Robert Vaughn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert Vaughn
Robert Vaughn Memorabilia March09.JPG
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Francis Vaughn
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 22 novimber 1932
berteplak New York (New York)
stoarn 11 novimber 2016
stjerplak Ridgefield (Konettikut)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of France.svg Frânsk
Flag of Ireland.svg Iersk
jierren aktyf 19552016
prizen Emmy 1978
offisjele webside
www.officialrobertvaughn.com
1rightarrow.png Dizze side giet oer de Amerikaanske akteur. Foar oare betsjuttings, sjoch: Robert Vaughn (betsjuttingsside).

Robert Vaughn (útspr.: ['ɹɔbǝɹt vɔ:n], likernôch: "ròbbert wôn"; folút: Robert Francis Vaughn; New York, 22 novimber 1932Ridgefield (Konettikut), 11 novimber 2016) wie in Amerikaansk toaniel-, film- en tillefyzjeakteur. Hy wie it bekendst fan syn rol as Napoleon Solo yn 'e tillefyzjesearje The Man from U.N.C.L.E., út 'e 1960-er jierren. Oare bekende rollen hied er yn 'e films The Magnificent Seven, The Bridge at Remagen en The Young Philadelphians. Foar syn optreden yn dy lêste film waard er yn 1960 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vaughn waard yn 1932 berne yn New York, as de soan fan harkspulakteur Gerald Walter Vaughn en dy syn frou Marcella Frances Gaudel, dy't toanielaktrise wie. Oan syn heite kant wied er fan mingd Iersk en Dútsk etnysk komôf, wylst syn mem fan Frânske ôfstamming wie. Syn âlden skieden doe't Vaughn noch hiel lyts wie, en om't syn mem foar har wurk it hiele lân trochreizge, waard er fierhinne grutbrocht troch syn pake en beppe, dy't yn Minneapolis wennen, yn 'e steat Minnesota.

Nei't er dêr de middelbere skoalle trochrûn hie, skreau Vaughn him yn oan 'e Universiteit fan Minnesota, dêr't er in jier sjoernalistyk studearre foar't er syn oplieding ôfbriek. Neitiid ferfear er mei syn mem nei Los Angeles, dêr't er trochlearde yn aktearjen en teäter oan it Stedskolleezje fan Los Angeles (LACC) en letter oan it Steatskolleezje fan Los Angeles foar Tapaste Keunsten en Wittenskippen (LASCAAS). Hy sleat syn stúdzje ôf mei it beheljen fan in mastergraad.

Letter soed er dy yn 1970 omsette yn in doktoraat oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, mei in proefskrift dat de titel hie: Only Victims: A Study of Show Business Blacklisting. Dêryn gie Vaughn djipdollend yn op it ferskynsel blacklisting yn 'e Amerikaanske entertainmentyndustry, wat ynhâldt dat der in swarte list oanmakke en byholden wurdt fan lju dy't fanwegen har politike opfettings útsluten wurde fan wurk. Yn 1972 publisearre er dy dissertaasje.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vaughn makke syn debút as akteur op 21 novimber 1955 yn 'e ôflevering Black Friday fan 'e tillefyzjesearje Medic. Letter dat jiers stied er foar it earst op 'e planken as Judas Iskariot yn it toanielstik The Pilgrimage Play, en yn 1956 wied er foar it earst op it wite doek te sjen, yn 'e film The Ten Commandments, hoewol't dy rol sa lyts wie dat er der net iens foar neamd waard op 'e ôftiteling. Syn earste gruttere filmrol hied er yn 'e western Hell's Crossroads, út 1957, as Bob Ford, de moardner fan Jesse James. Nei't er mei Burt Lancaster yn it toanielstik End as a Man spile hie, bea dyselde him in fêst kontrakt oan by syn filmstudio. It wie lykwols krekt doe, dat Vaughn oproppen waard foar syn tsjinstplicht yn it Amerikaanske Leger, dêr't er twa jier tsjinne en it brocht ta sersjant belêstge mei trening fan nije manskippen.

Vaughn syn trochbraak kaam yn 1959 doe't er foar syn rol yn 'e film The Young Philadelphians nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en teffens foar in Golden Globe yn deselde kategory. Yn 1960 folge ien fan syn bekendste filmrollen, as de traumatisearre revolverman Lee yn 'e western The Magnificent Seven, mei û.o. Yul Brynner, Steve McQueen, Charles Bronson en Eli Wallach. Tweintich jier letter soed er frijwol deselde rol nochris ferfolje yn 'e science fiction-film Battle Beyond the Stars (1980), dy't krekt as The Magnificent Seven basearre wie op 'e Japanske film Shichinin no Samurai ("Sân Samoerai"), fan regisseur Akira Kurosawa.

Yn 1963 en 1964 fertolke Vaughn yn 'e tillefyzjesearje The Lieutenant de rol fan kaptein Raymond Rambridge. Hy wie ûntefreden oer dat frijwat beheinde personaazje, en nei't er dêrom frege hie om 'e rol wat út te wreidzjen, besleat men him ynstee syn eigen searje oan te bieden. Dat waard de spionaazjesearje The Man from U.N.C.L.E., wêryn't Vaughn fan 1964 oant 1968 te sjen wie as Napoleon Solo. Yn dy rol krige er sels efter it Izeren Gerdyn bekendheid. Letter spile Vaughn de ambysjeuze Kalifornyske politikus Walter Chalmers yn 'e film Bullitt (1968), in rol wêrfoar't er nominearre waard foar in BAFTA Award. Yn 1969 hie Vaughn as majoar Paul Kreuger yn 'e oarlochsfilm The Bridge at Remagen wer ien fan syn bekendere rollen.

Yn 'e 1970-er jierren spile Vaughn foar it meastepart yn B-films, mar dêrnjonken died er ek mei oan twa seizoenen fan 'e Britske detektivesearje The Protectors. Yn 1978 wûn er in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, foar syn rol as Frank Flaherty yn 'e seisdielige minysearje Washington: Behind Closed Doors. Fierders wied er begjin 1980-er jierren mei syn freon George Peppard te sjen yn it lêste seizoen fan 'e aksjesearje The A-Team, as de formidabele generaal Hunt Stockwell. Oare rollen út 'e tachtiger jierren hie Vaughn yn 'e film Superman III, as de smjunteftige miljonêr Ross Webster, as gastakteur yn trije ôfleverings fan 'e detektivesearje Murder, She Wrote, en op 'e nij as Napoleon Solo yn 'e tillefyzjefilm Return of the Man from U.N.C.L.E. (1983).

Vaughn wurke yn 'e midden fan 'e 1990-er jierren ferskate kearen yn in kameoroltsje mei oan it praatprogramma Late Night with Conan O'Brien, wêryn't er as sabeare lid fan it publyk presintator Conan O'Brien en syn gasten it leksum lies, altyd begjinnend mei de wurden "You people make me sick!" ('Ik wurd mislik fan lju as jim!"). Fierders hied er yn dy snuorje gastrollen yn searjes as Diagnosis Murder, The Nanny, Walker, Texas Ranger en Law & Order. Letter soed er, yn 2006 en 2015, ek meiwurkje oan twa ôfleverings fan Law & Order: Special Victims Unit. Teffens wied er yn 1992 te sjen yn in ôflevering fan 'e Dútske Krimi-rige Tatort. Fan 2004 oant 2012 hied er in fêste rol yn 'e Britske dramarige Hustle, as de kaartspiler en oplichter Albert Stroller. Yn jannewaris en febrewaris 2012 spile er, ek yn Grut-Brittanje, yn in stikmannich ôfleverings fan 'e soapsearje Coronation Street.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vaughn wie in langjierrich lid fan 'e Demokratyske Partij. Hy wie ek de earste bekende akteur dy't him ûnder de Fjetnamoarloch iepentlik oansleat by de anty-oarlochsprotesten. Hy troude yn 1974 mei de aktrise Linda Staab, mei wa't er it jiers tefoaren op 'e set fan 'e Britske searje The Protectors yn 'e kunde kommen wie. Hja adoptearren twa bern, Cassidy (berne yn 1976) en Caitlin (berne yn 1981).

Jierrenlang waard oannommen (ek troch Vaughn sels) dat Vaughn de biologyske heit wie fan 'e Ingelske regisseur en filmprodusint Matthew Vaughn, dy't berne wie doe't Vaughn yn 'e iere 1970-er jierren in relaasje hie mei de Ingelske societystjer Kathy Ceaton. DNA-ûndersyk wiisde yn 2002 lykwols út dat de biologyske heit ynstee in George de Vere Drummond wie, in Ingelske aristokraat en de peetsoan fan kening George VI fan it Feriene Keninkryk. Yn 2009 publisearre Vaughn syn autobiografy, mei as titel: A Fortunate Life ("In Fortúnlik Libben").

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert Vaughn kaam op 11 novimber 2016 oan akute leukemy te ferstjerren yn syn hûs yn Ridgefield yn 'e Amerikaanske steat Konettikut. Dat barde alve dagen foar syn 84e jierdei.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1972 – Only Victims: A Study of Show Business Blacklisting (proefskrift)
  • 2009 – A Fortunate Life (autobiografy)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.