RoboCop 2

Ut Wikipedy
RoboCop 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Irvin Kershner
produsint Jon Davison
senario Frank Miller
Walon Green
kamerarezjy Mark Irwin
muzyk Leonard Rosenman
filmstudio Orion Pictures
distribúsje Orion Pictures
(letter Metro-Goldwyn-Mayer)
spilers
haadrollen Peter Weller
Nancy Allen
byrollen Belinda Bauer
Tom Noonan
Dan O'Herlihy
Gabriel Damon
Galyn Görg
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 juny 1990
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $25-30 miljoen
opbringst $45,7 miljoen (Noard-Amearika)
filmsearje
filmsearje RoboCop
● foarich diel RoboCop
● folgjend diel RoboCop 3

RoboCop 2 is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-aksjefilm en -plysjefilm út 1990 ûnder rezjy fan Irvin Kershner, mei yn 'e haadrollen Peter Weller en Nancy Allen. De film is in ferfolch op RoboCop, út 1987, en heart as sadanich ta de RoboCop-franchise. It ferhaal folget de cyborg-plysjeman RoboCop yn in takomstich Detroit, dat hast oan misdie te sink giet. Diskear nimt er it op tsjin Cain, de sljochtsinnige makker fan in tige ferslaavjende nije soarte drugs. Underwilens besiket Omni Consumer Products, it ymmorele bedriuw dat RoboCop skepen hat, om 'e macht yn Detroit oer te nimmen. Dêrfoar wurdt in nij type cyborg ûntwikkele dat RoboCop ferfange moat. RoboCop 2 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjende film yn deselde searje, RoboCop 3, kaam út yn 1993.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in neie, dystopyske takomst stiet Detroit op it punt om derûnder te strûpen oan 'e almar oanboazjende misdie yn 'e stêd. Troch gebrek oan jild en middels stiet it stedsbestjoer machteleas. Fan needs is de pleatslike plysje al oerdien oan it grutte bedriuwekonglomeraat Omni Consumer Products (OCP), mar dy privatisearring hat ferkeard útpakt. OCP hat nammentlik de salarissen fan 'e plysje mei 40% omleech dien en de pinsjoenen hielendal ôfpakt, mei as gefolch dat de plysje yn staking gien is.

Op in gearkomste fan 'e direksje fan OCP docht bliken dat it bedriuw der witten en mienen op oanstjoerd om 'e gemeente bankrot gean te litten; it útlokjen fan 'e plysjestaking is mar ien strategy dy't dêrfoar ynset wurdt. Om't OCP de gemeente in grutte liening dien hat, kin it bedriuw yn it gefal fan in fallisemint nammentlik hiel Detroit oernimme. Dan kin einling it grutte plan fan 'e algemien direkteur, dy't bekend stiet as "de Alde", útfierd wurde: it platwalsen fan 'e fertutearze buerten yn 'e binnenstêd om der in moderne stêd fan glânzgjende wolkekliuwers foar yn it plak te bouwen, dy't Delta City komme moat te hjitten.

Mar net de hiele plysje fan Detroit staakt: de cyborg RoboCop en syn trouwe partner Anne Lewis binne noch oan it wurk en besykje de floedweach fan misdie te beheinen. Dêrby nimme se it op tsjin Cain, de psychopatyske lieder fan in pleatslik drugskartel, dy't in sekte-eftich gefolch om him hinne garre hat. Boppedat hat er in nije en ekstreem ferslaavjende drug ûntwikkele, dy't nuke hjit. By in ynfal witte RoboCop en Lewis in fabryk dêr't nuke produsearre wurdt, plat te lizzen, mar Cain syn neiste meiwurkers, de opslûpen jonge Hob en de tsjeppe dame Angie, witte oan arrestaasje te ûntkommen.

Underwilens hat RoboCop flashbacks krigen nei syn eardere libben as de plysjeman Alex Murphy. Fan gefolgen is er obsedearre rekke troch Murphy syn widdo Ellen, dy't er begjint te stalken troch eltse dei oerenlang yn syn plysje-auto by har yn 'e strjitte te stean en stadich foar har hûs lâns te riden. Ellen, dy't noch altyd rouwet om it ferlies fan har man, tsjinnet dêr in klacht oer yn en driget in rjochtsaak tsjin OCP oan te spannen. Nei't RoboCop troch syn begelieders ûnder druk set is, fertelt er Ellen by in moeting ûnder tafersjoch fan dy begelieders dat Murphy dea is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

RoboCop hat by syn kreaasje fan OCP trije rjochtlinen meikrigen: it tsjinjen fan 'e befolking, it beskermjen fan 'e ûnskuldigen en it hanthavenjen fan 'e wet. Om't er soks as masine tige ûnbûchsum útleit, hat er yn it ferline ek de lieding fan OCP net ûntsjoen by it hanthavenjen fan 'e wet. Sadwaande stiet er by it bedriuw net yn in al te bêst boekje. OCP besiket in RoboCop 2 te ûntwikkeljen, in 'ferbettere' ferzje fan RoboCop dy't docht wat de bedriuwslieding wol. Uteinlik sil dy yn massaproduksje nommen wurde om 'e stakende plysje alhiel te ferfangen. Allinne, it wol net slagje om 'e nije cyborgs, dêr't de harsens fan stoarne plysjeminsken yn ferwurke wurde, derfan te wjerhâlden om 'selsmoard' te dwaan sadree't se aktivearre wurde.

Dr. Juliette Faxx, in psychologe yn 'e tsjinst fan OCP, bringt de teory op 't aljemint dat it Murphy syn strikte morele koade en syn strange roomske opfieding binne dy't him yn dit ferbân ta sa'n unyk súkses meitsje. Hja bepraat de Alde derfan om har it seleksjeproses liede te litten om gaadliker kandidaten te finen, sadat de ynvestearring fan OCP ter wearde fan $90 miljoen oan research en ûntwikkeling net ferlern giet. De researchstêf is lykwols ûntset as bliken docht dat Faxx ta de deastraf feroardiele finzenen selektearje wol, om't dy neat te ferliezen hawwe en earder macht en ûnstjerlikens begeare soene as plysjeminsken.

Cain brûkt ûnderwilens de ynformaasje dy't him taspile wurdt troch de korrupte en oan nuke ferslaafde plysjeman Duffy om 'e operaasjes fan 'e plysje tsjin him en syn kartel mei grouwélich geweld te sabotearjen. As RoboCop, dy't Cain syn helpke Hob ûnder suveillânse hat, foar it ferstân kriget dat Duffy in ferrieder is, jout er him krekt sa lang in wan bruien oant er de lokaasje fan Cain syn haadkertier priisjout. Dat blykt in leechsteand stielfabryk te wêzen. Wannear't RoboCop dêr op eigen manneboet op ôfgiet, rint er lykwols yn in mûklaach en wurdt er oerweldige, wêrnei't Cain en syn trewanten syn lichem oan gruzeleminten houwe en de brokstikken by it plysjeburo dumpe. Neitiid nimt Cain wraak op Duffy troch him libben oan stikken snije te litten foar de eagen fan syn binde.

OCP wol RoboCop earst net reparearje, sabeare om't dat tefolle kostet, mar eins om't se him in gefaar achtsje foar de eigen doelen. Under druk fan 'e plysje en de befolking beslute se de reparaasje úteinlik dochs út te fieren, mar yn opdracht fan 'e Alde soarget Faxx derfoar dat de nije, sêftere rjochtlinen yn it systeem fan RoboCop ymplantearre wurde, dy't syn funksjonearjen as plysje ûnmooglik meitsje. Bykommend foardiel foar OCP is dat dêrtroch it RoboCop 2-projekt needsaakliker wurdt. As RoboCop lykwols in befreone laboratoariumassistinte tsjin Lewis sizzen heart dat er him fan 'e nije programmearring ûntdwaan kinne soe as er himsels ûnder stroom sette, stapt er daliks op in transformatorhúske ôf, dat er iepenbrekt om krekt te dwaan wat se seit. Neitiid reboot syn systeem sûnder de nije rjochtlinen, mar ek sûnder de âlde rjochtlinen, sadat er foar it earst frij is om te dwaan en litten wat er wol.

En dat is mei de binde fan Cain ôfweve. RoboCop motivearret de stakende plysjes om him te helpen by in ynfal yn Cain syn haadkertier. Hob en Angie witte fannijs te ûntkommen, mar de measte oare bindeleden wurde òf arrestearre of komme om. Ek de foarrie nuke fan 'e binde en in reuseftige hoemannichte kontant jild falt yn 'e hannen fan 'e plysje. Cain sels besiket út te piken, mar by in efterfolging wit RoboCop him oan te hâlden, hoewol't Cain dêrby swierferwûne rekket en yn it sikehûs bedarret. Neitiid nimt de slûchslimme Hob mei de heal ûnwillige help fan Angie de lieding oer it drugskartel oer. Cain wurdt yn it sikehûs opsocht troch Faxx, dy't fan betinken is dat er de perfekte kandidaat is foar it RoboCop 2-projekt. Want om't er sels ek oan nuke ferslave is, mient se dat se him behearskje kin troch him nuke te jaan of te ûnthâlden. Se docht de medyske apparatuer út dy't him yn libben hâldt, wêrnei't sjirurgen yn 'e tsjinst fan OCP syn harsens transplantearje nei it roboatyske lichem fan RoboCop 2.

Boargemaster Kuzak is ûnderwilens de wanhoop nei-oan. Syn krewearjen om 'e skuld dy't Detroit by OCP hat, ôf te beteljen troch crowdfunding rint op neat út. As Hob dan kontakt mei him opnimt en oanbiedt de hiele skuld fan $39 miljoen yn ien kear te foldwaan, grypt Kuzak dy rêding mei beide hannen oan. Dat Hob in krimineel is, dy't yn ruil foar it jild wol dat de plysje syn drugsdealers gewurde litte, nimt Kuzak op 'e keap ta. Fia in korrupte wethâlder kriget OCP lykwols lucht fan dit hantsjebakken. Om't Hob syn help oan it stedsbestjoer de plannen foar de oername fan 'e stêd troch it bedriuw en de bou fan Delta City op losse skroeven sette soe, jout de Alde, dêrta oantrune troch Faxx, opdracht om RoboCop 2 yn te setten. De moeting fan boargemaster Kuzak mei Hob wurdt sadwaande fersteurd troch RoboCop 2, oftewol Cain, dy't alle oanwêzigen deasjit. Inkeld Kuzak wit libben te ûntkommen fia it rioel. As de echte RoboCop letter it plak delikt ûntdekt, treft er dêr in swierferwûne Hob oan, dy't him fertelt wa't de dieder is. RoboCop bliuwt by de jonge oant er oan syn ferwûnings beswykt.

De Alde organisearret in parsekonferinsje dêr't er sawol de plannen foar Delta City as de nije RoboCop 2 oan 'e gearklofte media presintearje wurde. As er lykwols as attribút by syn taspraak in fleske nuke sjen lit as de belicheming fan alles dat mis en ferrotte is oan Detroit, soarget Cain syn ûnbehearskbere ferslaving derfoar dat er syn programmearring oerwint en op 'e jacht nei it fleske de media en befeiligingslju oanfalt. RoboCop ferskynt mei in swier masinegewear en lokket Cain nei bûten ta, dêr't in lang gefjocht folget dêr't ek de rest fan 'e plysje him yn mingt. It docht lykwols bliken dat sawol RoboCop as de nije RoboCop 2 net stikken te krijen binne. Op 't langelêst siket RoboCop it fallen fleske nuke op en liedt Cain dêrmei langernôch ôf om him op 'e rêch te springen. De seame tusken de holle en romp fan RoboCop 2, yn 'e nekke, blykt it swakke plak yn it ûntwerp te wêzen, en dêr brekt RoboCop syn tsjinstanner iepen, wêrnei't er de harsens fan Cain út 'e robot skuort en stikken slacht. Dat is de ein fan sawol Cain as RoboCop 2.

Op goerie fan syn neiste ûnderhearrige Johnson, dy't in persoanlike wrok tsjin Faxx koesteret, beslút de Alde om Faxx de skuld fan it hiele debakel op 'e lea te skowen. As Lewis tsjin RoboCop klaget dat OCP alwer de dûns ûntspringt, antwurdet RoboCop dat se geduld hawwe moat, want, sa seit er, "we binne mar minsklik."

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peter Weller yn 2016.
Nancy Allen yn 1984.
haadrollen
personaazje                      akteur/aktrise
RoboCop / Alex Murphy Peter Weller
plysje Anne Lewis Nancy Allen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Juliette Faxx Belinda Bauer
Cain Tom Noonan
de "Alde" (alg. dir. fan OCP) Dan O'Herlihy
Hob Gabriel Damon
Angie Galyn Görg
Donald Johnson Felton Perry
boargemaster Marvin Kuzak Willard E. Pugh
plysjeman Duffy Stephen Lee
brigadier Reed Robert DoQui
Delaney Ken Lerner
Linda Garcia Patricia Charbonneau
Holzgang Jeff McCarthy
Schenk John Doolittle
Ellen Murphy Angie Bolling
Flint Brandon Smith
Chet Thomas Rosales jr.
Tak Akita Tzi Ma
Estevez Wanda De Jesus
Jess Perkins Leeza Gibbons
Gilette George Cheung
Poulos Phil Rubenstein
Catzo Michael Medeiros
Whittaker Roger Aaron Brown
Stef Mark Rolston
Doc Gary Bullock
Casey Wong Maria Machado
Magnavolt-ferkeaper John Glover
model yn reklame foar sinnebrânoalje Fabiana Udenio
sjirurgyn-generaal John Ingle

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RoboCop 2 waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Frank Miller en Walon Green. De senarioskriuwers fan 'e foargeande film RoboCop soene earst ek it skript foar de ferfolchfilm skriuwe, mar omreden fan in fiif moannen duorjende staking fan it Writers Guild of America, it fakbûn fan senarioskriuwers, waarden se troch filmstudio Orion Pictures ûntslein foar kontraktbrek. As produsint wie Jon Davison by it projekt belutsen. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 oant 30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Irwin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Leonard Rosenman.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar RoboCop 2 fûnen foar it meastepart plak yn Houston (Teksas), dat neffens regisseur Kershner in ideäle opnamelokaasje wie fanwegen de relative rêst yn it stedssintrum by nacht. It Cullen Center gie troch foar it haadkertier fan OCP, wylst it stedhûs fan Houston te sjen is yn in sêne mei boargemaster Kuzak yn wat it stedhûs fan Detroit foarstelle moat. Oare gebouwen yn Houston dy't prominint yn 'e film te sjen binne, wiene it George R. Brown Convention Center, it Bank of America Center, it Wortham Theater Center en it Alley Theatre. In lyts part fan 'e film waard opnommen yn Los Angeles.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan RoboCop 2 waard fersoarge troch Orion Pictures en kaam yn 1999, nei de oername fan dy studio, yn 'e hannen fan Metro-Goldwyn-Mayer, dat syn eigen logo mei de âljende liuw oan it begjin fan 'e film pleatste. De film gie op 22 juny 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 desimber 1992 by platemaatskippij Varèse Sarabande. RoboCop 2 waard op 13 desimber 1990 útbrocht as VHS-keapfideo en kaam yn 1998 út op dvd. Op blu-ray ferskynde er foar it earst yn 2011.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige RoboCop 2 oer it algemien negative resinsjes. In gauris neamd punt fan krityk wie dat de film it personaazje RoboCop weromset nei de monotoan pratende masine út it begjin fan 'e earste film, ek al hied er oan 'e ein fan dy rôlprint syn identiteit en minsklike emoasje weromwûn. In oar elemint út RoboCop 2 dat in soad negative belangstelling loek, wie de ynset fan Hob, in jonge fan tolve jier of dêromtrint, as ûnmeilydsume moardner en assistint fan 'e psychopatyske krimineel Cain.

Janet Maslin fan The New York Times skreau: "Oars as RoboCop, dat in fernimstige en orizjinele science fiction-film wie mei in oprjocht tragyske kyk op 'e haadpersoan, nimt RoboCop 2 net de muoite om wat nijs te dwaan. It lient frijmoedich de sitewaasje, personaazjes en morele fragen fan 'e earste film." Hja fûn dat it ferskil tusken RoboCop en RoboCop 2 it ferskil wie "tusken in idee en in tins oer in earder idee dy't letter noch by jin opkomt." It tydskrift Variety skreau: "Dit ultragewelddiedige, nihistyske ferfolch hat genôch technyske heechstantsjes om yndruk te meitsjen fans fan sokke hardware, mar it is sa klear as in klûntsje dat nimmen fan 'e direksje fan Orion Pictures de filmmakkers ferteld hat dat minder mear is."

Yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail wie Jay Scott ien fan 'e net folle filmkritisy dy't útsprutsen posityf oer RoboCop 2 wie. Hy neamde it "in glêde en fernimstige ferfolchfilm" en skreau fierders: "Foar fans fan gewelddiedige mar fernimstige aksjefilms soe RoboCop 2 skoan ris it bêste wêze kinne wat it simmerseizoen te bieden hat: je krije de bluodderigens fan Total Recall en de satiryske slûchslimmichheidsjes fan Gremlins 2: The New Batch yn ien heech-technologysk pakje, dat byinoar holden wurdt troch it beskieden lintsje fan in B-film."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat RoboCop 2 in goedkarringspersintaazje fan 30%, basearre op 37 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film is] in minder befredigjend oereidzjen [fan it ferhaal út 'e earste film], dat […] bydraacht oan 'e negative stereotypearring fan ferfolchfilms" en "RoboCop 2 besiket mear fan alles te hawwen, mar hat by einsluten minder." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet RoboCop 2 in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 22 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RoboCop 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $45,7 miljoen op. Foar oare lannen en territoaria binne gjin sifers bekend. As men allinne de Noardamerikaanske opbringst ôfset tsjin it budget fan $25 oant 30 miljoen, betsjut dat in winst fan teminsten $15,7 miljoen en mooglik $20,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RoboCop 2 waard nominearre foar trije Saturn Awards, yn 'e kategoryen bêste science fiction-film, bêste rol fan in jongere akteur (Gabriel Damon as Hob) en bêste special effects.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

RoboCop (filmsearje)
RoboCop (1987) • RoboCop 2 (1990) • RoboCop 3 (1993) • RoboCop (2014)