Some Like It Hot (film út 1959)

Ut Wikipedy
Some Like It Hot
film
makkers
regisseur Billy Wilder
produsint Billy Wilder
senario Billy Wilder
I.A.L. Diamond
kamerarezjy Charles Lang
muzyk Adolph Deutsch
filmstudio Mirisch Company
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Tony Curtis
Jack Lemmon
Marilyn Monroe
byrollen George Raft
Pat O'Brien
Joe E. Brown
Joan Shawlee
Dave Barry
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 24 maart 1959
foarm swart-wytlangspylfilm
sjenre histoaryske romantyske
   komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $2,9 miljoen
opbringst $40 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
BAFTA Award

Some Like It Hot is in Amerikaanske swart-wytfilm út 1959 ûnder rezjy fan Billy Wilder, mei yn 'e haadrollen Tony Curtis, Jack Lemmon en Marilyn Monroe. De titel betsjut: "Guon Wolle it Graach Hjit Hawwe" (dat is in ferwizing nei in regel út it achttjinde-iuwske bernerymke Please Porridge Hot). It is in histoaryske romantyske komeedzje dy't ûnder de Drûchlizzing spilet, yn 'e 1920-er jierren. It ferhaal giet oer twa oan legerwâl rekke muzikanten dy't tsjûge binne fan it Falentynsdeibloedbad en har op 'e flecht foar de maffia ferklaaid as froulju by in frouljusorkest jouwe.

Some Like It Hot waard troch de filmkritisy rûnom mei lof ûntfongen en wurdt ek tsjintwurdich noch beskôge as ien fan 'e bêste films aller tiden. Yn 'e bioskopen ûntjoech Some Like It Hot him ta in grut kommersjeel súkses. De film, dêr't travesty yn foarkomt en wêryn't fierders omboarte wurdt mei it idee fan homoseksualiteit, waard makke sûnder goedkarring fan 'e Motion Picture Production Code (in gedrachskoade dêr't alle Hollywood-films har fan 1934 ôf oan hâlde moasten). De koade, dy't offisjeel fan krêft bleau oant de midden fan 'e 1960-er jierren, wie lykwols geandewei de 1950-er jierren ferswakke rekke. It oerweldigjende súkses fan Some Like It Hot wurdt beskôge as ien fan 'e foarfallen dy't it úteinlike lot fan 'e koade besegelen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Drûchlizzing, yn febrewaris 1929, wurkje Joe en syn maat Jerry as muzikanten yn Chicago. Joe is in ideälistyske saksofoanspiler dy't fan gokken hâldt en graach efter de froulju oan sit; Jerry is in reälistyske kontrabasspiler dy't him troch Joe allegeduerigen beprate lit ta dingen wêrfan't er eins wol wit dat it neat wurde kin. Se wurkje yn in yllegale kroech (in speakeasy) dy't ferburgen is efter de fasade fan in begraffenisûndernimming en eksploitearre wurdt troch maffiabaas "Spats" Colombo.

Mulligan, in agint fan it Bureau of Prohibition, kriget in tip oer de kroech fan syn ynformant "Toothpick" Charlie, wêrnei't er der yn 'e mande mei it Chicago Police Department in ynfal docht. Alle oanwêzigen wurde arrestearre, mar Joe en Jerry witte troch de efterdoar út te piken. Troch de ynfal rinne se krekt de útbetelling fan harren lean mis, dy't letter dy jûns plakfine soe. Joe bepraat Jerry om harren oerjassen te ferpânjen en it jild yn te setten op in hûnerace, mar hy kiest de ferkearde hazzewynhûn en se reitsje al it jild kwyt.

Stjerrende kâld yn it winterwaar bejouwe de beide mannen har nei harren ympressario Sig Poliakoff, dy't op dat stuit wanhopich op 'e siik is nei twa froulike muzikanten, in saksofoniste en in kontrabasspylster, foar in frouljusorkest dat de oare deis nei Floarida ôfsette sil. Foar Joe en Jerry hat er inkeld in putsje yn in plak dat in hiel ein fan Chicago ôf leit. Joe set syn sjarme yn om dêrta de auto te lienen fan Poliakoff syn sekretaresse Nellie Weinmeyer, dy't se út in garaazje ophelje kinne. As se dêr oankomme, binne se der lykwols tsjûge fan hoe't Spats Colombo en syn trewanten wraak nimme foar de ynfal yn 'e speakeasy troch Toothpick Charlie en seis fan syn bindeleden tsjin 'e muorre te setten en mei mitrailleurs ôf te sjitten (in barren dat dúdlik ynspirearre is troch it beruchte Falentynsdeibloedbad).

Joe en Jerry wurde sjoen troch Colombo en syn mannen, mar se witte fuort te glûpen, en by it hearren fan 'e sirenes fan 'e tahastigjende plysje dogge Colombo-en-dy it harren net oan tiid om se op te spoaren. Joe en Jerry beseffe dat se no sjen moatte dat se út Chicago wei komme. Joe kriget in idee en skillet Poliakoff op, dy't er mei in heech stimke fertelt dat hy en syn kammeraatske in saksofoniste en in kontrabasspylster binne dy't om wurk ferlegen sitte, en dat er heard hat dat Poliakoff sokke muzikantes siket. De ferromme Poliakoff regelet daliks dat "Josephine" (Joe) en "Daphne" (Jerry) by it frouljusorkest oan it wurk kinne, en de oare moarns ferskine de beide manlju ferklaaid as froulju yn Chicago Union Station om mei de rest fan 'Sweet Sue and Her Society Syncopators' op 'e trein nei Floarida te stappen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis nei Miami komme se yn 'e kunde mei Bienstock, de manlike manager fan it orkest, Sweet Sue, de diriginte, en de oare orkestleden, ûnder wa de tige tsjeppe Sugar Kane, dy't sjongt en de ukelele bespilet. Joe en Jerry reitsje al rillegau obsedearre troch Sugar en stride ûnderling om har oandacht. Under de treinrit docht bliken dat de froulju fan it orkest der net yn spuie, al hat Sweet Sue it near lein op alkohol yn har orkest. Mar wat net wit, wat net deart, en Josephine en Daphne hawwe muoite om by al it temûk efteroer slaan fan sterke drank te ûnthâlden dat se froulju hearre te wêzen en dêrom net besykje kinne om Sugar te fersieren.

Sugar fertelt Joe yn fertrouwen dat se har by in frouljusorkest jûn hat om't se in swak hat foar manlike saksofonisten, dy't yn it ferline al gauris har hert stellen en brutsen hawwe. Se hat no besletten om yn Floarida, dêr't, sa't eltsenien wit, de riken hinne geane om te oerwinterjen, in sympatike bebrilde miljonêr te finen. Ienris oankommen yn Miami nimt it orkest syn yntrek yn it Seminole Ritz Hotel, dat lyk oan it strân stiet. Joe hat ien fan 'e koffers fan Bienstock efteroer drukt en út 'e klean dy't er dêryn fynt, stalt er in twadde momkape gear, as de wat eksintrike, bebrilde miljonêr Junior, de erfgenamt fan Keninklike Shell. Hy soarget derfoar dat Sugar him (as Junior) op it strân tsjinkomt, en docht dan krekt as hat er gjin belangstelling foar har, wat har belangstelling foar him krekt oanfiteret.

Underwilens is Daphne (Jerry) sjoen troch in echte miljonêr, it gauris troude, gauris skieden memmepopke Osgood Fielding III. It is foar him leafde op it earste gesicht, mar Daphne moat om foar de hân lizzende redens neat fan him hawwe. Fielding lit him dêrtroch net út it fjild slaan en hâldt oan as kâld wetter. Hy nûget Daphne út foar in romantysk diner by kjersljocht op syn jacht, de New Caledonia, wêrfan't er de bemanning frijjûn hat sadat er allinnich mei har wêze kin. As Joe dat heard, kriget er wer ien fan syn plantsjes. Hy bepraat Jerry om (as Daphne) Fielding dy jûns oan lân dwaande te hâlden, sadat hy (as Junior) Sugar meinimme kin nei "syn" jacht foar in romantyske diner by kjersljocht.

As se ienris op it jacht binne, leit Junior oan Sugar út dat er troch in psychologysk trauma ympotint en frigide rekke is, en dat er op stel en sprong mei eltse frou trouwe soe dy't dat feroarje koe. Sugar lit har dat net twaris sizze, en begjint fuortendaliks te besykjen om Junior ta seksuële opwining te bringen. Underwilens dûnset Daphne mei Fielding de tango oant de dage oan 'e loft is. As Joe weromkeart yn 'e hotelkeamer dy't er mei Jerry dielt, fertelt Jerry him dat Fielding Daphne frege hat om mei him te trouwen. Hy heakket dêr foar de feralterearre Joe oan ta dat Daphne him har tawurd jûn hat. As Joe Jerry freget oft er wol hielendal goed by de holle is, leit Jerry út dat er in direkte skieding ferwachtet sadree't útkomt dat er in man is, folge troch in heech bedrach oan alimintaasje. Joe besiket him út 'e dream te helpen troch him stapke foar stapke út te lizzen wêrom't er net echt mei Fielding trouwe kin, en wêrom't er, as er it dochs trochset, nea in reade sint sjen sil.

De oare deis wurdt yn it Seminole Ritz Hotel in konferinsje holden mei as namme "Freonen fan 'e Italjaanske Opera". Dat is in dekmantel foar in gearkomste fan 'e haden fan 'e maffiafamyljes yn 'e Feriene Steaten, ûnder lieding fan in maffiabaas dy't "Lytse Bonaparte" neamd wurdt. Ek Spats Colombo heart ta de lju dy't útnûge binne, en yn 'e lobby fan it hotel kenne hy en syn liifwachten Joe en Jerry werom as de tsjûgen fan 'e moard op "Toothpick" Charlie-en-dy. Joe en Jerry witte te ûntkommen, mar se beseffe dat se sjen moatte dat se fuortkomme. Om't Colombo syn mannen grif alle iepenbier ferfier yn 'e rekken hâlde sille, skillet Jerry Fielding op om harren ôf te heljen, sadat se mei syn jacht útnaaie kinne. Joe nimt ôfskie fan Sugar mei in tillefoantsje wêryn't er har útleit dat er troch syn heit nei Súd-Amearika ta roppen is, dêr't er mei de erfgenamte fan in Fenezolaanske ierdoaljemaatskippij trouwe moat.

Joe en Jerry besykje, ferklaaide as Josephine en Daphne, út harren hotelkeamer te ûntsnappen troch út it finster te klimmen, mar it tafal wol dat Spats Colombo de keamer rjocht ûnder harren krigen hat, sadat hy en syn mannen de meneuvels fan 'e beide muzikanten troch it rút gewaarwurde. Nei in efterfolging troch it hotel fine Joe en Jerry in skûlplak ûnder de mei lange taffelkladen beklaaide bankettafel fan 'e maffiakonferinsje. Dêr binne se der tsjûge fan hoe't Lytse Bonaparte, dy't noch mei "Toothpick" Charlie op skoalle sitten hie, wraak nimt op Spats Colombo troch him en syn mannen deasjitte te litten. Se slane op 'e nij op 'e flecht troch it hotel, mar se wurde net efterfolge, mei't agint Mulligan en de plysje in ynfal by de konferinsje dogge en alle dielnimmers oppakke. Underweis nei de útgong sjocht Joe (ferklaaid as Josephine) Sugar sjongen dat se nea wer fan immen hâlde sil. Hy kin it net litte om har te tútsjen ear't er ôfset en op dat stuit beseft Sugar dat Josephine deselde as Junior is.

Tony Curtis.
Jack Lemmon.
Marilyn Monroe.

Joe en Jerry drave nei de oanlissteger, dêr't Fielding yn syn sloep op harren wachtet. Se jouwe harren by him, mar foar't se ôfsette kinne, komt Sugar harren efternei en klimt ek oan board. Wylst se nei de New Caledonia farre, fertelt Joe oan Sugar dat er mar in ienfâldige saksofonist is en dat se better fertsjinnet. Sy wol him lykwols dochs hawwe. Underwilens besiket "Daphne" oan Fielding út te lizzen wêrom't "se" net mei him trouwe kin, mei redens dy't útinoar rinne fan in ferslaving oan smoken oant ûnfruchtberens. Fielding wiuwt lykwols elts beswier fuort en is wisberet om it foarnommen houlik troch te setten. Yn argewaasje skuort Jerry úteinlik syn prúk ôf en ropt him ta: "Ik bin in man!" Fielding bliuwt ek dêr kalm ûnder en antwurdet: "Och, net ien is folmakke."

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Joe / Josephine / "Shell Oil Junior" Tony Curtis
Jerry / Daphne Jack Lemmon
Sugar Kane (eins Sugar Kowalczyk) Marilyn Monroe


byrollen
personaazje akteur/aktrise
"Spats" Colombo George Raft
Bureau of Prohibition-agint Mulligan Pat O'Brien
Osgood Fielding III Joe E. Brown
Sweet Sue Joan Shawlee
Bienstock Dave Barry
"Lytse Bonaparte" Nehemiah Persoff
Sig Poliakoff Billy Gray
Nellie Weinmeyer Barbara Drew
Dolores (tromboane) Beverly Wills
Rosella (fioel) Grace Lee Whitney
"Toothpick Charlie" George E. Stone
Johnny Paradise Edward G. Robinson jr.
trewant fan Colombo #1 Mike Mazurski
trewant fan Colombo #2 Harry Wilson

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plot fan Some Like It Hot wie basearre op in senario fan Robert Thoeren en Michael Logan foar de Frânske film Fanfare d'Amour, út 1935. Om't dat senario sels lykwols spoarleas wie, socht filmprodusint Walter Mirisch in eksimplaar op fan 'e Dútske remake Fanfaren der Liebe, út 1951. Hy kocht de filmrjochten dêrop en droech it oer oan syn sakepartner Billy Wilder. Dy skreau op basis fan it Dútske senario tegearre mei I.A.L. Diamond in nij skript foar in Amerikaanske remake. Sawol de Frânske as de Dútske film geane oer twa oan legerwâl rekke muzikanten op 'e siik nei wurk, mar de ferhaalline oer de maffia wie in betinksel fan Wilder, dy't it tafoege om 'e muzikanten in reden te jaan en slaan op 'e flecht.

Some Like It Hot waard regissearre troch Wilder, dy't foar de Mirisch Company ek as filmprodusint by it projekt belutsen wie. Der wie foar de film in budget beskikber fan $2,9 miljoen. Hoewol't kleurefilms oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren gjin útsûndering mear wiene, waard besletten om Some Like It Hot yn swart-wyt te meitsjen, om sa de kosten te drukken. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Charles Lang, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Adolph Deutsch. De soundtrack befette ek it liet I Wanne Be Loved by You, songen troch Marilyn Monroe, wêrfan't de (sensuële) útfiering ikoanysk waard en it liet sels razen populêr.

It orkest oan it oefenjen mei Tony Curtis (1e f.l.), Jack Lemmon (2e f.l.) en Marilyn Monroe (4e f.l.).

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur Billy Wilder hie Tony Curtis sjoen yn 'e film Houdini (1953), en wie der op slach fan oertsjûge rekke dat dy perfekt wêze soe foar de rol fan Joe. Foar de rol fan Jerry hie Wilder earst Frank Sinatra op it each, mar dy't kaam net opdaagjen by syn audysje. Ek Jerry Lewis en Danny Kaye waarden yn omtinken nommen foar't de kar úteinlik op Jack Lemmon foel, dy't Wilder sjoen hie yn 'e komeedzjefilm Operation Mad Ball. De profesjonele travestyt Barbette waard troch de filmstudio oannommen om Curtis en Lemmon te trainen om as froulju te bewegen.

Foar de froulike haadrol tochten Wilder en syn mei-senarioskriuwer I.A.L. Diamond oan Mitzi Gaynor. It wie nea by harren opkommen om in stjer as Marilyn Monroe te freegjen, ek al hie dy earder mei Wilder gearwurke foar The Seven Year Itch (1955). Doe't se lykwols fia-fia te hearren krigen dat Monroe belangstelling foar de rol hie, wie dúdlik dat se sa'n kâns net rinne litte koene. Monroe krige 10% fan 'e opbringst fan 'e film útbetelle, wat delkaam op mear as $4 miljoen. Curtis krige 5% (mear as $2 miljoen), en Wilder sels waard 17,5% fan it earste miljoen útbetelle nei't de film út 'e kosten kommen wie, en 20% fan alles dat dêrnei noch fertsjinne waard.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen fan Some Like It Hot fûnen yn 'e simmer en hjerst fan 1958 yn Kalifornje plak. In grut part fan 'e film waard op lokaasje filme yn it Hotel del Coronado yn Coronado (Kalifornje), dat yn 'e film trochgiet foar it 'Seminole Ritz Hotel' yn Miami. Dat seach der yn 1958 nammentlik noch krekt sa út as yn 'e 1920-er jierren en wie handige tichtby Hollywood.

Under de opnamen wiene der in protte swierrichheden mei de aktearprestaasjes fan Marilyn Monroe, dy't harsels min konsintrearje koe. Foar in part kaam dat om't se yn dy tiid al oan medisinen ferslave wie. Se kaam allegeduerigen te let op 'e filmset en koe har tekst foar it meastepart net ûnthâlde, sadat der, neffens Tony Curtis, trochinoar 35 oant 40 takes foar eltse tekstregel fan har nedich wiene. De útspraak "It's me, Sugar" ("Ik bin it, Sugar") moast bgl. 47 kear oerdien wurde, om't Monroe oanhâldend de folchoarder fan 'e wurden ferwiksele en sei: "Sugar, it's me" of "It's Sugar, me". Curtis en Jack Lemmon sleaten ûnder de opnamen weddenskippen ôf oer hoefolle takes oft der diskear wer nedich wêze soene om it goed te krijen. Foar de sêne wêryn't Sugar (Monroe) op it strân foar it earst yn 'e kunde komt mei "Shell Oil jr." (Curtis) loek Wilder daliks mar trije dagen út, mar dat stie der yn 20 minuten op.

Tony Curtis en Marilyn Monroe yn Some Like It Hot.

Underwilens besochten Monroe har aktearcoach Paula Strasberg en har man Arthur Miller beiden ynfloed op 'e produksje út te oefenjen, wat ta argewaasje late by Wilder en de rest fan 'e filmcrew. Yn 1959 waard Wilder yn in fraachpetear frege oft er nochris in film mei Monroe meitsje woe. Hy antwurde: "Ik haw it deroer hân mei myn dokter en myn psychiater, en dy fertelden my allebeide dat ik te âld en te ryk bin om mysels soks nochris op 'e hals te heljen." Oer Monroe har hâlden en dragen seid er lykwols ek: "Us muoike Minnie wie altyd sekuer op 'e tiid en soe de produksje nea opholden hawwe, mar wa soe betelje wolle om ús muoike Minnie te sjen?" Uteinlik, sa fûn er, spile Monroe har rol prachtich, al gie dêr wol hiel wat lijen oan foarôf.

De film einiget mei de troch Osgood Fielding III (Joe E. Brown) útsprutsen sin "Nobody's perfect" ("Net ien is folmakke"). Dy útspraak is ikoanysk wurden, mar eins wie it nea de bedoeling dat dy yn 'e film komme soe. Wilder en Diamond setten de útspraak yn it senario om't se op dat stuit neat betters betinke koene, en wiene fêst fan doel om him letter te ferfangen. Tsjin 'e tiid dat de slotsêne opnommen wie, hiene lykwols noch altyd neat betters betinke kinnen.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Some Like It Hot waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 24 maart 1959 yn premiêre yn in beheind tal bioskopen, dat mei yngong fan 29 maart útwreide waard. It soundtrackalbum fan Some Like It Hot waard op 24 febrewaris 1998 útbrocht.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Some Like It Hot waard troch de filmkritisy rûnom mei loovjende resinsjes ûnthelle, en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films ea makke. De foaroansteande krikitus Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, skreau yn 2000: "Wilders komeedzje út 1959 is ien fan 'e duorjende skatten fan 'e filmkeunst, in film fan ynspiraasje en sekuer fakmanskip." Doedestiden omskreau John McCarten fan The New Yorker de film as "in fleurige, soargeleaze ûndernimming". Yn 1967 skreau Richard Roud yn 'e Britske krante The Guardian dat Some Like It Hot "de perfeksje nei-oan" komt.

It Hotel del Coronado yn Coronado (Kalifornje), yn 2011, dêr't in grut diel fan 'e sênes fan Some Like It Hot opnommen waarden.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Some Like It Hot in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 59 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In byderhante, grappige farse dy't nea begjint te slepen." (Dat is in wurdboarterij, mei it Ingelske wurd foar "slepen", drag, ek slaan kin op in man dy't him ferklaait as frou.) Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Some Like It Hot sels in goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Some Like It Hot brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $14 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $26 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $40 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2,9 miljoen betsjut dat in winst fan $37,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moasten.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Some Like It Hot wie oan 'e ein fan 'e simmer fan 1959 te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, dêr't de film nominearre waard foar de Gouden Liuw. Yn maart 1960 waard Some Like It Hot by de Golden Globes nominearre foar trije prizen, dy't de film allegearre wûn: foar bêste film (musical of komeedzje), bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Marilyn Monroe) en foar bêste akteur yn in musical of komeedzje (Jack Lemmon).

Yn april fan dat jier waard Some Like It Hot by de Oscars nominearre foar seis prizen, wêrûnder dy foar bêste regisseur (Billy Wilder), bêste akteur (Lemmon), bêste adaptearre senario (Wilder en I.A.L. Diamond), bêste kamerarezjy (Charles Lang) en bêste art direction (swart-wyt) (Ted Haworth en Edward G. Boyle). De film wûn de Oscar foar bêste kostúmûntwerp (swart-wyt), dy't gie nei Orry-Kelly. By de Britske BAFTA Awards waard Some Like It Hot yn 1960 nominearre foar twa prizen, wêrûnder dy foar bêste film. Jack Lemmon wûn de BAFTA foar bêste bûtenlânske akteur.

Yn 1989 wie Some Like It Hot ien fan 'e earste 25 films dy't troch de Library of Congress útornearre waarden foar preservaasje yn it National Film Registry.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.