Cyberpunk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Cyberpunk (út it Ingelsk; útspr.: [ˈsai̭bəɹpʌŋk], likernôch: "sai-bur-pank") is in subsjenre fan science fiction yn in dystopyske, futuristyske setting, dy't ornaris oerhinget ta in kombinaasje fan moreel ferfal en technologyske foarútgong. Sa komme der faak keunstmjittige yntelliginsje of sybernetika yn foar, keppele oan maatskiplike ynstoarting of in faksistyske maatskippij. Cyberpunk is foar in grut diel woartele yn 'e Nije Weach fan Science Fiction út 'e 1960-er en 1970-er jierren, doe't skriuwers as Philip K. Dick, Roger Zelazny, John Brunner, J.G. Ballard, Philip José Farmer en Harlan Ellison yn harren wurken de ynfloed fan drugs, technology en de Seksuele Revolúsje ûndersochten, wylst se it utopyske takomstbyld fan eardere science fiction-wurken mijden.

Strips dy't ta cyberpunk rekkene wurde kinne, ferskynden fan 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren ôf, mei as ien fan 'e earsten de Judge Dredd-rige, dy't begûn yn 1977. De ynfloedrike debútroman Neuromancer, fan William Gibson, droech sterk by oan 'e konsolidaasje fan cyberpunk as selsstannich subsjenre. Dat boek beloek dêrby eleminten út 'e subkultuer fan 'e punkers en de iere hackerkultuer. Oare ynfloedrike cyberpunkskriuwers wiene Bruce Sterling en Randy Rucker. Yn Japan sette cyberpunk yn 1982 útein mei de earste ôflevering út 'e mangasearje Akira, fan Katsuhiro Otomo. It subsjenre waard dêr fierder popularisearre troch de ferfilming Akira út 1988.

In iere film út 'e filmyndustry fan Hollywood dy't ta cyberpunk rekkene wurde kin, is Blade Runner, fan regisseur Ridley Scott, út 1982. Ferskate lettere cyberpunkfilms, lykas Johnny Mnemonic (1995) en New Rose Hotel (1998) flopten sawol kommersjeel as wat de ûntfangst troch de filmkritisy oanbelange. Yn 1999 hie The Matrix wol grut súkses, krekt as de oare beide dielen fan 'e Matrix-trilogy, dy't yn 2003 útkamen. Resintere cyberpunkwurken binne de films Blade Runner 2049 (2017, in ferfolch op Blade Runner), Upgrade (2018) en Alita: Battle Angel (2019), en de Netflix-tillefyzjesearje Altered Carbon (2018). Ferskate oare bekende wurken befetsje cyberpunkeleminten, lykas Steven Spielberg syn fim Ready Player One (2018).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.