Springe nei ynhâld

The Prince & Me (film)

Ut Wikipedy
The Prince & Me
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Martha Coolidge
produsint Mark Amin
senario Jack Amiel
Michael Begler
Katherine Fugate
kamerarezjy Alex Nepomniaschy
muzyk Jennie Muskett
filmstudio Sobini Films
Epsilon Motion Pictures
Lionsgate Films
distribúsje Paramount Pictures (Fer. St.)
Lionsgate Films (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Julia Stiles
Luke Mably
byrollen Ben Miller
Miranda Richardson
James Fox
Elisabeth Waterston
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 april 2004
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
   foar jongerein
taal Ingelsk (ek wat Deensk)
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $22 miljoen
opbringst $37,7 miljoen
filmsearje
filmsearje The Prince & Me
● folgjend diel The Prince & Me 2: The
   Royal Wedding

The Prince & Me, soms ek stavere as The Prince and Me, is in Amerikaanske romantyske komeedzje foar jongerein út 2004 ûnder rezjy fan Martha Coolidge. De haadrollen waarden spile troch Julia Stiles en Luke Mably. De titel betsjut "De Prins & Ik". It ferhaal folget Edvard, de kroanprins fan Denemark, dy't in ûnfolwoeksen playboy is. As er him ûnder in skûlnamme ynskriuwe lit oan in Amerikaanske universiteit yn 'e hoop dêr lossleine studintes te treffen, moetet er ynstee de serieuze boeredochter Paige Morgan, dy't derfan dreamt om as dokter de earme siken yn ûntwikkelingslannen te helpen. Op har rekket er smoarfereale. The Prince & Me krige fan 'e filmkritisy mingde oant negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. Op basis dêrfan ûntstie letter de filmsearje dy't ek The Prince & Me hiet, mei trije ferfolchfilms fan folle mindere kwaliteit dy't direkt-op-fideo útbrocht waarden.

Paige Morgan is de dochter fan in boer yn Manitowoc, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Wisconsin. Se is in tige serieus famke, dat beslist net trouwe wol om't in houlik en in húshâlding har karriêre yn it paad steane. Se studearret oan 'e Universiteit fan Wisconsin–Madison yn Madison, dêr't se in pre-medyske oplieding folget. It is har bedoeling om dêrnei troch te learen foar dokter oan 'e prestizjeuze Johns Hopkins Universiteit yn Baltimore. Har dream is om yn ûntwikkelingslannen te wurkjen by it genêzen fan earme siken.

Oarekant de Atlantyske Oseaan is kroanprins Edvard fan Denemark in playboy dy't inkeld fan it libben genietsje wol en syn liiffeint Søren meisleept yn 'e healwiiste aventoeren. Syn âldelju, kening Haråld en keninginne Rosalind, witte net mear wat se mei him oan moatte. En it is net inkeld in privee-probleem, mei't Edvard syn ferantwurdlikheden as kroanprins gauris negearret of marzjinalisearret. Ynspirearre troch in fideo wêryn't studintes út Wisconsin harren topkes omheech hâlde om 'e bleate boarsten sjen te litten, beslút Edvard ympulsyf dat Wisconsin it plak foar him is om te studearjen. Sadwaande skriuwt er him ûnder de skûlnamme "Eddie Williams" yn oan 'e Universiteit fan Wisconsin–Madison. Syn âldelju binne it dêr net mei iens, mar om't Edvard mearderjierrich is, kinne se him net tsjinhâlde útsein troch de keninklike jildkraan ticht te draaien. Keninginne Rosalind stjoert wol Søren mei nei de Feriene Steaten om in eachje yn it seil te hâlden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Oankommen yn Madison besykje Edvard en Søren it universiteitskafee op 'e kampus, dêr't Paige in bybaantsje hat as barkeeper. Edvard freget har plompwei om har topke omheech te lûken en him har boarsten sjen te litten, mei as resultaat dat se de spuit op him set en him út 'e saak smite lit. Letter blike Paige en Edvard itselde kolleezje skiekunde te folgjen. Edvard giet nei har ta om him te ûntskuldigjen foar syn eardere hâlden en dragen, dat er op tefolle alkohol op in noftere mage smyt. Sy akseptearret syn ekskús, mar hat der danich wat argewaasje fan as professor Amiel op dat stuit seit dat de persoan njonken de studinten harren laboratoariumpartner wêze sil, om't it betsjut dat se no oan Edvard fêstsit. Se warskôget him dat it kolleezje wichtich foar har is om't se medisinen studearje wol, mar by it earstfolgjende kolleezje lit Edvard al ferstek gean om't er útsliepe moat nei in wylde jûn. Paige is poer en komt yn syn studintekeamer del om him yn net mis te fersteane bewurdings de mantel út te fegen. Dat is in nije ûnderfining foar de prins, mei't der noch nea in famke sa tsjin him opsprutsen hat.

Om't syn âldelju syn talage stopsetten hawwe, moat Edvard wat betinke om himsels te ûnderhâlden, wat ek wat is dat er noch nea dien hat. It universiteitskafee siket noch in meiwurker, dat hy stekt dêr syn ljocht op en liicht de baas foar dat Paige him oanrikkemandearret. As sy dat letter oan 'e weet komt, is se mei stomheid slein fan lulkens en ferbjustering. It docht bliken dat Edvard sels de ienfâldichste dingen net kin (om't alles altyd foar him dien is), sadat se him alles bybringe moat. Trochdat se sa nau gearwurkje, ûntdekt Paige dat Edvard eins bêst in sjarmante jonge is, wylst Edvard gefoelens foar har begjint te ûntwikkeljen. As er har oan 'e ein fan 'e dei mei op in ôfspraakje freget, rekket er lykwols op 'e blauwe guds nei hûs ta. Dat is him ek noch nea oerkomd, mar Søren wiist der fyntsjes op dat er ek noch nea in famke mei op in ôfspraakje frege hat dy't net wist dat hy in prins wie. Edvard syn belangstelling foar Paige wurdt troch de ôfwizing allinne mar grutter ynstee fan lytser.

Paige kin goed meikomme yn 'e eksakte fakken, mar hat muoite mei Ingelske letterkunde, dat foar alle studinten in ferplichte fak is. As se in ûnfoldwaande driget te heljen op in tentamen oer it oeuvre fan Shakespeare, freget se Edvard, dy't geregeldwei út 'e toanielstikken fan dy skriuwer sitearret, om help. Yn ruil dêrfoar leart se Edvard hoe't er húshâldlike putsjes oanpakke moat, lykas op watfoar temperatuer oft er syn klean waskje moat, en hokker kleur wêrby kin sûnder ôf te kleurjen.

As tsjin ein novimber Thanksgiving neieroan komt, risselwearje alle Amerikaanske studinten om nei hûs ta, om dy hjeldei mei harren famyljeleden te fieren. Mei't Thanksgiving yn Jeropa folslein ûnbekend is, en om't it net leannet en reizgje foar in lang wykein werom nei hûs, is Edvard fan doel en bleau dy fiif dagen mar gewoan oer op 'e universiteit. Paige har keamergenoate Beth, dy't Paige graach oan Edvard keppelje wol, slacht foar dat Paige Edvard útnûgje sil om mei har nei hûs. Dat liket Paige wol nei fleanen, mar as se dat tsjin Beth seit, beart dy dat sy dan Edvard freegje sil om mei harsels nei hûs. Dan docht bliken dat Paige ek gefoelens foar Edvard ûntwikkele hat, want om foar te kommen dat Edvard ynpikt wurdt troch Beth, freget se him gau dochs sels mei nei hûs.

Yn Manitowoc komt Edvard yn 'e kunde mei Paige har heit Ben, in melkfeehâlder, har mem Amy, in húsfrou, en har beide âldere bruorren John en Mike. Mei syn natuerlike sjarme wit er har heit foar him te winnen troch mei te helpen by de buorkerij en troch oandachtich te harkjen nei syn klachten oer de grutte korporaasjes dy't lytse famyljebedriuwen út 'e merk drukke. John en Mike moatte earst net folle fan Edvard hawwe, mar dat feroaret as bliken docht dat de trije jongemannen in foarleafde diele foar it racen mei alles dêr't in motor yn sit. De beide bruorren binne fanatike sitmeanerracers, en Edvard, dy't yn Denemark gauris mei auto's raced hat, slagget it om harren sitmeaners noch wat ekstra op te fieren. As er de oare deis mei in liende sitmeaner de wedstryd wint fan 'e pleatslike kampioen Keith Kopetsky, in notoire falskspiler dy't de beide bruorren altyd te glêd ôf is, kin er by harren net mear stikken. Dy jûns diele Edvard en Paige yn 'e skuorre harren earste tút.

Werom op 'e universiteit kinne Edvard en Paige de eagen net faninoar ôf hâlde. Yn 'e bibleteek, dêr't se eins hearre te studearjen, glûpe se nei in ôfhandich plakje om te frijen tusken de boeken dy't frijwol nea útliend wurde. Tsjin dy tiid hawwe de Deenske paparazzi prins Edvard lykwols opspoard, en it fereale pearke wurdt dêr yn heal ûntklaaide steat fotografearre. Nei't se ûntkommen binne, wol Paige witte wêrom't de fotografen "Eddie" oansprieken mei 'prins Edvard'. Dan komt it hege wurd derút, dat har frijer eins de kroanprins fan Denemark is. Paige is ûntsteld dat er tsjin har liigd hat, ek al beswart Edvard har dat him gjin ûnwier wurd oer de lippen kommen is en dat er inkeld ynformaasje foar har efterholden hat. Sy rint lulk fuort en hy bliuwt te lider slein efter. Fuort letter kriget Edvard fia Søren berjocht fan syn mem dat er thús komme moat, om't syn heit terminaal siik is.

Tanksij de help dy't se fan Edvard krigen hat, slagget Paige mei flagge en wimpel foar har mûnling tentamen foar Ingelske letterkunde. Wylst se de fragen oer it wurk fan Shakespeare beäntwurdet, dy't har steld wurde troch in panel fan dosinten, kriget se oan 'e hân fan har eigen antwurden ynienen foar it ferstân dat se Edvard in twadde kâns jaan moat, om't wiere leafde mar sa selden foarkomt. Fan Edvard syn keamergenoat Scotty heart se dat er werom gien is nei Denemark. Har freondinnen lappe jild foar in fleanticket dêrhinne. Paige arrivearret yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen krekt op 'e dei dat dêr it nije parlemintêre jier iepene wurdt. Dêrby riidt de keninklike famylje yn in optocht mei ruters en koetsen fan it paleis nei it parlemintsgebou. Paige stiet oan 'e kant fan 'e dyk as Edvard foarbyriidt op in hynder. Se ropt oan him, mar hy heart har net. Dan wurdt se troch it omsteand laach werkend as Paige Morgan, fan har foto's yn 'e Deenske rabbersblêden. De minsken begjinne har namme te skandearjen, en as Edvard dat heart, sjocht er om him hinne en wurdt er har gewaar. Hy komt by har, nimt har efterop syn hynder en riidt mei har fuort.

Letter, as se wer yn it paleis binne, lit Edvard syn âldelju witte dat er fan doel is om mei Paige te trouwen. Syn mem is dêr poer op tsjin, om't se in boargerfamke is en noch in Amerikaanse ek. As Edvard har lykwols foarhâldt dat se him mei har trouwe litte kin of oars in oare troanopfolger sykje moat, jout se ta. Edvard docht Paige in houliksoansiik en sy jout him tawurd. Nei't se der tsjûge fan is hoe't har soan in skeel tusken wurkjouwersorganisaasjes en fakbûnen oplost, beseft keninginne Rosalinde dat er troch de ynfloed dy't Paige op him hat einlings en te'n lêsten folwoeksen wurden is. Underwilens wurdt it Paige lykwols dúdlik hoe'n dreech en regulearre bestean in keninginne wol net hat. Se kriget foar it ferstân dat se dêr al har eigen dreamen fan it wurden fan in dokter en it helpen fan minsken foar opjaan moatte sil. En dat wol se net. Mei grutte spyt ferbrekt se dêrom har ferloving mei Edvard en keart se werom nei Wisconsin, wylst Edvard inkele wiken letter syn om sûnensredens abdisearjende heit opfolget as kening fan Denemark.

Twa jier letter studearret Paige ôf oan 'e Universiteit fan Wisconsin–Madison. By de diploma-útrikking wurdt se lokwinske troch freonen en famylje. Dan hâldt der in dûnkere limûsine stil, dêr't kening Edvard út stapt. Ek hy lokwinsket har, mar freget har dêrnei op 'e nij om mei him te trouwen. Paige seit dat de Denen net ree binne foar in keninginne lykas har. Edvard antwurdet dat se har dan mar gau oanpasse moatte, want in oare keninginne krije se net. Dêrop wikselje hy en Paige in hertstochtlike tút út.

Julia Stiles.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise            
Paige Morgan Julia Stiles
prins Edvard fan Denemark / "Eddie Williams" Luke Mably


byrollen
personaazje                                              akteur/aktrise
Søren Ben Miller
keninginne Rosalind fan Denemark Miranda Richardson
kening Haråld fan Denemark James Fox
Beth Curtis Elisabeth Waterston
Amy Morgan Alberta Watson
Ben Morgan John Bourgeois
John Morgan Zachary Knighton
Mike Morgan Stephen O'Reilly
prinsesse Arabella fan Denemark Eliza Bennett
Scotty Devin Ratray
Stacey Clare Preuss
Amanda Yaani King
himsels Eddie Irvine
Stu Angelo Tsarouchas
prof. Amiel Jacques Tourangeau
kleanûntwerpster Marguerite Joanne Baron
prof. Begler Stephen Singer
Krista Sarah Manninen
Keith Kopetsky Tony Munch
aartsbiskop fan 'e Deenske Folkstsjerke Claus Bue

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Prince & Me waard regissearre troch Martha Coolidge nei in senario fan Jack Amiel, Michael Begler en Katherine Fugate op basis fan in idee fan filmprodusint Mark Amin. Dyselde produsearre it projekt foar de filmstudio's Sobini Films, Epsilon Motion Pictures en Lionsgate Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $22 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alex Nepomniaschy, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jennie Muskett.

De opnamen foar The Prince & Me setten op 16 juny 2003 útein en duorren oant yn augustus fan dat jier. It diel fan 'e film dat yn 'e Feriene Steaten spilet, waard fierhinne opnommen yn Toronto en omkriten yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. De sênes op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Wisconsin–Madison (UWM) waarden filme op 'e kampus fan 'e Universiteit fan Toronto (UT). De sêne yn 'e bibleteek waard opnommen yn 'e E.J. Pratt Library fan 'e Universiteit fan Toronto. It diel fan 'e film dat yn Denemark spilet, waard opnommen yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, mar foar in diel ek yn 'e Tsjechyske haadstêd Praach. De sênes by it paleis waarden filme by Slot Fredriksborg yn Hillerød, yn 'e neite fan Kopenhagen.

De distribúsje fan The Prince & Me waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Paramount Pictures en ynternasjonaal troch Lionsgate Films. De film gie op 2 april 2004 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 30 maart 2004 by platemaatskippij Hollywood Records. It befette de hitsingle I Hope That I Don't Fall in Love with You fan countrysjonger Marc Cohn.

Fan 'e filmkritisy krige The Prince & Me mingde oant negative resinsjes. Sa skreau Manohla Dargis yn The New York Times dat de film "in mar kwealk fermaaklik, keken optocht en grammatikaal beheind* mearke" wie. Yn 'e krante USA Today ornearre Claudia Puig dat The Prince & Me oer it algemien "wolmienend, skattich en leaf" wie, mar dat de film der in stik op foarútgien wêze soe mei "in bytsje mear healwizens en minder hearrigens oan 'e formule". David Sterritt fan 'e Christian Science Monitor wie lykwols poerbêst oer The Prince & Me te sprekken, dat er in "hiel oansprekkende" film fûn, benammen "tanksij it lichtfuottich aktearjen en de stille rezjystyl fan Martha Coolidge".
*) Yn grammatikaal korrekt Ingelsk soe de titel The Prince & I west hawwe moatte.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Prince & Me in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 116 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de de film as in "saai, langrieddich en foarsisber stikje winskeferfolling". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Prince & Me in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 31 resinsjes.

The Prince & Me brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $28,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $9,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $37,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22 miljoen betsjut dat in winst fan $15,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

De Wikipedy hat ek in side The Prince & Me (filmsearje).

It beskieden súkses fan The Prince & Me late ta it ûntstean fan in filmsearje dy't ek The Prince & Me hiet. Der waarden trije ferfolchfilms makke, wêryn't aktrise Kam Heskin de rol fan Paige Morgan oernaam, wylst Luke Mably yn 'e lêste beide films ferfongen waard troch Chris Geere. Alle trije films wiene fan dúdlik mindere kwaliteit as it orizjineel en waarden dêrom direkt-op-fideo útbrocht. Yn 'e ferfolchfilms giet it ferhaal fan Edvard en Paige fierder mei harren brulloft yn The Prince & Me 2: The Royal Wedding (2006), harren houliksreis yn The Prince & Me: A Royal Honeymoon (2008), en in steatsbesyk oan Súd-Aazje yn The Prince & Me: The Elephant Adventure (2010).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Prince & Me (filmsearje)
The Prince & Me (2004) • The Prince & Me 2: The Royal Wedding II (2006) • The Prince & Me: A Royal Honeymoon (2008) • The Prince & Me: The Elephant Adventure (2010)