RoboCop 3

Ut Wikipedy
RoboCop 3
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Fred Dekker
produsint Patrick Crowley
senario Frank Miller
Fred Dekker
kamerarezjy Gary B. Kibbe
muzyk Basil Poledouris
filmstudio Orion Pictures
distribúsje Orion Pictures (Noard-Amearika)
Columbia TriStar Film
   Distributors International
(ynt.)
(letter Metro-Goldwyn-Mayer)
spilers
haadrollen Robert Burke
Remy Ryan
Jill Hennessy
byrollen C.C.H. Pounder
John Castle
Nancy Allen
Rip Torn
Stephen Root
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 april 1993
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk en Japansk
spyltiid 104 minuten
budget en resultaten
budget $22 miljoen
opbringst $46,9 miljoen
filmsearje
filmsearje RoboCop
● foarich diel RoboCop 2
● folgjend diel RoboCop

RoboCop 3 is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-aksjefilm, superheldefilm en -plysjefilm út 1993 ûnder rezjy fan Fred Dekker, mei yn 'e haadrollen Robert Burke, Remy Ryan en Jill Hennessy. It wie de trêde film út 'e RoboCop-rige en as sadanich in ferfolch op RoboCop (1987) en RoboCop 2 (1990). It ferhaal folget de cyborg-plysjeman RoboCop yn in somber takomstich Detroit, dêr't it bedriuwekonglomeraat OCP in tirannyk plan útfiert om 'e bewenners fan in hiele wyk te deportearjen om sa romte te meitsjen foar nije wolkekliuwers. As RoboCop syn partner Lewis troch de trewanten fan OCP fermoarde wurdt, jout er him by it ferset. RoboCop 3 krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar yn 'e bioskopen wie it in beskieden kommersjeel súkses, hoewol't fierwei it meastepart fan 'e opbringst fan bûten de Feriene Steaten kaam. Sadwaande wurdt de film dêre ornaris as in flop beskôge. Pas yn 2014 soe der wer in film yn 'e RoboCop-searje makke wurde: RoboCop, dat in reboot fan 'e mediafranchise en in remake fan 'e oarspronklike film wie.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in neie, dystopyske takomst stiet it bedriuwekonglomeraat Omni Consumer Products (OCP) op it punt om bankrot te gean nei in rige grutskalige mislearre ynfrastruktuerprojekten en it kelderjen fan 'e oandieleprizen. Mei't OCP eigner is fan Detroit (sjoch: RoboCop 2) soe dat foar de stêd ek net folle goeds betsjutte. De oplossing fan 'e algemien direkteur fan OCP is om syn bedriuw oernimme te litten troch it gruttere, Japanske konglomeraat Kanemitsu Corporation.

Mei nije finansiering fan Kanemitsu wurdt troch OCP ynset op it sa gau mooglik reälisearjen fan 'e bou fan wolkekliuwers fan it projekt Delta City. Dêrfoar moat Cadillac Heights, de wyk fan Detroit dêr't dy nijbou komme moat, ûnder twang fan syn bewenners ûntdien wurde. Om dat te berikken, wurde wurknimmers fan in privaat befeiligingsbedriuw ynset, de Urban Rehabilitators, byneamd Rehabs. Foar de bûtenwacht wurde dy presintearre as in oanfolling op 'e plysje fan Detroit, dy't de oanboazjende kriminaliteit yn 'e stêd net mear de baas kin, mar eins fiere se inkeld in ordinêre deportaasje út, mei't se gjin skrupules hawwe om mei grouwélich geweld tsjin 'e warleaze boargerbefolking fanwegen te kommen.

By de ûntromming fan in buert yn Cadillac Heights rekket de achtjierrige Nikko Halloran, in heal-Japansk, heal-Amerikaansk famke dat alles fan kompjûters en ynformatika ôfwit, skaat fan har beide âlden. Letter docht bliken dat dyselden troch de Rehabs deasketten binne om't se besochten te ûntkommen. Nikko doarmet in skoft mei inkeld har laptop by har troch de buert, dy't nei de ûntromming leech efterbleaun is. As se op it punt stiet om troch de Rehabs pakt te wurden, wurdt se rêden troch Bertha, in swarte frou dy't oan it haad stiet fan it pleatslike ferset tsjin 'e Rehabs. Dy fersetslju wurde yn 'e propaganda fan OCP oantsjut as "terroristen". As troch de aksjes fan it ferset de ûntromming fan Cadillac Heights fertraging oprint, stjoert de presidint-direkteur fan 'e Kanemitsu Corporation de Otomo, in nij ûntwikkele ninja-androïde, nei Detroit ta om regaad te meitsjen.

Underwilens negearret de troch OCP ûntwikkele cyborg-plysjeman RoboCop in direkt befel fan syn oerhearrige sadat er syn partner Anne Lewis te help komme kin, dy't mei twa oare plysjes nei in oanriding fest kommen is te sitten yn it territoarium fan in ultra-gewelddiedige binde, de Splatterpunks. RoboCop makket koarte metten mei de bindeleden dy't Lewis-en-dy oanfalle, mar neitiid wachtet him in beskrobbing fan Jeffrey Fleck, it haad fan 'e ôfdieling fan OCP dat oer RoboCop giet. Fleck jout oan dr. Marie Lazarus, dy't oer it ûnderhâld fan 'e cyborg giet, opdracht om 'e emoasjes en it ûnthâld fan RoboCop út te skeakeljen mei in spesjaal dêrfoar ûntwikkele chip. Lazarus kiest der lykwols foar om dat net te dwaan en de chip ynstee te ferneatigjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wannear't RoboCop en Lewis by in nachtlike patrûlje yn Cadillac Heights besykje om ûnwapene boargers, dy't beskûl socht hawwe yn in tsjerkegebou, te beskermjen tsjin 'e Rehabs, wurdt Lewis moedwillich deasketten troch Paul McDaggett, de lieder fan 'e Rehabs. (Letter wurdt har dea ferklearre troch te sizzen dat RoboCop losslein is en syn eigen partner om hals brocht hat.) RoboCop is net by steat om werom te fjochtsjen, mei't syn fjirde rjochtline him ferbiedt om it yn 'e kant te setten tsjin personiel fan OCP, wat de Rehabs úteinlik binne. McDaggett kin him sadwaande besjitte mei in raketgranaat, dy't him yn it boarst rekket. Hoewol't syn pânser de granaat tsjinkeart, rjochtet de klap in protte ynterne skea oan. RoboCop wurdt op inisjatyf fan 'e lytse Nikko rêden troch de fersetsgroep fan Bertha, dy't him nei it haadkertier fan 'e groep bringe lit.

Mei it systeem fan RoboCop op it punt om dermei op te hâlden wylst de fersetslju net witte wat se dwaan moatte om him te helpen, seit RoboCop dat dr. Lazarus helpe kin. Nikko glûpt fuort, ynfiltrearret it plysjeburo dêr't RoboCop wurket en hellet Lazarus op. Mei help fan 'e fersetslju wit dy him wer by de pinken te krijen. Dêrby wisket se mei-iens de fjirde rjochtline út syn software. It docht bliken dat it ferset by in eardere oerfal fan in plysje-arsenaal om oan fjoerwapens te kommen ek it prototype jetpack stellen hat dat makke is om RoboCop fleane te litten. Lazarus fertelt dat it kompjûtersysteem fan it jetpack ek as in back-up fungearje kin foar RoboCop syn eigen systeem.

Om 'e moard op Lewis te ferjilden, set RoboCop útein mei in ienmans fjildtocht tsjin 'e Rehabs. Hy treft McDaggett net yn it haadkertier fan 'e groep, mar hy kriget troch tapassing fan geweld de lokaasje fan McDaggett los út ien fan 'e Rehabs dy't dêr wol oanwêzich is. As RoboCop nei it hotel giet dêr't er nei trochferwiisd is, trappearret er dêr Coontz, ien fan 'e fersetslju út Bertha har groep, dy't temûk ynformaasje oan McDaggett trochspilet. Trochdat RoboCop ôflaat is troch Coontz, slagget it McDaggett om te ûntkommen. Der ûntstiet in efterfolging wêrby't McDaggett RoboCop lang om let wit ôf te skodzjen.

Fuort letter dogge McDaggett en syn Rehabs in ynfal yn it haadkertier fan it ferset, wêrby't Coontz harren it paad wiist. De measte fersetsleden wurdt koelbloedich fermoarde, ûnder wa ek Bertha. In minderheid wit te ûntkommen. Lazarus rekket ynsletten mei de lytse Nikko, dy't se rêdt troch har in fentilaasjekanaal yn te stjoeren dat te lyts is foar harsels. Lazarus en inkele oare oerlibbenen wurde finzen nommen en opsletten yn it haadkertier fan OCP. As RoboCop nei it haadkertier fan it ferset weromkeart, is dêr nimmen fan syn freonen mear te bekennen. Hy wurdt opwachte troch Otomo, dy't him oanfalt en him mei syn katana de lofterearm ôfslacht. Dy skea makket dat de enerzjy fuortlekt út it systeem fan RoboCop. Foar't er amper noch bewege kin, wit er lykwols mei in masinegewear dat yn it plak fan syn ûnderearm op 'e earmtakke montearre wurde kin, Otomo de holle ôf te sjitten.

Nikko ynfiltrearret it haadkertier fan OCP, dêr't se mei har technologyske kennis it kompjûtersysteem hackt en Lazarus helpt om út har sel wei yn te brekken yn in tillefyzje-útstjoering mei it berjocht dat OCP ferantwurdlik is foar de oanboazjende kriminaliteit yn Detroit en dat de Rehabs hiermoardners binne dy't de deportearre ynwenners fan Cadillac Heights stânrjochtlik eksekutearje ynstee dat se earne oars húsfêste wurde. Se ropt eltsenien op om oan 'e ein ta troch te fjochtsjen tsjin OCP en de Rehabs. Troch dat nijs kelderet de priis fan oandielen OCP alhiel, mei de folsleine finansjele ferrinnewearring fan it bedriuw as gefolch.

Underwilens set McDaggett útein mei in grutte wraam op Cadillac Heights om 'e lêste oerbleaune bewenners dêrwei te krijen en de wyk yn te nimmen. Hy wol dêrfoar de help fan 'e plysje fan Detroit hawwe en de algemien direkteur fan OCP jout dêr opdracht foar. De plysjeminsken, oanfierd troch RoboCop syn direkte oerhearrige, brigadier Reed, wegeret lykwols mei te wurkjen en nimt massaal ûntslach. Reed en de oare plysjes jouwe harren ynstee by de oerbleaune fersetslju yn Cadillac Heights, sadat de gueriljastriid tsjin OCP feroaret yn in iepen oarloch. Om oan genôch minsken te kommen om Cadillac Heights dochs yn te nimmen, rekrutearret McDaggett de Splatterpunks om oan 'e kant fan 'e Rehabs mei te fjochtsjen.

De oprop fan Lazarus, dy't yn it eardere haadkertier fan it ferset op in oan steande tillefyzje te hearren is, makket dat RoboCop him mei syn lêste krêften nei syn jetpack ta sleept. Troch it systeem fan it jetpack as back-up te brûken, slagget it him om himsels wer op te laden. De Rehabs en de Splatterpunks falle mei swier materieel Cadillac Heights binnen, en de plysje en it ferset lije ferliezen. Dan ferskynt de fleanende RoboCop op it toaniel, dy't handich ôfweeft mei de pânserfiertugen en it swiere geskut fan 'e fijân, wêrnei't de plysje en it ferset de Splatterpunks en de sljochtwei ynfantery fan 'e Rehabs op 'e flecht jeie.

RoboCop fljocht troch nei it haadkertier fan OCP om in rekken te fereffenjen mei McDaggett, dy't út 'e direksjekeamer wei, boppe-yn 'e wolkekliuwer, lieding jout oan 'e oanfal op Cadillac Heights. Dêr oankommen docht lykwols bliken dat McDaggett oer noch twa oare Otomo's beskikt, dy't RoboCop oermânsk wurde. Yn 'e algemiene gaos, wêrby't alle rotten it sinkende skip fan OCP ferlitte, hat Lazarus ûnderwilens witten te ûntsnappen út har sel. Mei Nikko bejout se har nei de direksjekeamer, dêr't Nikko mei har laptopke fia in triedleaze ferbining de Otomo's krekt op 'e tiid wit te hacken, wêrnei't se de beide androïdes inoar ferneatigje lit. In poerrazene McDaggett fertelt har dat se harren no allegear fermoarde hat, om't de Otomo's oer in selsferneatigingssysteem beskikke, dat troch har bemuoienis aktivearre is. RoboCop aktivearret syn jetpack, wêrfan't de flamjende útstjit en passant McDaggett syn ûnderskonken ferbrânt. Mei Lazarus ûnder de iene earm en Nikko ûnder de oare springt er út it finster en fljocht fuort, wylst efter him de direksjekeamer mei de ymmobilisearre McDaggett der noch yn eksplodearret.

Yn 'e neisleep fan alle trelit wurdt alle skea yn Cadillac Heights opromme. Kanemitsu, it haad fan 'e Kanemitsu Corporation, arrivearret út Japan wei mei yn syn sok de algemien direkteur fan OCP, dy't wer by him yn it geflaai besiket te kommen. Fia syn tolk lit Kanemitsu him lykwols witte dat er ûntslein is. De Japanners hawwe nammentlik besletten dat OCP foargoed opheft wurdt foarútrinnende op 'e weromlûking fan 'e Kanemitsu Corporation út Detroit. Kanemitsu moetet RoboCop op 'e strjitte en bûcht him ta, in teken fan respekt dat RoboCop beäntwurdet. Wylst de Japanners har wer ôfjouwe, wurdt RoboCop ek komplimintearre troch de âlde algemien direkteur fan OCP, dy't him dêrnei freget hoe't er eins ek al wer hjit. RoboCop antwurdet: "Myn freonen neame my Murphy. Jo meie wol RoboCop sizze."

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Remy Ryan yn 2008.
Jill Hennessy yn 2013.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise            
RoboCop / Alex Murphy Robert Burke
Nikko Halloran Remy Ryan
dr. Marie Lazarus Jill Hennessy


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bertha C.C.H. Pounder
Paul McDaggett John Castle
plysje Anne Lewis Nancy Allen
algemien direkteur fan OCP Rip Torn
Coontz Stephen Root
brigadier Reed Robert DoQui
Jeffrey Fleck Bradley Whitford
Otomo Bruce Locke
Moreno Daniel von Bargen
Zack Stanley Anderson
Donald Johnson Felton Perry
Kanemitsu Mako Iwamatsu
Keiko Halloran Jodi Long
David Halloran John Posey
Debbie Dix Eva LaRue Callahan
Casey Wong Mario Machado
Bixby Snyder S.D. Nemeth
Clarence Boddicker Kurtwood Smith (argyfbylden)
Ellen Murphy Angie Bolling (argyfbylden)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RoboCop 3 waard regissearre troch Fred Dekker, dy't foartiid inkeld horrorfilms makke hie. Hy wurke nei in senario fan Frank Miller, dat er sels bot oanpaste. Miller hie syn meiwurking oan dizze twadde ferfolchfilm út 'e RoboCop-franchise tasein yn 'e hoop dat guon fan syn ideeën dy't út it skript foar RoboCop 2 snien wiene, no dochs noch brûkt wurde soene, mar hy kaam bedragen út. Hy ferliet nei RoboCop 3 Hollywood en soe dêr pas yn 2005 weromkeare mei de ferfilming fan syn wurk Sin City. Syn oarspronklike senario foar RoboCop 2 wurke er letter om ta de achtdielige stripsearje Frank Miller's RoboCop, dy't útjûn waard troch Boom! Studios.

As produsint wie Patrick Crowley by RoboCop 3 belutsen foar de filmstudio Orion Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $22 miljoen, oansjenlik leger as de $30 miljoen dy't trije jier earder útjûn waard foar RoboCop 2. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gary B. Kibbe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Basil Poledouris. De opnamen foar RoboCop 3 fûnen plak yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't de measte gebouwen dy't yn 'e film te sjen binne, doe al ûntromme wiene foarútrinnend op har sloop om romte te meitsjen foar fasiliteiten foar de Olympyske Simmerspullen fan 1996.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan RoboCop 3 waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Orion Pictures en dêrbûten troch Columbia TriStar Film Distributors International. Yn 1999, nei de oername fan Orion, kaam de distribúsje fan RoboCop 3 yn 'e hannen fan Metro-Goldwyn-Mayer, dat syn eigen logo mei de âljende liuw oan it begjin fan 'e film pleatste. De film gie op 18 april 1993 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Spitigernôch wie de ynhâld doe al fierhinne bekend: troch fertraging mei it útbringen fan 'e film, dy't feroarsake waarden troch it bankrot en de trochstart fan Orion Pictures yn 'e simmer fan 1992, waard it fideospultsje dat by de film hearde al fier foar de premiêre útbrocht, en dêr wie de plot fan 'e film út op te meitsjen.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige RoboCop 3 oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Roger Ebert de film yn 'e Chicago Sun-Times 11/2 fan 4 stjerren. Neffens him wie de RoboCop-franchise al lang oer de uterste hâldberheidsdatum hinne, mar gie Orion Pictures troch mei it meitsjen fan ferfolchfilms om't it no ienris in merknamme wurden wie. Dêr heakke er by túltsjes oan ta, ferwizend nei de autoyndustry dêr't Detroit om bekend stiet: "It is yn Detroit in âlde tradysje om in âld ûntwerp te nimmen en dêr wat nije groom oerhinne te smaren" om it dan as "it nije model fan dit jier" oan 'e man te bringen.

Yn The Washington Post skreau Richard Harrington dat RoboCop 3 "net bepaald meislepend [is] en gauris flau". Ek stelde er fêst dat it omleech skroeve budget (yn ferhâlding mei RoboCop 2) sichtber wie yn 'e sets en special effects. David Nusair fan Reel Film Reviews parte oan 'e film 21/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "It bêste dêr't jin [ûnder dizze omstannichheden] op hoopje kinne, is in film dy't net in beproeving is om út te sitten. Op dat nivo blinkt RoboCop 3 beslist út. Hy kin it orizjineel net alhiel belykje. Mar op it minst wurket RoboCop 3 as in poere fermaaksfilm, eat dat diel twa net iens oprêde koe."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat RoboCop 3 in tige leech goedkarringspersintaazje fan 6%, basearre op 31 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet RoboCop 3 in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 15 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RoboCop 3 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $10,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $36,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $46,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22 miljoen betsjut dat in winst fan $24,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei boekte RoboCop 3 in beskieden kommersjeel súkses, mar om't it meastepart fan 'e winst út it bûtenlân kaam en de Amerikaanske filmyndustry yn 'e regel benammen sjocht nei de opbringst yn eigen lân, dy't yn dit gefal frijwat leech wie, wurdt de film dochs as in flop beskôge.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

RoboCop (filmsearje)
RoboCop (1987) • RoboCop 2 (1990) • RoboCop 3 (1993) • RoboCop (2014)