Alle Smeding

Ut Wikipedy
Alle Jans Smeding
foto: I. H. Slaterus

Alle Jans Smeding (Reduzum, 7 jannewaris 1820 - 5 jannewaris 1902), wie in smid en Frysk skriuwer.

Alle wie smid oant 1882, mar wie gjin smid yn ieren en sinen, hy hie der eigentlik in hekel oan en syn wollen wie mear yn de rjochting fan skoalmaster of noch leaver dûmny. Dochs hat er as ienichste soan de smidte fan syn heit oernomd en is smid bleaun oant 1882 ta. Dêrnei rintenierke er en siet er yn de ried fan Raarderhim.
Alle Jan hat syn hiele libben yn Reduzum wenne. De smidte wie op Haadstrjitte 19. Doe't er op syn 50ste troude mei boerinne Janke Tjerks Bottinga wenne er op Haadstrjitte 13.

As sekretaris fan It Frysk selskip fan 1844 (fan 1873 - 1902) hat er him tige ynsetten foar de emansipaasje fan it Frysk op it plattelân. Hy publisearre artikels en gedichten yn Iduna (1863-64, 1873), Forjit my net (1874, 1876, 1880, 1884, 1892, 1895, 1901), Swanneblommen (1851; 1852, 1856, 1857, 1876, 1879, 1881, 1884, 1896, 1899) en de Fryske Húsfrjeon (1852, 1855, 1863, 1865). Guon fan dizze gedichten binne op muzyk setten, lyk as Bolle sudewyntsjes waaie.

Op syn grêf hat "it Frysk selskip fan 1844" in tinkstien pleatst.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: