Awards, foar û.m. klassike muzyk en jazz, en de Artisan Awards foar muzykprodusinten en -technisy. Dy beide groepen prizen wurde sûnt 2004 mei-inoar by in aparte seremoanje útrikt. Dan binne der noch de oeuvreprizen (Lifetime Achievement Awards) en de ynhuldigingen foar de ARIA Hall of Fame, wêrfan't de útrikking fan 2005 oant 2010 ek apart holden waard, mar dy't no wer gewoan mei de "echte" ARIA Awards útrikte wurde. Ta einbeslút binne der dan noch de fjouwer kategoryen publyksprizen, dy't yn 2010 ynfierd waarden en ek tagelyk mei de "echte" ARIA Awards útrikt wurde. Foar in list mei de winners fan 'e wichtichste prizen, sjoch op dizze side op 'e Ingelske Wikipedy. (Troch dêr op 'e jiertallen yn 'e tabel te klikken, wurdt men dêr trochferwiisd nei siden mei de winners fan alle kategoryen yn it oangeande jier.)

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • "echte" ARIA Awards
    • album fan it jier
    • single fan it jier
    • liet fan it jier (foar it lêst útrikt yn 1998)
    • bêst ferkeapjende album
    • bêst ferkeapjende single
    • bêste froulike artyst
    • bêste manlike artyst
    • bêste groep
    • bêste nije talint (foar it lêst útrikt yn 1998)
    • bêste trochbraak fan in artyst – single (fan 1989 ôf)
    • bêste trochbraak fan in artyst – album (fan 1989 ôf)
    • bêste country-album
    • bêste adult contemporary-album
    • bêste rock-album (fan 1999 ôf)
    • bêste blues & roots-album (fan 1999 ôf)
    • bêste berne-album (fan 1989 ôf)
    • bêste lânseigen publikaasje (foar it lêst útrikt yn 1998)
    • bêste komyske publikaasje
    • bêste ûnôfhinklike publikaasje (fan 1990 ôf)
    • bêste alternative publikaasje (1994-2001)
    • bêste pop-publikaasje (fan 1994 ôf)
    • bêste dance-publikaasje (fan 1995 ôf)
    • bêste urban-publikaasje (fan 2004 ôf)
    • bêste muzyk-dvd (fan 2004 ôf)
  • Fine Arts Awards
  • Artisan Awards
    • muzykprodusint fan it jier
    • muzyktechnikus fan it jier
    • bêste fideoklip
    • bêste omslach fan in muzyk-cd of -dvd
  • oeuvreprizen en ARIA Hall of Fame-ynhuldigings
    • Outstanding Achievement Award (foar in spesifike treflike prestaasje, fan 1988 ôf)
    • Special Achievement Award (foar spesifike treflike prestaasjes, fan 1989 ôf)
    • Lifetime Achievement Award (foar hiele oeuvre, fan 1991 ôf)
    • ynhuldigings yn 'e ARIA Hall of Fame (fan 1988 ôf, mar net yn 2000)
  • publyksprizen (fan 2010 ôf)
    • populêrste Australyske album
    • populêrste Australyske single
    • populêrste Australyske artyst
    • populêrste ynternasjonale artyst

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.