Reduzum
Reduzum | ||
Haedstrjitte | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.085 (2022) [1] | |
Oerflak | 7,23 km² werfan lân: 7,15 km² werfan wetter 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 150 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 07' N 5° 47' E | |
Offisjele webside | ||
Side Reduzum-Fries-Idaerd-Eagum | ||
Kaart | ||
Reduzum is in doarp oan de ein fan It Swin yn de gemeente Ljouwert. Alhoewol it no net mear sa dúdlik is, is it fan oarsprong in terpdoarp, en al út de tiid dat de Middelsee yn dit part fan Fryslân hearske.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nederlânske namme wie: Roordahuizum en yn it Frysk wie dit: Roardhuzum. Yn 1989 fierde de doetiidske gemeente Boarnsterhim Frysktalige plaknammen yn. Om't it Frysk mear in sprektaal as in skriuwtaal is waard dêrby yn it gefal fan Roardhuzum keazen foar de "fonetyske" namme Reduzum, dy't neat mear te krijen hat mei de namme (fan) Roorda, dêr't de namme fan ôflaat is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik is it doarp ûntstien op in terp oan de âlde Middelsee. It wie it iennige doarp yn de gritenij Idaarderadiel dat letter in ynpoldere diel hie fan de Middelsee. Dêrnei ûntwikkele Reduzum him as in lintdoarp. Yn de 19e en 20e iuw waard der wer mear konsintrearre boud.
Troch de oanlis fan de Ryksstrjitte tusken Ljouwert en Swol yn de 19e iuw krige Reduzum wat mear bekendheid. By de ôfslach nei Reduzum kaam yn 1827 de Trije Romers te stean, letter ek De Grutte Trije Romers. De sintrale lizzing en de bining fan it doarp mei de boerestân makke dat yn dy herberge yn 1879 it Frysk Rundfee Stamboek en it Frysk Hynste-Stamboek stifte waard. Ek bekend waard it alkoholfrije kofjehûs 'De Blauwe Tent', dy't der û.o. troch it krewearjen fan dûmny Benjamin Boers kaam.
It âldste gebou fan it doarp is de Finsintiustsjerke. De tsjerke waard faaks as hûskapel fan de Aytta's boud yn de 15e iuw. De tsjerke en de folle nijere toer (1878) binne yn 1983 restaurearre.[2]
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Reduzum by de gemeente Idaarderadiel. Sûnt dy tiid hearde Reduzum by de gemeente Boarnsterhim. Nei de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim waard Reduzum by de gemeente Ljouwert yndield.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reduzum hat in feriening Doarpsbelang mei in soad kommisjes: Aktiviteiten, Ferkear, Grien, Jongerein, Kearngroep, Merke, Sportbelangen en de wurkgroep Swinlân. De Linepraat is it krantsje fan Doarpsbelang. Oan de Master Gorterstrjitte stiet De Trije Doarpenskoalle (TDS). Bern út Friens en Idaerd geane hjir ek hinne.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herfoarme gemeente Reduzum-Idaerd en omkriten. De gemeente is oansletten by de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
- De Wikipedy hat ek in side Finsintiustsjerke (Reduzum).
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere Trijedoarpenskoalle [3] Ek bern fan Friens en Idaard geane nei de Trijedoarpenskoalle.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Fjouwer Doarpen - soas
- Fûgelwacht Reduzum-Friens-Idaerd
- Iendracht - iisklub
- Jan Reitsma - keatsen
- Moarns Ier - aaisykjen (opheft 2017)
- Sjongnocht - koar
- Stânfries - gymnastyk en kuorbal, tennis en folleybal
- Tusken Swin & Swette - kultuer
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1990 | 2004 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 846 | 830 | 798 | 816 | 794 | 1000 | 1093 | 1098 | 1085 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boëtius Epo, (1529-1599), jurist en gelearde
- Sipke Lootsma (1888-1940), skiedkundige
- Hoyte Roucoma (1661-1719), organist en skriuwer
- Siebe Smeding (1830-1892), skriuwer
- Alle Smeding (1820-1902),Frysk skriuwer
- Frans Rasker (1945- ), filmprodusint
- Baukje Wytsma (1946- ), Fryske skriuwster en sjoernaliste
- Stien Terpstra (1957- ), keunstner
- Greet Andringa (1971- ), skriuwster
- Pieter Bleeksma (1821-1897)), ûnderwizer
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle Strjitten yn Reduzum.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Jabikspaad is in kuierrûte en in fytsrûte fan 150 km fan Sint Jabik nei Hasselt yn Noard-Oerisel en rint ek troch Reduzum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |