Lyts wangpûdiikhoarntsje
lyts wangpûdiikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Neotamias minimus | ||||||||||||
Bachman, 1939 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It lytse wangpûdiikhoarntsje (Latynske namme: Neotamias minimus; foarhinne: Tamias minimus), ek wol de lytse chipmunk neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini), it boppeskaai fan 'e wangpûdiikhoarntsjes (Tamias) en it skaai fan 'e Amerikaanske wangpûdiikhoarntsjes (Neotamias). Sa't de namme al oanjout is dit de lytste soarte fan 'e wangpûdiikhoarntsjes of chipmunks, en dêrnjonken is it ek de meast ferspraat foarkommende soarte fan Noard-Amearika.
Fersprieding en biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan it lytse wangpûdiikhoarntsje beslacht de westlike en middennoardlike dielen fan 'e Feriene Steaten, en dêropta hast hiel súdlik Kanada, fan Britsk-Kolumbia en de súdlike Yukon yn it westen oant westlik Kebek yn it easten. Lytse wangpûdiikhoarntsjes komme foar yn in ferskaat oan biotopen, wêrûnder sawol leafwâlden, mingde wâlden as nullewâlden, en teffens mei strewelleguod begroeide flakten.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lytse wangpûdiikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 18½-21¾ sm, mei in sturtlingte fan 7½-10 sm en in gewicht fan 25-66 g.
De pels is bêzje-eftich oant ljochtbrún op 'e boppeste dielen fan 'e efterpoaten en de ûnderkant fan 'e kop, mei in wat ljochtere bealch, wylst de ûnderste dielen fan 'e efterpoaten, de foarpoaten, de fangen, de snút en de sturt rodzich oant oranje-eftich kleurd binne. Oer de rêch rinne yn 'e lingterjochting fiif smelle swartige streken mei brune rânen, dy't faninoar skaat wurde troch (fjouwer) witige streken. Oer de boppeste helte fan 'e kop rinne twa opfallende witige streken fan 'e snút ûnder en boppe de eagen lâns nei de earen ta. De wangen, it stikje pels tusken de beide streken yn, de boppekant fan 'e kop en de earen binne dûnkerbrún.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse wangpûdiikhoarntsjes binne oerdeis yn 't spier en frette benammentlik sieden, nuten, beien en oare fruchten en ynsekten. Se libje yn eigengroeven ûndergrûnske hoalen, dêr't se itensfoarrieden oanlizze om 'e winter troch te kommen. Hoewol't se yn 'e kâlde moannen lange perioaden yn djippe sliep (oftewol winterrêst) trochbringe, hâlde se gjin echte wintersliep. De peartiid falt yn 'e iere maityd. De wyfkes smite jiers ien nêst fan 5-6 jongen. De wichtichste natuerlike fijannen binne ferskate soarten hauken, ûlen en martereftigen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lytse wangpûdiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|