Springe nei ynhâld

Westlike nôtmûs

Ut Wikipedy
westlike nôtmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld
   (Reithrodontomys)
soarte
Reithrodontomys megalotis
Baird, 1857
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De westlike nôtmûs (wittenskiplike namme: Reithrodontomys megalotis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld (Reithrodontomys), dat lânseigen is yn 'e westlike helte fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten en yn dielen fan Meksiko. It is in lyts, fierhinne herbivoar nachtdier sûnder seksuele dimorfy, dat winterdeis net aktyf is, hoewol't noch altyd ûndúdlik is oft it in wiere wintersliep hâldt. De IUCN klassifisearret de westlike nôtmûs as net bedrige. Foarhinne waard de strânnôtmûs (Reithrodontomys raviventris), dy't wól in bedrige status hat, algemien beskôge as in ûndersoarte fan 'e westlike nôtmûs, mar tsjintwurdich wurdt er ornaris as in aparte soarte behannele.

De westlike nôtmûs komt foar yn Noard-Amearika, dêr't syn ferspriedingsgebiet yn 'e Feriene Steaten it meastepart fan 'e westlike helte fan 'e legere 48 steaten beslacht. Dêrta heart it hiele of frijwol it hiele grûngebiet fan 'e steaten Arizona, Iowa, Kalifornje, Kansas, Kolorado, Missoery, Nebraska, Nevada, Nij-Meksiko, Utah, en Súd-Dakota, mei dêropta de súdwestlike helte fan Minnesota, it súdlike twatrêdepart fan Noard-Dakota, de eastlike helten fan Montana en Wyoming, it suden fan Idaho, de dielen fan Washington en Oregon beëasten de Cascades, it westen fan Teksas, it uterste noarden fan 'e Teksaanske Panhandle, de Panhandle fan Oklahoma, it uterste noarden fan Arkansas, it noardlike twatrêdepart fan Illinois, westlike dielen fan Indiana en it uterste súdwesten fan Wiskonsin.

Fierders komt de westlike nôtmûs ek foar yn it binnenlân fan noardlik en sintraal Meksiko, oant en mei Oaxaca yn it suden; fierdersoan yn 'e Sonoarawoastyn fan noardwestlik Meksiko, it noardlikste fjirdepart fan it Kalifornyske Skiereilân yn it uterste noardwesten fan Meksiko, en yn in pear lytse gebieten yn it uterste suden fan 'e provinsjes Alberta en Britsk-Kolumbia yn Westlik Kanada.

In westlike nôtmûs fongen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De westlike nôtmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 11–17 sm, mei in sturtlingte fan 5–10 sm en in gewicht fan 9–22 g. De hichte fan 'e grûn ôf oant de top fan 'e rûngeare rêch bedraacht 11/2–2 sm. Westlike nôtmûzen hawwe in brune pels, dy't op 'e siden útskaait nei bêzje en op 'e bealch oergiet yn wyt. Oer de wringe rint in ûndúdlike ljochtere streek troch it fierders brune hier fan 'e rêch. De soarte ken gjin seksuele dimorfy.

Oare soarten nôtmûzen fan 'e Nije Wrâld dy't yn itselde gebiet foarkomme, binne de flaktenôtmûs (Reithrodontomys montanus), dy't in dúdliker, mar smellere, ljochte streek oer de wringe rinnen hat, en de readgiele nôtmûs (Reithrodontomys fulvescens), dy't in langere sturt hat. Ek de strânnôtmûs (Reithrodontomys raviventris), dy't foarhinne as in ûndersoarte fan 'e westlike nôtmûs beskôge waard, liket der gâns op, mar by dat bistke is it hier op 'e bealch net wyt, mar rôze oant readgiel.

Westlike nôtmûzen libje benammen yn lang gers en nôtfjilden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De westlike nôtmûs is in nachtdier, dat yn 't bysûnder tige aktyf is op tsjustere nachten, lykas by tsjustermoanne en as it bewolke is. Hy is hiel fernimstich en makket gebrûk fan 'e paadsjes dy't troch oare kjifdieren yn it gers oanlein binne. Westlike nôtmûzen binne ek tige behindige klimmers. As it hjerstmis kâlder wurdt, lûkt de westlike nôtmûs him ûnder de grûn werom en rekket er befongen troch in beskate ferstiving dy't oanhâldt oant de maityd. It is noch net wittenskiplik bewiisd oft dat in echte wintersliep is of net.

In westlike nôtmûs oan it miel.

Westlike nôtmûzen bouwe bolfoarmige nêsten fan plantaardich materiaal op 'e grûn, faak ûnder beamwoartels, omfallen beammen of planten dy't in beskate beskerming jouwe, lykas stikels of brânnettels. Soms bouwe se har nêst in ein boppe de grûn, ferskûle yn 'e beblêde tûken fan strewelleguod of oare ûndergroei. It nêst hat in diameter fan likernôch 121/2 sm. It tagongspunt ta it nêst sit yn 'e regel oan 'e ûnderkant.

De fuortplanting fynt plak fan 'e iere maityd oant de lette hjerst, mei om midsimmer hinne in dipke yn 'e aktiviteit. De draachtiid is 23 oant 24 dagen. Ornaris smyt in wyfke 2–6 jongen per kear, mar 9 jongen yn ien smeet is net yn it rare. De jongen weagje mar 1–11/2 g as se te wrâld komme, mar ûntwikkelje har fluch. It is net ûngewoan dat ien wyfke yn ien jier fjirtjin nêsten jongen efterinoar smyt, mei't fuort nei de befalling op 'e nij befruchting plakfynt. Sadwaande kin ien wyfke jiers wol 40–60 neikommelingen fuortbringe.

In westlike nôtmûs.

Westlike nôtmûzen binne oer it algemien herbivoaren, dy't in dieet beplúzje dat fierhinne opmakke is út sied fan ferskate planten, benammen gerzen en nôt (wat eins in kultivearre type gers is). Hjouwer liket in favoryt te wêzen. Dêrnjonken steane hjerstmis ek fruchten op it menu en by 't maityd ek farske nije útrinners fan planten. Simmerdeis follet de westlike nôtmûs syn dieet soms oan mei ynsekten, yn 't bysûnder sprinkhoannen en rûpen. Yn tarieding op 'e meagere tiid garje westlike nôtmûzen fan 'e ein fan 'e simmer ôf itenfoarrieden yn ûndergrûnske opslachplakken, dêr't se de útein fan 'e winter mei trochkomme.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuerlike fijannen fan 'e westlike nôtmûs binne yn it bysûnder de wezeling, prêrjewolf en ferskate soarten foksen, slangen, hauken en ûlen. Dêrnjonken hâlde húskatten (sawol húsdieren as ferwyldere eksimplaren) in bedriging yn foar westlike nôtmûzen. Ek oare soarten rôffûgels, skorpioenen en sels iikhoarntsjes snippe wolris in westlike nôtmûs.

De westlike nôtmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.