Springe nei ynhâld

Nasjonaal Park Yellowstone

Ut Wikipedy
Nasjonaal Park Yellowstone
Yellowstone National Park
Bizons by in geiser yn it Nasjonaal Park Yellowstone.
Bizons by in geiser yn it Nasjonaal Park Yellowstone.
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Wyoming
koördinaten 44°36′ N 110°30′ E
oare ynformaasje
status nasjonaal park
oerflak 8.983,2 km²
stifting 1872
behear National Park Service (NPS)
webside www.nps.gov/yell/
kaart
Nasjonaal Park Yellowstone (Feriene Steaten)
Nasjonaal Park Yellowstone
Lokaasje yn 'e legere 48 Feriene Steaten.

It Nasjonaal Park Yellowstone (Ingelsk: Yellowstone National Park; Arapaho: Henihco’oo of Héetíhco’oo) is in nasjonaal park yn 'e Feriene Steaten dat wiidferneamd is om syn natoerskientme. It leit fierhinne yn 'e uterste noardwesthoeke fan 'e Amerikaanske steat Wyoming, mar stiket justjes út oer de grinzen mei Montana en Idaho. It park, dat in oerflak fan krapoan 9.000 km² beslacht, waard yn 1872 skepen troch in wet dy't dêrta oannommen waard troch it Amerikaanske Kongres en ûndertekene waard troch presidint Ulysses S. Grant. Yellowstone wurdt beskôge as it âldste nasjonaal park fan 'e wrâld. It omfiemet in grut ferskaat om biotopen, wêrfan't subalpine wâld it meast foarkomt. Behalven om syn breed skala fan floara en fauna en syn prachtige útsichten stiet it park ek bekend om 'e geotermyske aktiviteit, dy't him benammen uteret yn 'e oanwêzigens fan in grut tal geisers, wêrûnder de ferneamde Old Faithful.

De krite fan it Nasjonaal Park Yellowstone waard yn 'e njoggentjinde iuw al teminsten 11.000 jier bewenne troch de Yndianen. Yn 'e jierren 1804-1806 teach de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark sawol op 'e hinne- as de weromwei nei de westkust fan Noard-Amearika deun by gebiet lâns mar die it net oan. It gebiet waard yn 1807 foar it earst besocht en beskreaun troch John Colter, dy't diel útmakke hie fan 'e Ekspedysje fan Lewis Clark. Doedestiden waard lykwols tocht dat syn beskriuwing te moai wie om wier te wêzen, en dat er it ferhaal út 'e tomme sûgd hie. De folgjende fjirtich jier diene ferskate pioniers ferslach fan 'e siedende modder, steamjende rivieren en ferstienne beammen fan Yellowstone, wêrûnder de ferneamde berchgids Jim Bridger, mar ek sy waarden net leaud.

De Grand Canyon fan de Yellowstone.

Yn 1859 late Bridger in ekspedysje fan lânmjitters yn 'e tsjinst fan 'e Amerikaanske oerheid, ûnder lieding fan kaptein William F. Raynolds, nei Yellowstone ta, en it ferslach fan dy ekspedysje waard yn it Easten beskôge as de earste betroubere beskriuwing fan it gebiet. Fierdere organisearre ekspedysjes nei de krite waarden lykwols oant de ein fan 'e 1860-er jierren opholden troch de Amerikaanske Boargeroarloch. De earste yngeande ferkenning fan Yellowstone waard yn 1869 ferrjochte troch de Cook-Folsom-Peterson-ekspedysje. Fierder ûndersyk waard yn 1870 dien troch de Washburn-Langford-Doane-ekspedysje, dy't laat waard troch Henry D. Washburn, de lânmjitter-generaal fan Montana. Yn 1871 waarden troch de Geologyske Ekspedysje fan Ferdinand V. Hayden de earste foto's fan it gebiet makke. Op grûn fan 'e befinings fan dy trije ekspedysjes oppenearren ferskate ynfloedrike persoanen, wêrûnder de abbekaat Cornelius Hedges, de territoriale gûverneur fan Montana Thomas F. Meagher en it kongreslid William D. Kelley, dat Yellowstone in beskerme status krije moast om it foar it neigeslacht te behâlden.

Nei ryp berie naam it Amerikaanske Kongres op 1 maart 1872 in wet oan dy't fan Yellowstone it earste nasjonaal park fan 'e wrâld makke. Dy wet waard noch dyseldichste deis ûndertekene troch presidint Ulysses S. Grant. Yn 'e begjinjierren wie der grutte wjerstân tsjin 'e stifting fan it park ûnder de blanke kolonisten út it omlizzende gebiet dy't duorjende skea oan 'e pleatslike ekonomy frezen as se de natuerlike helpboarnen yn it parklân net eksploitearje mochten. It Amerikaanske regear en it grutste part fan it Kongres yn Washington D.C. holden lykwols hoek, en Yellowstone waard ûnder tafersjoch fan it Amerikaanske Leger pleatst. De earste haadopsichter wie Nathaniel P. Langford, in lid fan 'e eardere Washburn-Langford-Doane-ekspedysje. Hy tsjinne fiif jier yn dy funksje, mar krige gjin salaris, budget of stêf. Dat betsjutte dat er frijwol machteleas wie foar de streupers en yllegale houtsjers oer dy't har neat fan 'e grinzen fan it park oanloeken.

Yn 1875 stjoerde it Amerikaanske Leger in ekspedysje ûnder kolonel William Ludlow nei Yellowstone ta om 'e ferkenning fan it gebiet fuort te setten. Ta dy ekspedysje hearde ek de soölooch, antropolooch, histoarikus en publisist George Bird Grinnell, dy't op eigen manneboet oan it ferslach fan dy ekspedysje in taheakke tafoege wêryn't er de omfang fan 'e streuperij yn Yellowstone dokumintearre. Fan gefolgen waard Langford yn 1877 út syn amt set en ferfongen troch Philetus Norris, dy't net allinnich in salaris krige, mar ek in krap budget om syn wurk út te oefenjen. Norris lei ferskate ûnferhurde wegen nei it park oan, om toerisme te fasilitearjen. Syn idee wie dat de yllegale aktiviteiten it bêste bestriden wurde koene troch oan te toanen dat it nasjonaal park jild yn 't laadsje bringe koe. Yn 1880 waard Harry Yount oansteld as de earste jachtopsjenner fan it park mei as opdracht om 'e streuperij tsjin te gean. Begjin 1880-er jierren boude de Northern Pacific Railroad in spoarstasjon yn Livingston, yn Montana, by de noardlike yngong fan it park. Fan gefolgen naam it tal toeristen dat Yellowstone besocht doe ta fan 300 yn 1872 oant 5.000 yn 1883.

De lêste permaninte bewenners fan Yellowstone wiene ferskate lytse troepkes Eastlike Sjosjoanen dy't bekend stiene as "Skieppe-iters". Hja ferlieten it gebiet yn 1868 nei't der in ferdrach sletten wie mei de Amerikaanske oerheid, wêrby't de Yndianen it rjocht beholden om yn it park te jeien. It regear wegere dat ferdrach lykwols te ratifisearjen en ûntnadere de Skieppe-iters sawol lân as rjocht. Under de Nez Persé-Oarloch fan 1877 teagen de Nez Persé ûnder harren flecht nei de Kanadeeske grins dwers troch Yellowstone. Guon fan harren holden en droegen har freonlik foar de toeristen en jachtopsjenners oer dy't se dêr tsjinkamen, mar oaren net, en der foelen teminsten twa deaden. Under de Bannok-Oarloch fan 1878 krong in groepke Bannok-krigers it park binnen, en neitiid waard der yn opdracht fan haadopsjenner Norris in militêre basis oanlein om fierdere Yndiaanske ynfallen ôf te skrikken.

Winter yn Yellowstone.

Streuperij en yllegale houtkap duorren ûnfermindere fuort oant it Amerikaanske Leger yn 1886 by Mammoth Hot Springs it Kamp Sheridan oanlei, dat letter omneamd waard ta Fort Yellowstone. Wichtiger noch wie dat it Amerikaanske Kongres yn 1894 ûnder de lobby fan 'e Boone en Crockett Klub, mei as leden û.m. George Bird Grinnell en Theodore Roosevelt, de Wet op 'e Beskerming fan 'e Nasjonale Parken oannaam, wat de juridyske ferfolging fan streupers mooglik makke. Mei dy wet yn 'e hân lei it Leger, dat gjin brekme oan mankrêft hie, neitiid foargoed it near op 'e yllegale aktiviteiten yn Yellowstone, en rêde dêrmei it park. Yn 1917 waard it behear fan Yellowstone troch it Leger oerdroegen oan 'e National Park Service (NPS).

Under de Krisisjierren waarden tusken 1933 en 1942 tûzenen jongemannen fan it Civilian Conservation Corps, sis mar de Amerikaanske wurkferskaffing, ynset om gebouwen, kampeargrûnen en wegen yn it Nasjonaal Park Yellowstone oan te lizzen. Under de Twadde Wrâldoarloch stoarte it toerisme yn it park yn en ûntstie der efterstallich ûnderhâld oan in protte fasiliteiten, dat neitiid wer bymakke wurde moast. Tsjin 1950 begûn it tal toeristen dat jiers it park oandie ûnbidich te groeien, fanwegen de tanimmende mobiliteit en frije tiid fan 'e Amerikaanske befolking. Yn 'e simmer fan 1988 leine boskbrannen sa'n 2.313 km² (oftewol 36%) fan it park yn 'e jiske. Dêrmei wiene de boskbrannen fan dat jier de slimsten sûnt minskewitten en in ramp foar it park.

De Yellowstone-mar.

It Nasjonaal Park Yellowstone beslacht in oerflak fan 8.983,2 km², en is dêrmei grutter as de Amerikaanske steaten Delaware of Rhode Island. It park leit op it Yellowstone-plato, dat in gemiddelde hichte fan 2.400 m hat en oan hast alle kanten omjûn wurdt troch dielen fan 'e Sintrale Rocky Mountains, wêrûnder it Gallatin-berchtme yn it noardwesten, it Beartooth-berchtme yn it noarden, it Absaroka-berchtme yn it easten, it Teton-berchtme yn it súdwesten en it Madison-berchtme yn it westen. Dy berchtmen binne tusken de 2.700 en de 3.400 m heech. It heechste punt yn it park is Eagle Peak, op 3.462 m, en it leechste punt is oan 'e igge fan 'e beek Reese Creek, op 1.610 m.

Rivieren en marren meitsje 5% fan it oerflak fan it nasjonaal park út. Wâldlân beslacht sa'n 80% fan Yellowstone; de restearjende 15% is meast prêrje. It grutste wetter is de Yellowstone-mar, dy't in oerflak fan 35,2 ha mjit, mei in maksimale djipte fan 120 m en in kustline fan yn totaal 180 km. De mar leit op in hichte fan 2.357 m boppe seenivo, en is dêrmei de grutste berchmar yn Noard-Amearika. Fierders binne der 290 wetterfallen fan 4,6 m of heger yn Yellowstone; de heechst is de Yellowstone-wetterfal, dy't in hichte hat fan 94 m.

De ferneamde geiser Old Faithful, ien fan 'e wichtichste toeristyske attraksjes fan Yellowstone.

De Kontinintale Skieding rint yn in diagonale line troch it noardwestlike part fan Yellowstone hinne. Dêrtroch wetteret likernôch in trêdepart fan it park ôf yn 'e Stille Oseaan, wylst de rest ôfwetteret yn 'e Atlantyske Oseaan. De rivier de Yellowstone heart ta it rivierestelsel fan 'e Mississippy, dy't útmûnet yn 'e Golf fan Meksiko (in ûnderdiel fan 'e Atlantyske Oseaan), wylst de rivier de Snake, dy't fuortby de Yellowstone yn it nasjonaal park ûntspringt, fia it rivieresysteem fan 'e Kolumbia nei de Stille Oseaan ta rint.

De Yellowstone-mar leit sintraal boppe-op 'e Yellowstone-kaldeara, dat de grutste superfulkaan fan it kontinint is. De Yellowstone-fulkaan wurdt beskôge as aktyf en is yn 'e lêste twa miljoen jier ferskate kearen mei alderferskuorrendste krêft útbarsten. De lêste útbarsting wie 640.000 jier lyn en 1.000 kear grutter as de útbarsting fan de Mount St. Helens yn 1980. Fulkanologen binne bang dat in nije útbarsting fan 'e Yellowstone wolris de ein fan 'e minsklike beskaving yn Noard-Amearika betsjutte kin. De oangeande fulkanyske aktiviteit hat deryn resultearre dat yn it Nasjonaal Park Yellowstone de helte fan alle geotermyske ferskynsels fan 'e wrâld te finen is. It bekendst dêrfan binne de 1.283 geisers, wêrfan't 465 yn ien jier aktyf binne. De bekendste geiser is Old Faithful, dy't in absolute publykslûker is.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Nasjonaal Park Yellowstone libje mear as 1.700 soarten beammen en oare faskulêre planten dy't lânseigen binne yn 'e krite. Dêropta komme der ek likernôch 170 eksoatyske plantesoarten foar. De meast foarkommende beammesoart is de draaidin, dy't 80% fan al it beboske gebiet útmakket. Ek oarsoartige nullebeammen komme in protte foar, en kletterpopels en wylgen binne de meast foarkommende leafbeammen. Fierders libje der yn Yellowstone hûnderten soarten sûchdieren, fûgels, fisken en reptilen, wêrûnder in stikmannich dy't yn hegere of mindere mjitte bedrige binne.

In boskbrân yn Yellowstone.

Op it mêd fan 'e fauna is Yellowstone it meast ferneamde wyldernisgebiet yn 'e legere achtenfjirtich Amerikaanske steaten. Sa komme der û.m. foar: de brune bear (fan 'e ûndersoarte fan 'e grizzlybear), de Amerikaanske swarte bear, de grize wolf, de prêrjewolf, de reade foks, de poema, de reade lynks, de Kanadeeske lynks, de warch, de Amerikaanske bizon, de wapity, de eland, it mûldierhart, it wytsturthart, de gaffelantilope, it grouhoarnskiep, de sniegeit, de waskbear, de rivierotter, de sulverdas, de fiskmarter, de Pasifyske marter, de Amerikaanske nerts, de Amerikaanske harmeling, de langsturtwezeling, de Kanadeeske bever, de oerzon, de gielbealchmarmot, it streekt stjonkdier, de Amerikaanske hazze, de prêrjehazze, de wytsturtprêrjehûn, de berchgoffer, de plomsturthamsterrôt, de muskusrôt, it Amerikaansk read iikhoarntsje, it lyts wangsekiikhoarntsje, it goudmantelgrûniikhoarntsje, it Kanadeesk fleanend iikhoarntsje, de westlike greidwrotmûs, de richardsonwrotmûs, de noardlike reade wrotmûs, de langsturtwrotmûs, de hartemûs, de westlike nôtmûs, de fiskearn, de sljochtfalk, de wite pilekaan, de Kanadeeske kraanfûgel, de trompetswan, de iisdûker, de blauwe sniehin, de kraachhin, de waaierhin, de stikelsturthin, de prêrjerattelslange, de gewoane hoasbânslange, de noardlike podde en de aalsthagedis. As eksoaten binne yn it park ek û.o. de brune rôt, de swarte rôt, de hûsmûs, de fazant en de patriis oanwêzich.

De bizonkeppel fan it Nasjonaal Park Yellowstone is âldste en grutste keppel yn publyk besit yn 'e Feriene Steaten. De wolven yn it park waarden tusken 1914 en 1935 mei opsetsin útrûge om 'e wapitykeppels te beskermjen. Neitiid waard de prêrjewolf it wichtichste rôfdier fan it park, mar dy is net mânskernôch om grutte gersiters te bejeien, mei as resultaat dat de populaasjes harten en bizons wat langer wat minder fit waarden om't de sike en swakke eksimplaren trochlibben en har fuortplantsje koene. Yn 1995 en 1996 waard besletten ta reyntroduksje fan 'e wolf troch eksimplaren út Kanada wei te heljen. Dêr wie yn 't earstoan in protte wjerstân tsjin fan 'e befolking fan it plattelânsgebiet om it park hinne. Tsjin 2005 libben der 13 wolveridels yn Yellowstone, mei yn totaal 118 wolven.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.