The General's Daughter (film)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
The General's Daughter
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The General's Daughter logo.png
makkers
regisseur Simon West
produsint Mace Neufeld
senario Christopher Bertolini
William Goldman
basearre op it boek fan Nelson DeMille
muzyk Carter Burwell
filmstudio Paramount Pictures
spilers
haadrollen John Travolta
Madeleine Stowe
byrollen James Cromwell
Timothy Hutton
Leslie Stefanson
Clarence Williams III
James Woods
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 18 juny 1999
foarm langspylfilm
sjenre detektive
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $95 miljoen
opbringst $149.705.852

The General's Daughter is in Amerikaanske detektivefilm út 1999 ûnder rezjy fan Simon West, en mei yn 'e haadrollen John Travolta en Madeleine Stowe. It ferhaal giet oer de riedselige dea fan in froulike legerkaptein, de dochter fan in foaroansteand generaal dy't op it punt stiet om ôf te swaaien en in politike karriêre te begjinnen, mooglik troch him kandidaat te stellen foar it Amerikaanske fise-presidintskip. De film, in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Paramount Pictures, is basearre op 'e roman The General's Daughter fan skriuwer Nelson DeMille, út 1992. Hoewol't de film yn 'e Feriene Steaten oer it algemien negative kritiken krige, mooglik om't it gefoelige tema fan ferkrêfting yn it leger deryn oansnien waard, makke Paramount der mear as $50 miljoen winst mei.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paul Brenner (John Travolta), in Fjetnamfeteraan dy't no foar it Kriminele Undersykskommando fan de Amerikaanske Lânmacht (U.S. Army CIC; sis mar de resjerzje fan it Amerikaanske Leger) wurket, is undercover op in legerbasis yn 'e súdlike steat Georgia, dêr't er de yllegale ferkeap fan legerwapens ûndersiket. Op in stuit kriget er in lekke bân wylst er gjin ark by him hat om 'e bân te ferwikseljen. Dan wurdt er holpen troch in froulike legerkaptein (Leslie Stefanson) dy't dêr tafallich foarbykomt en him oan 'e kant fan 'e dyk stean sjocht.

Twa jûnen dêrnei, as Brenner krekt syn ûndersyk ôfrûne hat en fuort sil, wurdt er derby roppen as der op it terrein fan 'e legerbasis it lyk fan in neakene frou fûn wurdt, mei de hannen en fuotten wiidút spraat en fêstbûn oan fjouwer yn 'e grûn dreaune tinthjerrings. It is deselde kaptein dy't him mei syn lekke bân holpen hat, en hja blykt Elizabeth Campbell te wêzen, in ofsier fan 'e ôfdieling psychologyske operaasjes (Psy Ops), en de dochter fan luitenant-generaal Joseph Campbell (James Cromwell), byneamd "Fighting Joe" Campbell, in withoe foaroansteande en tige populêre oarlochsheld, ûnder wa't Brenner noch yn Fjetnam tsjinne hat. Campbell, dy't de kommandant fan dizze legerbasis is, stiet op it punt om ôf te swaaien en de polityk yn te gean, mooglik as fise-presidintskandidaat, en der wurdt suggerearre dat er sa'n ûnbesmodzge reputaasje hat dat er grutte kâns makket om ta dat hege amt keazen te wurden.

Haadrolspiler John Travolta.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op it plak delikt moetet Brenner syn partner foar dit ûndersyk, dat syn kollega by it CIC Sara Sunhill (Madeleine Stowe) blykt te wêzen, mei wa't er jierren lyn noch in relaasje hân hat doe't se allebeide op it NATO-haadkertier yn Brussel stasjonearre wiene. Teffens is op it plak delikt kolonel William Kent (Timothy Hutton) oanwêzich, it haad fan 'e militêre plysje fan 'e basis, mei wa't Brenner en Sunhill gearwurkje moatte sille. Kaptein Campbell is smoard en wierskynlik ferkrêfte (al docht letter bliken dat it om in skynferkrêfting giet). Koarte tiid letter hat Brenner in moeting mei generaal Campbell en dy syn adjudant, kolonel George Fowler (Clarence Williams III), wêrby't er de heit fan it slachtoffer ûnthjit dat er alles yn syn macht dwaan sil om 'e dieders te efterheljen.

As Brenner en Sunhill de oare moarns kaptein Campbell har wente trochsykje, fine se dêr op it earste each alles sa't it heard te wêzen. Mar dan ûntdekke se in ferburgen doar yn 'e kelder, dy't tagong jout ta wat faaks it bêste omskreaun wurde kin as in sekstsjerker, mei boeiens, maskers, swipen, alderlei seksboartersguod en in kamera mei opname-apparatuer. Wylst Sunhill út harren auto wei in tillefoantsje docht, siket Brenner de fideobannen byinoar. Mar ear't er dêrmei klear is, wurdt er oanfallen troch in maskere ynkringer dy't him in terwinkel mei in skeppe jout, en him sa langernôch bûten gefjocht stelt om mei de fideobannen út te naaien.

Neitiid ûnderfreget Brenner kolonel Robert Moore (James Woods), in psychiater dy't ek op 'e ôfdieling psychologyske operaasjes wurket en dy't kaptein Campbell tige nei wie. Hoewol't er Brenner freonlik te wurd stiet, bliuwt Moore ôfhâldich en jout er as aliby dat er om 'e tiid fan 'e moard op Campbell hinne op bêd lei en sliepte. As letter lykwols Moore syn fingerprinten oantroffen wurde op Campbell har identiteitsplaatsjes, dy't mei har klean yn in jiskepûde op in sideplak deunby it plak delikt fûn binne, docht bliken dat er Brenner foarliigd hat. Dêrop arrestearret Brenner Moore en set him finzen yn it tichthûs fan 'e basis. Letter wurdt er ûnder kolonel Kent syn ferantwurdlikheid, tsjin Brenner syn bedoeling yn, frijlitten en ûnder hûsarrest pleatst. As Brenner dat útfynt en mei Sunhill en Kent nei Moore syn hûs ta giet om him fannijs op te pakken, fine se him dêr dea troch wat selsmoard liket te wêzen.

Kolonel Fowler, de adjudant fan generaal Campbell, besiket dêrop om it near te lizzen op fierder ûndersyk, mei't neffens him Moore dúdlik de dieder wie en de man himsels no fan kant makke hat om't de skuldgefoelens him oermânsk waarden. Brenner makket Fowler lykwols dúdlik dat de saak iepen bliuwe sil oant hy befredigjende antwurden hat en dat Fowler him better by syn eigen saken hâlde kin, mei't it alderraarst is hoe'n soadsje oft it wol net is op dizze basis. Troch in oanfal op Sunhill, dy't lykwols mei in skamper ôfrint, komme Brenner en sysels fierdere saakjes oan 'e weet dy't it deiljocht net ferdrage kinne, mei't de jonge kaptein Jake Elby (Boyd Kestner), dy't ferantwurdlik wie foar de oanfal, út 'e doeken docht dat kaptein Campbell mei hast it hiele ofsierskorps fan 'e basis op bêd west hie, om't se, sa't se sels sei, in psychologyske oarloch tsjin har heit fierde.

As in ûnbekende efterholden dielen fan kaptein Campbell har medysk dossier yn Brenner syn auto efterlit, komt oan it ljocht dat Campbell op 'e Amerikaanske Militêre Akademy fan West Point yn har earste twa jier ien fan 'e bêsten út har lichting wie, mar dat se fan har trêde jier ôf mar kwealk meikomme koe en úteinlik mar mei de hakken oer sleat slagge. Brenner en Sunhill bringe dêrop in besyk oan 'e âlde kolonel Donald Slesinger (John Beasley), ien fan 'e psychiaters op West Point, dy't se treffe as er yn in kas planten oan it snoeien is. As dy heart dat kaptein Campbell fermoarde is, omsylt er op twifelige wize syn beropsgeheim om Brenner en Sunhill út te lizzen dat Campbell ûnder in grutskalige nachtlike legeroefening oan 'e ein fan har twadde jier, wêrby't se de rest fan har groep kwytrekke en op in stuit allinnich oer it sabeare slachfjild omdoarme, it slachtoffer waard fan in groepsferkrêfting. De dieders wiene seis manlike kadetten dy't ûnwerkenber makke wiene troch harren kamûflaazjesmink, en dy't har de hiele nacht mishannelen en misbrûkten, oant se har tsjin it lemieren suver foar dea efterlieten, neaken en mei de hannen en fuotten wiidút spraat en fêstbûn oan yn 'e grûn dreaune tinthjerrings — frijwol persiis deselde hâlding wêryn't se fûn is op it plak delikt. Einlings en te'n lêsten waard se ûntdutsen en nei it sikehûs ta brocht, mar Slesinger seit dat hy der te let by helle waard; tsjin dy tiid hie se alles al djip weistoppe, en hy koe har net helpe. Wat de dieders oangie, Campbell wist net wa't dat wiene, en oan 'e oefening diene tûzenen manskippen mei. Mar letter kaam der in oare kadet by Slesinger, dy't lêst hie fan wroege (sij it net sasear dat er himsels oanjaan woe). Miskien, seit Slesinger, hat er wol in namme oan Campbell har dossier tafoege, dat soed er sa net mear sizze kinne, hy is ommers net sa skerp mear as foarhinne. Dêrom bewarret er de kaai fan syn kantoar ek ûnder de matte, dan kin er dy net kwytreitsje. Mar hy kin syn beropsgeheim fansels net skeine, en boppedat, hy is hjir noch wol in skoftke mei syn planten dwaande. Brenner en Sunhill witte genôch en nei't se de namme út it dossier opfandele hawwe, spoart Sunhill de dieder mei wroege, in kaptein Bransford (Brad Beyer) handich op en wit him mei in mûklist in bekentenis te ûntlokjen.

De froulike haadrol wie foar aktrise Madeleine Stowe.

Werom yn Georgia bringt Brenner in besyk oan kaptein Goodson (John Benjamin Hickey), mei wa't er yn 'e kunde kommen is as kolonel Moore syn abbekaat. Brenner fermoedet lykwols dat Goodson en Moore temûk in homoseksuële relaasje hiene (homo's en lesbiënnes meie pas sûnt 2011 iepentlik yn 'e Amerikaanske Striidkrêften tsjinje), en dat it Goodson wie dy't kaptein Campbell har medyske dossier yn syn auto lein hat. Goodson befêstiget dat en as Brenner him derfan oertsjûge hat dat er der gjin inkel belang by hat om him te ferfolgjen foar syn seksueel aard, leit Goodson út wat der de jûns fan Campbell har dea fan Moore syn eachpunt út bard is. No't har heit op it punt stie ôf te swaaien, wie Elizabeth Campbell wisberet om him foar iens en foar altyd mei it ferline te konfrontearjen, en Moore koe it har net ûntprate. Dat hy holp har om 'e groepsferkrêftingssêne sa sekuer mooglik te rekreëarjen, bûn har fêst, brocht har klean en identiteitsplaatsjes fuort en gie nei hûs. En doe belle er generaal Campbell op om it kassettebantsje mei it boadskip fan syn dochter foar him ôf te spyljen.

De ûndersikers geane dan nei de generaal ta, dy't Slesingers syn ferhaal oer de groepsferkrêfting befêstiget. Neitiid harke Campbell, dy't halje-trawalje weromkommen wie út Dútslân, nei de rie fan syn freonen en mei-generaals, dy't him wiismakken dat de dieders nea pakt wurde soene, en dat it skandaal dat ûntstean soe as it hiele spul bekend waard, de Militêre Akademy stikken meitsje soe en de takomst fan froulju yn it leger slim skansearje soe, om oer generaal Campbell syn eigen politike aspiraasjes mar te swijen. Dêrop besleat Campbell om 'e hiele saak mar yn 'e dôfpôt te stopjen en fertelde er syn dochter Elizabeth dat se it oerlibbe hie, en dat se it no ferjitte moast. Dit ferrie fan har heit (in foarm fan it ferskynsel victim blaming) wie foar Elizabeth tige retraumatisearjend en makke dat se har besiking nea goed ferwurke, wat wierskynlik wer oan 'e grûn lei fan har gewelddiedige seksuële praktiken. Brenner presintearret dan oan 'e generaal in listke mei de nammen fan 'e seis dieders fan 'e groepsferkrêfting, dy't Sunhill mei minimale muoite opspoard hat, en fertelt Campbell dat de mannen allegearre minimaal tweintich jier it tichthûs yn draaie.

As Brenner oer it kassettebantsje begjint dat Moore op 'e jûn fan 'e moard foar him ôfspile, jout de generaal ta dat er dy jûns nei syn dochter ta gien is om har ta besinning te bringen. Doe't dat om 'e nocht bliek, gie er sûnder wat bedijd te hawwen wer nei hûs, dêrby syn dochter noch altyd fêstbûn efterlittend. Mei't wachtrinders dy nachts yn 'e neite fan it plak delikt trije kear koplampen sjoen hawwe, en der fuotprinten fûn binne fan Campbell syn adjudant, kolonel Fowler, betsjut dat dat dy de bestjoerder fan 'e trêde auto west hawwe moat. Fowler jout ta dat hy der, op fersyk fan 'e generaal, ek hinne west hat, mar hy trof kaptein Campbell dea oan. Ut syn wurden docht bliken dat hy mient dat de generaal syn eigen dochter om hals brocht hat, mar hy hâldt út dat er nea in tsjûgenis tsjin 'e man ôflizze sil, en dat kaptein Campbell har heit ta syn die dreaun hat troch har oer te jaan oan seksuële útspattings mei eltse ofsier op 'e basis, fan Jake Elby oant en mei Bill Kent!

Mar foar Brenner oer hie kolonel Kent, it haad fan 'e militêre plysje, ûntkend dat er kaptein Campbell mear as fan namme koe. Troch dy iene útspraak begjint Brenner ynienen in patroan te sjen dat him earder ûntkommen is, want Kent wie dejinge dy't wist dat Sunhill en hy Campbell har wente trochsykje soene, dêr't Brenner oerfallen waard troch in maskere man dy't him de fideobannen ûntnadere. En Kent wie de einferantwurdlike foar de frijlitting fan kolonel Moore, dy't fuort letter thús dea fûn waard. Brenner bellet Sunhill op, mar kriget te hearren dat dy krekt nochris wer nei it plak delikt ta setten is, yn it selskip fan kolonel Kent. Yn tûzen hasten giet Brenner dat ek út en dêr oankommen, konfrontearret er Kent mei syn teory. Dy jout dêrop ta dat er dy jûns nei it plak delikt gien is, mei as doel om Elizabeth Campbell syn leafde te ferklearjen en har dêrwei te heljen. Mar Campbell, noch oerstjoer fan 'e snútslach dy't krekt tefoaren fan har heit ynkassearje moatten hie, wiisde him sûnder mear ôf en drige om syn frou oer harren relaasje te fertellen. Dêrop smoarde Kent har. Letter besocht er Moore de skuld op 'e lea te skowen troch de man te fermoardzjen en it lykje te litten as hied er de hân oan himsels slein. Wylst er Brenner dit alles út 'e doeken docht, hâldt Kent Sunhill gizele middenyn in minefjild. Brenner wit úteinlik Sunhill te rêden, mar foar't er ynrekkene wurde kin, makket Kent himsels fan kant troch mei sin op in anty-personielmyn te traapjen.

Wylst generaal Campbell risselwearret om it stoflik omskot fan syn dochter mei it fleantúch nei har lêste rêstplak te bringen, wurdt er konfrontearre troch Brenner, dy't de skuld fan Elizabeth har moard folslein by de generaal del leit. Hy bringt Campbell yn 't sin dat er oan it begjin fan it ûndersyk ûnthjitten hie dat er alles yn syn macht dwaan soe om 'e dieders te efterheljen; hy hie allinnich nea tocht dat Campbell sels de dieder wêze soe. Ta ein beslút lit er de generaal witte dat dy ferwachtsje kin foar de kriichsrie dage te wurden foar it gearspannen om in misdriuw te ferbergjen, wêrmei't Campbell syn politike karriêre wol ûnder de skoechsoallen skriuwe kin. De film einiget as Brenner en Sunhill elk har wegen geane (mei in bewûnderjende blik oer 't skouder fan Sunhill op Brenner). In neiskrift fertelt de sjogger dat generaal Joseph Campbell yndie foar de kriichsrie komme moast en skuldich befûn waard oan it ferheeljen fan 'e ferkrêfting fan syn dochter.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Paul Brenner                                       John Travolta
Sarah Sunhill Madeleine Stowe
luitenant-generaal Joseph Campbell James Cromwell
kolonel William Kent Timothy Hutton
kolonel Robert Moore James Woods
kaptein Elizabeth Campbell Leslie Stefanson
kolonel George Fowler Clarence Williams III
kolonel Donald Slesinger John Beasley
kaptein Jake Elby Boyd Kestner
plysjekommissaris Yardley Daniel von Bargen
sersjant Dalbert Elkins Mark Boone Jr.
kaptein Bransford Brad Beyer
kaptein Goodson John Benjamin Hickey
James Woods spile yn The General's Daughter in homoseksuële legerkolonel.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The General's Daughter waard regissearre troch Simon West, dy't ek ferantwurdlik wie foar Lara Croft: Tomb Raider (2001) en When a Stranger Calls (2006). De produsint wie Mace Neufeld, en de senarioskriuwers Christopher Bertolini en William Goldman, dy't har basearren op 'e bestseller mei deselde namme út 1992 fan skriuwer Nelson DeMille. De plot fan 'e film wykt op punten frijwat ôf fan dy fan it boek, al beteart it ferhaal op deselde manear. Om in foarbyld te jaan, yn it boek moetet Brenner Elizabeth Campbell nea, en sjocht er har pas foar it earst as hja al dea is. De film waard foar in grut part opnommen yn en om 'e stêd Savannah, yn 'e steat Georgia. De produksje koste nei skatting $95 miljoen.

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reäksjes fan The General's Daughter wiene, alteast yn 'e Feriene Steaten, oer it algemien net loovjend. Sa wiene op 'e resinsjewebsite Rotten Tomatoes bygelyks mar 19 fan 'e 86 kritiken (22%) posityf, mei in trochsneed sifer fan 4,3 op 10. "Opdiene optredens en forsearre opienfolgings fan sênes mei net folle echte spanning," sa liek de krityk gearfet wurde te kinnen. De miening fan sokke resinsinten strykte lykwols blykber net mei dy fan 'e bioskoopbesikers, mei't The General's Daughter wrâldwiid krapoan $150 miljoen yn 't laadsje brocht, wat foar Paramount Pictures in skjinne winst fan hast $55 miljoen opsmiet. Men kin jin ôffreegje oft de krityk net mear te krijen hie mei it ûnderwerp fan 'e film as mei de film sels, want yn The General's Daughter wurdt op mar al te dúdlike wize it ferskynsel ferkrêfting yn it leger oan 'e kaak steld, dat yn 'e Feriene Steaten skearing en ynslach is (neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje fine der yn 'e Amerikaanske Striidkrêften jiers 19.000 ferkrêftings en seksuële oantaastings plak). Mei't it leger yn 'e Feriene Steaten noch altyd in ynstitút is dat op in fuotstik stiet en dêr't men grutsk op heart te wêzen, beljochtet de film hjirmei in aspekt dat in protte Amerikanen miskien leaver ferjitte soene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.