Radio Ienhoarn

Ut Wikipedy
Radio Ienhoarn
Radio Eenhoorn
medium radio
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk, Frysk, Biltsk
oprjochte 1987
haadkertier Menaam / Sint-Anne
ûntfangstgeb. De Waadhoeke
eigner selsstannige stifting
webside www.radioeenhoorn.nl

Radio Ienhoarn (Nederlânsk en offisjeel: Radio Eenhoorn) is in radiostasjon yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It sette syn bestean yn 1987 útein as de lokale omrop fan Menameradiel. Yn it wapen fan dy eardere gemeente naam de ienhoarn in prominint plak yn, en dêr ûntliende it radiostasjon syn namme oan. Fan 1 jannewaris 2018 ôf is Radio Ienhoarn de offisjele lokale omrop fan 'e gemeente De Waadhoeke. It stasjon stjoert út oer de keabel en troch de eter op 107,5 FM.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjinjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Radio Ienhoarn begûn yn 1987 as de lokale omrop fan 'e eardere gemeente Menameradiel. Nei in tariedingsperioade fan twa jier fûn op 31 desimber 1987 de earste útstjoering plak oer de keabel. Mei 35 dieltiids-meiwurkers (hast allegear frijwilligers) waard yn 't earstoan fiif oeren radio yn 'e wike fersoarge. Op 11 juny 1988 waard de studio fan Radio Ienhoarn, oan 'e Mieddyk yn Menaam, offisjeel iepene troch konferansier Teake van der Meer. Nei de offisjele plichtplegings waard der in iepen dei holden, dy't in protte belangstellenden loek. Op 3 augustus 1988 fersoarge Radio Ienhoarn foar it earst in maratonútstjoering yn ferbân mei de ferslachjouwing oer de PC yn Frjentsjer. Dêrmei wie de sterke bân tusken it radiostasjon en it keatsen berne.

Fan 31 desimber 1988 ôf, persiis ien jier nei't it radiostasjon fan start gie, wie Radio Ienhoarn ek fia de eter te ûntfangen. It tal útstjoerings naam ûnderwilens stadichoan ta, oant de lokale omrop fan 1 septimber 1989 ôf alle dagen programma's fersoarge. Yn dyselde tiid moast in gat yn 'e begrutting, feroarsake troch it stilsetten fan 'e subsydzje troch de gemeente Menameradiel, opfolle wurde mei in grutte helpaksje op 'e radio, dy't likernôch tûzen partikuliere donateurs opsmiet. Yn 1990 waard Radio Ienhoarn troch de oanskaf fan in mobile radiostjoerder hieltyd profesjoneler. Tsjin 1991, doe't der ûnderwilens omtrint 80 meiwurkers wiene, waard de earste betelle foltiidskrêft oansteld.

Utwreiding nei It Bilt en Frjentsjerteradiel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens hie de oangrinzgjende gemeente It Bilt plannen foar in eigen lokale radio-omrop. Doe't bliken die dat soks finansjeel net helber wie, waard nei oerlis mei Menameradiel besletten om it wurkgebiet fan Radio Ienhoarn út te wreidzjen mei It Bilt, sadat de beide gemeenten tegearre ien lokale omrop krigen. Op 31 desimber 1991 waard dat plan in feit. Neitiid kaam it kantoar fan Radio Ienhoarn yn Sint-Anne te stean (it haadplak fan It Bilt), wylst de studio yn Menaam bleau. Yn 1992 waard yn 'e radiorige Net Ferjitte yn 28 oeren de hiele Twadde Wrâldoarloch yn Menameradiel en It Bilt behannele. De searje krige sels yn 'e lanlike media oandacht. Op 31 desimber fan dat jier waard it fiifjierrich bestean fan 'e omrop fierd mei in maratonútstjoering en in slagge donateursaksje op It Bilt.

Yn 1993 waard it tal stjoeroeren fan Radio Ienhoarn op 'e nij útwreide. De rige Net Ferjitte wûn yn 1995 de Media Akademypriis op it RTV Festival foar lokale omroppen. Radio Ienhoarn griep dy gelegenheid oan om 'e hiele searje nochris te werheljen. Ek yn 1995 waard foar de earste kear it muzykfestival Radio Ienhoarn Rocknacht holden, doe noch ûnder de namme 'Befrijingsfestival'. Dat evenemint, holden yn Sporthal Schatzenburg by Menaam, loek 1000 besikers. Yn 1996 mislearre it besykjen fan 'e gemeente Frjentsjerteradiel om in eigen lokale omrop op te rjochtsjen. Dêrnei keas Frjentsjerteradiel derfoar om, krekt as earder It Bilt dien hie, by Radio Ienhoarn oan te heakjen. Dêrtroch waard per 31 desimber 1996 op 'e nij it wurkgebiet fan it radiostasjon flink útwreide, sadat it hast hiel noardwestlik Fryslân omfette, fan Pitersbierrum oant Nijebiltsyl en fan Boksum oant Tsjom.

Heechtijdagen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 waard in kontrakt sletten tusken Radio Ienhoarn en de regionale Omrop Fryslân, dat it radiostasjon tastie om tenei programma's fan Omrop Fryslân oer te nimmen en út te stjoeren op tiden dat der gjin eigen útstjoerings wiene. Dêrtroch koe Radio Ienhoarn tenei hast oan ien wei troch yn 'e loft bliuwe. Oare fernijings betroffen it ferfangen fan ferâldere apparatuer en it (foar it earst) opnimmen fan reklameboadskippen yn 'e programmearring. Oan 'e ein fan dat jier waard it tsienjierrich jubileum fan 'e lokale omrop fierd mei in iepen dei en in muzykjûn mei lokale artysten yn diskoteek Sans Souci yn Berltsum. Yn 1998 stjoerde Radio Ienhoarn de searje Doarpsstriid út, wêryn't yn eltse ôflevering in oar doarp yn it wurkgebiet sintraal stie. De 'striid' kaam ta utering yn in kwis. It doarp dat de measte punten behelle yn dy kwis krige in sjek fan ƒ1.000. (De úteinlike winner wie Dronryp). Op it jierlikse RTV Festival wûn Radio Ienhoarn mei dit programma de oanmoedigingspriis fan ƒ2500.

Yn 2000 waard it fiifjierrich bestean fierd fan 'e Radio Ienhoarn Rocknacht, mei û.m. in oant it lêst geheim holden optreden fan sjongster Bonnie St. Claire. Itselde jiers krige Radio Ienhoarn in eigen webside, en de moanne july stie hielendal yn it teken fan 'e grutte Friezereüny fan Simmer 2000. Yn 2001 krige de lokale omrop in nije, hegere stjoermêst. Dat jiers moast de Rocknacht oergean fanwegen de tongblierepidemy. Mei om dat goed te meitsjen waard dat jiers yn it Pinksterwykein foar it earst it Fryske Muzyk Wykein holden.

Bestjoerlike swierrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de fiering fan it fyftjinjierrich bestean, yn 2002, en it tweintichjierrich bestean, yn 2007, briek der foar Radio Ienhoarn in minne tiid oan. Fan 2010 oant 2013 waard de organisaasje teheistere troch oanhâldende bestjoerswikslings, foar it meastepart feroarsake troch sykte en eksterne omballingen. Hoewol't it radiostasjon der sels gjin skuld oan hie, moast it him wol mei de resultaten rêde, wat betsjutte dat de organisaasje mei in protte keunst en fljochwurk draaiende holden wurde moast. Yn 2012 waard it gebou dêr't de studio yn fêstige wie, troch Palet ferkocht oan F.A.B. Dêrnei koe de hier foar fiif jier feilichsteld wurde. Doe't yn 2013 suver it foltallige bestjoer fan Radio Ienhoarn ferfongen waard, koe de blik wer op 'e takomst rjochte wurde. Sa waard der in protte tiid bestege oan it ferbetterjen fan 'e bân tusken de organisaasje en de frijwilligers. Ek waard der wer foarsichtichoan ynvestearre yn nije apparatuer, en dêropta setten de earste petearen oer gearwurking útein mei Radio Stêd Harns.

Fierdere útwreiding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 31 desimber 2017 waard it tritichjierrich bestean fan Radio Ienhoarn grut fierd mei in twa dagen duorjende lokaasje-útstjoering út Frjentsjer. Op 1 jannewaris 2018 fûn de fúzje fan 'e gemeenten Menameradiel, It Bilt en Frjentsjerteradiel plak en ûntstie de nije gemeente De Waadhoeke, wêrfan't Radio Ienhoarn de offisjele lokale omrop waard. Dêrmei waard it wurkgebiet fan 'e omrop op 'e nij útwreide, want ek fjouwer doarpen út it noarden fan it âlde Littenseradiel giene mei oer nei de nije gemeente. Mids 2018 sette Radio Ienhoarn útein mei in sjarme-offinsyf om ek fan 'e bewenners fan Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp trouwe harkers te meitsjen, û.m. mei lokaasje-útstjoerings út Winsum, op 14 july, en út Wjelsryp, op 28 july.

Sûnt de hjerst fan 2018 wurke Radio Ienhoarn nau gear mei Radio Stêd Harns, de lokale omrop fan 'e gemeente Harns, dy't trouwens behalven de stêd Harns ek de doarpen Mullum en Winaam betsjinnet. Fan 1 jannewaris 2022 ôf foelen Radio Ienhoarn en Radio Stêd Harns ûnder ien bestjoer, hoewol't de beide omroppen fierders selsstannich bleaune. Yn febrewaris 2022 makken de beide gearwurkjende omroppen bekend dat se fierfoardere plannen hiene om ek de Waadeilannen Flylân en Skylge by harren wurkgebiet te lûken, omreden fan 'e nauwe bân dy't de beide eilannen mei de stêd Harns ûnderhâlde.[1]

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kantoar fan Radio Ienhoarn is fêstige yn Sint-Anne. De studio stiet oan 'e Mieddyk yn Menaam. Radio Ienhoarn is eigendom fan Stifting Lokale Radio- en Telefyzje-omrop Menameradiel/It Bilt/Frjentsjerteradiel "De Ienhoarn". It bewâld oer de organisaasje is yn 'e hannen fan in fjouwerkoppich bestjoer

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Santema, Pier Abe, Nog een streekomroep voor Waddeneilanden, yn: de Ljouwerter Krante, 3 febrewaris 2022, s. 24.