RoboCop (franchise)
RoboCop | ||
betinker | Edward Neumeier Michael Miner | |
eigner | Orion Pictures (1987-1999) Metro-Goldwyn-Mayer (1999-) | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1987 | |
films | ||
langspylfilms | ● RoboCop (1987) ● RoboCop 2 ● RoboCop 3 ● RoboCop (2014) | |
tillefyzje | ||
searjes | ● RoboCop (1994) ● RoboCop: Prime Directives | |
tekenfilmsearjes | ● RoboCop (1988) ● RoboCop: Alpha Comando | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ferskaat, sjoch hjirre | |
literatuer | ||
romans | RoboCop 2: A Novel | |
strips | ferskaat, sjoch hjirre | |
muzyk | ||
soundtracks | ● RoboCop (1987) ● RoboCop 2 ● RoboCop 3 ● RoboCop (2014) |
RoboCop is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1987 úteinsette mei de film RoboCop fan regisseur Paul Verhoeven, nei in idee fan senarioskriuwers Edward Neumeier en Michael Miner. Neitiid ferskynden der twa ferfolchfilms en in remake, oanfolle mei byhearrende soundtrackalbums, twa live-actiontillefyzjesearjes, twa tekenfilmsearjes, in ferboeking en ferskate strips en fideospultsjes. De franchise kin yndield wurde by de sjenres science fiction, aksjefiksje, plysjefiksje, superheldefiksje, dystopyske fiksje, satire en cyberpunk. It útgongspunt fan RoboCop is dat Alex Murphy, in plysjeman yn Detroit dy't omkomt by it útoefenjen fan syn funksje, omboud wurdt ta in frijwol ûntsjinkearbere cyborg, dy't koarte metten makket mei kriminelen. De mediafranchise wie oant 1999 eigendom fan filmstudio Orion Pictures en dêrnei fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM).
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]RoboCop (1987)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop (film út 1987).
RoboCop spilet yn in neie, dystopyske takomst. Yn it der troch oanboazjende misdie ûnder strûpende Detroit wurdt plysjeman Alex Murphy (Peter Weller) ûnder it útoefenjen fan syn wurk fermoarde troch de binde fan Clarence Boddicker (Kurtwood Smith). Syn stoflik omskot wurdt neitiid troch it op winst beluste bedriuw Omni Consumer Products (OCP), dêr't it stedsbetsjoer it bewâld oer de pleatslike plysje oan útbestege hat, brûkt om 'e frijwol ûnferslaanbere cyborg RoboCop te kreëarjen. Dyselde makket regaad yn 'e stêd en weeft handich ôf mei alderhanne krimineel ûnrant. Wat de korrupte lieding fan OCP lykwols net goed foar it ferstân hat, is dat RoboCop, dy't gjin eangst fielt en dêrtroch net yntimidearre wurde kin, gjin ûnderskie sjocht tusken strjitmisdie en witeboardekriminaliteit. Mei help fan syn eardere partner Anne Lewis (Nancy Allen) nimt RoboCop it sadwaande net inkeld op tsjin Boddicker-en-dy, mar ek tsjin Dick Jones (Ronny Cox), de adjunkt-direkteur fan OCP.
RoboCop waard regissearre troch Paul Verhoeven nei in senario fan Edward Neumeier en Michael Miner. De film gie op 17 july 1987 yn premiêre, en brocht yn Noard-Amearika allinnich al $53,4 miljoen op tsjin in budget fan $13,7 miljoen. Dêrmei wie it in ûnferwachte kommersjeel súkses. RoboCop waard nominearre foar 3 Oscars en wûn de priis foar bêste lûdsmontaazje. De film wûn ek 5 Saturn Awards.
RoboCop 2
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop 2.
Yn RoboCop 2 krije RoboCop (Peter Weller) en Lewis (Nancy Allen) it oan 'e stôk mei in drugskartel ûnder lieding fan Cain (Tom Noonan). Dat produsearret en distribuëarret de nije drug Nuke, dêr't de befolking fan Detroit slim ûnder te lijen hat. Underwilens betinkt de lieding fan OCP, dat de privatisearre plysje fan Detroit eksploitearret, in snoad plan om it stedsbestjoer fallyt gean te litten, sadat se de hiele stêd oernimme kinne. Om dat foarinoar te krijen, werprogrammearje se RoboCop, sadat dy harren har gong gean lit. RoboCop feroarsaket lykwols mei opsetsin in reboot fan syn systeem, sadat de nije programmearring wiske wurdt.
RoboCop 2 waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Frank Miller en Walon Green. De film gie op 22 juny 1990 yn premiêre, en brocht yn Noard-Amearika $45,7 miljoen op tsjin in budget fan $25 oant 30 miljoen.
RoboCop 3
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop 3.
Yn RoboCop 3 set OCP syn plannen fuort om it stedsbestjoer fan Detroit fallyt gean te litten, sadat it bedriuw de hiele stêd opkeapje kin. Om dat proses wat flugger ferrinne te litten, wurde de Stedske Rehabilitators, koartwei "Rehabs" oprjochte, in swierbewapene private befeiligingsienheid û.l.f. Paul McDaggett (John Castle). Yn namme moat dy de plysje fan Detroit fuortsterkje, mar eins is it doel fan OCP om troch de ienheid de bewenners fan 'e buert Cadillac Heights ûnder te twang te deportearjen. RoboCop (Robert Burke) en Lewis (Nancy Allen) kantsje har dêrtsjin oan, mei as gefolch dat McCagget Lewis fermoardet. Dat liedt derta dat RoboCop in ienmans wraakkampanje tsjin 'e Rehabs en OCP begjint, dy't alle plannen fan it bedriuw torpedearret.
RoboCop 3 waard regissearre troch Fred Dekker nei in senario fan himsels en Frank Miller. De film gie op 18 april 1993 yn premiêre yn Japan en op 5 novimber fan dat yn 'e Feriene Steaten. RoboCop 3 brocht yn totaal $47 miljoen op tsjin in budget fan $22 miljoen.
RoboCop (2014)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop (film út 2014).
Yn RoboCop hat it grutte bedriuw OmniCorp fan sakeman Raymond Sellars (Michael Keaton) grou jild fertsjinne oan 'e ûntwikkeling fan roboatyske fredessoldaten dy't yn lannen as Afganistan en Irak ynset wurde. Om't de ynset fan militêre robots yn 'e Feriene Steaten ferbean is, siket it bedriuw nei in alternatyf om 'e plysje dêre te revolúsjonarisearjen. Dr. Dennett Norton (Gary Oldman) komt op 'e lapen mei it idee fan cyborgs, dy't net folslein roboatysk binne en dêrom net ferbean. Yn Detroit rekket plysjeman Alex Murphy (Joel Kinnaman) deadlik ferwûne by de útoefening fan syn funksje, wêrnei't er oan Norton oerdroegen wurdt, dy't fan him de earste cyborg-plysje makket: RoboCop. It docht lykwols bliken dat minsklike emoasjes en in fierhinne masinaal lichem net kompatibel binne: RoboCop is allinne effektyf as roboatyske misdiebestrider as syn emoasjes útset wurde, mar kin inkeld effektyf mei minsken omgean as se oanset wurde. Under druk fan 'e media en fan Murphy syn frou Clara (Abbie Cornish), dy't troch Sellars bedragen is, eskalearret de sitewaasje úteinlik ta in konflikt tusken OmniCorp en RoboCop.
RoboCop wie in remake fan de oarspronklike film en wie bedoeld as reboot fan 'e franchise. De film waard regissearre troch José Padilha nei in senario fan Joshua Zetumer, Edward Neumeier en Michael Miner. RoboCop gie op 12 febrewaris 2014 yn premiêre, en brocht $242,6 miljoen op tsjin in budget fan $100 oant 130 miljoen.
RoboCop Returns
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn jannewaris 2018 waard in nije film yn 'e RoboCop-franchise oankundige, dy't in direkte ferfolchfilm op 'e oarspronklike film út 1987 wurde moast. Dêrby soene dan de beide eardere ferfolchfilms RoboCop 2 en RoboCop 3 en de remake út 2014 bûten beskôging litten wurde. Yn july 2018 waard bekendmakke dat de nije RoboCop Returns komme soe te hjitten. Troch de útbraak fan 'e wrâldwide koroanafiruspandemy rûn de produksje lykwols oansjenlike fertraging op. Anno 2023 ferkeart it projekt noch altyd yn 'e preproduksjefaze.
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Live-action
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]RoboCop (1994)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop (tillefyzjesearje út 1994).
RoboCop is in Kanadeeske live-actiontillefyzjesearje, dy't fjouwer oant fiif jier nei de foarfallen yn 'e earste film spilet en de ûntwikkelings út RoboCop 2 en RoboCop 3 negearret. De searje rûn ien seizoen, fan maart oant novimber 1994, en der waarden yn totaal 21 gewoane ôfleverings fan elts 44 minuten fan makke, plus in dûbellange pilotôflevering. De searje folget de fierdere aventoeren fan RoboCop (Richard Eden), waans froulike partner hjirre Lisa Madigan (Yvette Nipar) hjit (ynstee fan Anne Lewis). Dêrnjonken wurde yn 'e searje ek de heit en mem fan Alex Murphy yntrodusearre. Syn heit Russell (Martin Milner) is sels ek plysjeman, en troch omstannichheden moat RoboCop gauris mei him gearwurkje, wêrby't er profitearret fan 'e lange ûnderfining dy't syn heit hat. Hy hâldt it lykwols foar syn âlden geheim dat it harren soan is dy't efter it fizier fan RoboCop beskûl giet, oant syn heit dat op in kear by tafal útfynt.
RoboCop: Prime Directives
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop: Prime Directives.
RoboCop: Prime Directives is in minysearje besteande út 4 ôfleverings fan elts 90 minuten: Dark Justice, Meltdown, Resurrection en Crash and Burn, dy't yn jannewaris 2001 foar it earst troch it Kanadeeske tillefyzjekanaal Space op 'e tillefyzje útstjoerd waarden. De foarfallen yn 'e searje fine plak tsien jier nei de oarspronklike film, en wat der yn RoboCop 2 en RoboCop 3 bard is, wurdt suver hielendal negearre. Yn 'e searje besiket OCP fan 'e lestige RoboCop (Page Fletcher) ôf te kommen troch in twadde cyborgplysje te meitsjen fan John T. Cable (Maurice Dean Wint), dat Murphy syn earste partner wie. "RoboCable" kriget in folle fleksibeler programmearring, sadat OCP him manipulearje kin, en wurdt útstjoerd om RoboCop te deadzjen. Nei ferskate konfrontaasjes slút RoboCable him lykwols by RoboCop oan. It personaazje fan Anne Lewis ûntbrekt yn RoboCop: Prime Directives alhiel.
Animaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]RoboCop (1988)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop (tillefyzjesearje út 1988).
RoboCop is in Amerikaanske tekenfilmsearje basearre op 'e oarspronklike film. De searje rûn ien seizoen, fan oktober oant desimber 1988, en der waarden yn totaal 12 ôfleverings fan 30 minuten it stik fan makke. De searje folget de aventoeren fan RoboCop (Dan Hennessey), dy't mei syn partner Anne Lewis (Susan Roman) de misdie bestriidt yn Detroit. Dêrnjonken wrakselet er ek mei dr. McNamara (Robert Bockstael), de útfiner fan 'e ED-209, dy't RoboCop as de rivaal fan syn útfining sjocht. Op syn wurk hat RoboCop fierders te lijen ûnder it narjen en de diskriminaasje fan ynspekteur Roger Hedgecock (Rex Hagon), dy't foaroardielen tsjin cyborgs hat. (Hedgecock spile yn 'e oarspronklike film mar in ûnbelangryk roltsje.)
RoboCop: Alpha Commando
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side RoboCop: Alpha Commando.
RoboCop: Alpha Commando is in tekenfilmsearje dy't in ferfolch op 'e eardere animaasjesearje RoboCop is. De searje rûn ien seizoen, fan septimber 1998 oant febrewaris 1999, en der waarden yn totaal 40 ôfleverings makke fan elts 30 minuten. RoboCop: Alpha Commando spilet yn 2030, wannear't RoboCop (David Sobolov) nei fiif jier lang offline west te hawwen, wer ynset wurdt om in high tech-ienheid fan 'e Amerikaanske federale oerheid by te stean. Dy ienheid hjit Alpha Division en krewearret om 'e terroristyske kriminele organisaasje DARC (Directorate for Anarchy, Revenge and Chaos) op te rôljen. De searje hie in protte oerlaap fan senarioskriuwers mei de foargeande animaasjesearje, mar hie noch minder as de foargeande animaasjesearje gemien mei de filmsearje oer RoboCop.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e RoboCop-franchise binne de folgjende soundtrackalbums útkommen:
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e film RoboCop 2 ferskynde yn 1990 fan 'e hân fan skriuwer Ed Naha in ferboeking ûnder de titel RoboCop 2: A Novel.
Strips
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e RoboCop-franchise binne de folgjende strips útkommen:
- 1990-1992 – RoboCop, útjûn troch Marvel Comics: 23 dielen + ferstrippings fan 'e earste beide films
- 1992 – RoboCop versus The Terminator, útjûn troch Dark Horse Comics: in inkelfâldich album
- 2003-2006 – RoboCop, útjûn troch Avatar Press: 11 dielen, besteande út in ferfolchsearje fan 9 dielen en 2 op harsels steande albums
- 2009-2013 – RoboCop, útjûn troch Dynamite Entertainment: 14 dielen, besteande út trije ferfolchsearjes fan 6, 4 en 4 dielen
- 2013-2016 – RoboCop, útjûn troch Boom! Studios: 34 dielen, wêrûnder in werprintinge fan 'e 9-dielige ferfolchsearje fan Avatar Press
Fideospultsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan 'e RoboCop-franchise binne de folgjende fideospultsjes útkommen:
- 1988 – RoboCop
- 1991 – RoboCop 2
- 1992 – RoboCop 3
- 1993 – RoboCop versus The Terminator
- 2003 – RoboCop
- 2014 – RoboCop
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
RoboCop (filmsearje) | |
---|---|
RoboCop (1987) • RoboCop 2 (1990) • RoboCop 3 (1993) • RoboCop (2014) |