Springe nei ynhâld

Jay Scott

Ut Wikipedy
Jay Scott
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeffrey Scott Beaven
oare namme Jay Scott
nasjonaliteit Amerikaansk
Kanadeesk
berne 4 oktober 1949
berteplak Lincoln (Nebraska)
stoarn 30 july 1993
stjerplak Toronto (Ontario)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus
jierren aktyf 19711993

Jay Scott (echte namme: Jeffrey Scott Beaven; Lincoln (Nebraska), 4 oktober 1949Toronto, 30 july 1993) wie in Amerikaansk-Kanadeesk sjoernalist, dy't bekendheid krige as filmkritikus.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scott waard yn 1949 as Jeffrey Scott Beaven berne yn Lincoln, yn 'e Amerikaanske steat Nebraska. Hy waard grutbrocht yn in fermidden fan fûnemintalistyske sânde-deisadvintisten yn Albuquerque, yn Nij-Meksiko, mei in leauwensdoktrine dy't sa strang wie dat it ferbean wie om films te sjen. Scott genoat syn oplieding oan it Nij Kolleezje fan Floarida yn Sarasota.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1969 flechte Scott mei tweintich jier nei Kanada om oan 'e tsjinstplicht foar de Fjetnamoarloch te ûntkommen. Hy sette him nei wenjen yn Calgary, yn 'e provinsje Alberta, en befrijde him folslein fan syn restriktive ferline. Films wiene foar him in nij fenomeen en hy fûn se fassinearjend. Fan likernôch 1971 ôf wie Scott as filmkritikus yn 'e tsjinst fan 'e krante de Calgary Albertan. Yn 1975 wûn er mei syn resinsjes in National Newspaper Award.

Datselde jiers ferfear Scott nei Toronto, yn Ontario, dêr't er yn 1977 as filmkritikus oannommen waard troch de foaroansteande krante The Globe and Mail. By dat deiblêd woeks er út ta ien fan 'e ynfloedrykste filmkritisy fan Kanada. Teffens wûn er noch twaris in National Newspaper Award. Ek hjoed de dei noch wurdt er beskôge as de bêste en ynsjochrykste filmkritikus út 'e skiednis fan 'e Kanadeeske sjoernalistyk.

Njonken syn wurkpaad as kranteman wie Scott ek presintator fan in eigen filmrubryk op it tillefyzjekanaal TVOntario. Teffens publisearre er trije non-fiksjeboeken oer films en keunst: Midnight Matinees (1985), Changing Woman: The Life and Art of Helen Hardin (1989), en The Prints of Christopher Pratt 1958–1991 (1991).

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1967 ôf hie Scott in relaasje en letter in houlik mei Mary Bloom, mei wa't er yn syn studintejierren yn Sarasota yn 'e kunde kommen wie. Nei't se yn 1980 skieden wiene, kaam Scott út 'e kast as homo en begûn er relaasje mei Gene Corboy.

Ferstjerren en earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jay Scott kaam yn july 1993 mei 43 jier te ferstjerren oan leverfalen feroarsake troch AIDS. Hy wurke oan syn dea ta foar The Globe and Mail en wie op dat stuit dwaande mei in fjirde non-fiksjeboek oer regisseur Norman Jewison. Op 'e jûn fan syn ferstjerren ûnderbriek TVOntario de plande programmearring foar de útstjoering fan in in memoriam foar Scott, dêr't ek de fertoaning fan ien fan syn favorite films diel fan útmakke: À bout de souffle fan Jean-Luc Godard.

Scott waard betocht op it earstfolgjende Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. De foaroansteande Amerikaanske resinsint Roger Ebert priizge him as in "tige goed ynformearre filmkritikus, dy't syn kennis omsette koe yn in sublym proaza dat syn hertstocht foar de films [oan 'e lêzers] oerbrocht". Akteur Clint Eastwood makke op eigen inisjatyf $5.000 oer oan it Casey House, it hospys yn Toronto dêr't Scott yn syn lêste dagen palliative soarch ûntfongen hie.

In samling fan syn filmresinsjes waard yn 1994 postúm publisearre ûnder de titel Great Scott! The Best of Jay Scott's Movie Reviews. De opbringst fan dy útjefte gie nei de Kanadeeske Stifting foar AIDS Undersyk (CFAR). Yn 2009 stelde de Feriening fan Filmkritisy fan Toronto (TFCA) in jierliks útrikte priis foar opkommend talint yn 'e Kanadeeske filmyndustry yn, dy't yn neitins oan Scott de Jay Scott Prize kaam te hjitten.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1985 – Midnight Matinees
  • 1989 – Changing Woman: The Life and Art of Helen Hardin
  • 1991 – The Prints of Christopher Pratt 1958–1991
  • 1994 – Great Scott! The Best of Jay Scott's Movie Reviews (postúm)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.