Springe nei ynhâld

Made of Honor

Ut Wikipedy
Made of Honor
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Weiland
produsint Neal H. Moritz
senario Adam Sztykiel
Deborah Kaplan
Harry Elfont
kamerarezjy Tony Pierce-Roberts
muzyk Rupert Gregson-Williams
filmstudio Columbia Pictures
Original Film
Relativity Media
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Patrick Dempsey
Michelle Monaghan
byrollen Kevin McKidd
Kadeem Hardison
Busy Philipps
Sydney Pollack
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 maaie 2008
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $40 miljoen
opbringst $106,4 miljoen

Made of Honor is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2008 ûnder rezjy fan Paul Weiland, mei yn 'e haadrollen Patrick Dempsey en Michelle Monaghan. De titel betsjut letterlik "Makke fan Ear", mar it is in wurdboarterij op it wurd maid of honor (letterlik: "earefamke"), dat de Ingelske oantsjutting is foar "tsjûge fan 'e breid". It ferhaal giet oer Tom Bailey, in rike jongeman dy't derhinne libbet as in playboy en tige wikseljende seksuele kontakten hat. Syn bêste freon is Hannah, in frommeske dat er op 'e universiteit troffen hat doe't er omsloech mei har keamergenoate. Sy hawwe altyd in folslein platoanyske relaasje hân, mar bringe in grut diel fan harren frije tiid mei-inoar troch. As Hannah fereale rekket op in Skotske ealman en risselwearret om te emigrearjen en te trouwen, beseft Tom ynienen dat er fan har hâldt. Made of Honor krige fan 'e filmkritisy negative resinsjes, mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Mei Halloween yn 1998 giet studint Tom Bailey ferklaaid as presidint Bill Clinton yn in studinteflat fan 'e Cornell Universiteit yn Ithaca (New York) de studintekeamer fan syn faam Stephanie binnen, dy't ferklaaid wêze sil as Monica Lewinsky. Hy glûpt, sa't se foartiid ôfpraat hawwe, by har op bêd, of alteast op bêd by immen fan wa't er mient dat sy it is. Yn wurklikheid is it lykwols har keamergenoate Hannah, dy't har deaskrikt. Tom wurdt ek bêst kjel as se begjint te razen en him mei parfum yn 'e eagen spuitet. As it misferstân opheldere is, reitsje se oan 'e praat. Tom mei dy Hannah wol lije om't se net mei him op bêd wol, wat foar him in nije ûnderfining is, en him mei har wurden net mijt, wylst se tagelyk gefoel foar humor hat en tige yntelligint is.

Tsien jier letter, yn 2008, binne Tom en Hannah inoars bêste freonen. Se bringe in grut diel fan har frije tiid mei-inoar troch en hawwe in protte wille, mar harren relaasje is strikt platoanysk bleaun. Tom is ryk, yn it foarste plak om't er út in begoedige famylje komt en syn heit Tom sr. in súksesfolle sakeman is. Mar hy hat ek jild fan himsels, mei't er de útfiner is fan 'e "kofjekraach", in kartonnen húl dat men om in plestik of kartonnen bekerke docht om jin net te brânen. Eltse kear dat sa'n ding brûkt wurdt, kriget hy trije dollarsint, en dat tikket moai oan.

Op it mêd fan relaasjes libbet Tom as in playboy, mei in stikmannich fêste minneressen, dêr't er ienris yn 'e wike of ienris yn 'e fjirtjin dagen mei op bêd giet, mei dêropta noch in protte losse, wikseljende seksuele kontakten. Hannah hat inkeld út en troch ris in relaasje, dy't nea net lang duorret. Ynstee leit se har benammen ta op har wurk as keunstrestaurateur yn it Metropolitan Museum of Art. Tom is folslein tefreden mei syn bestean en hy giet der sûnder mear fan út dat dat mei Hannah net oars is. As se Tom op syn fersyk beselskippet nei de sechsde brulloft fan syn heit Tom sr., dêr't er yntym mei har dûnset om te ûntkommen oan syn heite sekretaresse, dy't in obsesje foar him hat, docht lykwols bliken dat Hannah fereale op him is. Mar Tom is dêr blyn foar en hat nearne erch yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Koarte tiid letter moat Hannah foar har wurk seis wiken nei Skotlân. Kommunikaasje tusken har en Tom wurdt yn dy tiid troch tiidferskillen en minne tillefoanferbinings frijwol ûnmooglik makke. Tom besiket Hannah te ferfangen troch alle dingen dêr't er mei har altyd sa'n wille mei hie, no te dwaan mei de froulju mei wa't er it bêd dielt. Dy blike lykwols folslein oare gebieten fan ynteresse te hawwen of begripe gewoan net wat er fan harren wol. Earder hat er nea sa bot wurdearre wat er mei Hannah hat, mar no't se fuort is, mist er har tige. Stadichoan kriget Tom foar it ferstân dat er fan har hâldt. Hy nimt him foar om har oer syn gefoelens te fertellen sadree't se werom komt.

As Hannah lang om let weromkeart út Skotlân, is se lykwols net allinnich. Se hat in gewante Skot op sleeptou dy't Colin hjit en dielt Tom mei dat Colin har nije frijer is. It wie foar harren allebeide leafde op it earste gesicht, dat se hawwe besletten om sa gau mooglik te trouwen, oer fjirtjin dagen al. Om't Tom har bêste freon is wol se him as de tsjûge fan 'e breid hawwe, in term dy't yn it Ingelsk maid of honor is, "earefamke". As Tom dat oan syn maten Felix, Dennis en Gary fertelt, pleagje dy him dêr fansels ûngenedich mei. Mar nei't se útlake binne, riede se him oan om Hannah har oanbod mei beide hannen oan te gripen. As tsjûge fan 'e breid sil Tom in ferlechje hawwe om 'e kommende tiid allegeduerigen yn Hannah har neite om te springen, en dan kin er moai de trouwerij sabotearje en Hannah foar himsels winne.

Hannah bringt Tom yn 'e kunde mei har trije breidsfamkes. Ien fan harren is Stephanie, Hannah har âld-keamergenoate, mei wa't Tom as freonen útinoar gien is. In oaren is de obese Hillary, dy't er noch nea met hat. De trêde is lykwols Melissa, in nicht fan Hannah; mei har hat er op bêd west, mar doe't er har neitiid dúdlik makke dat er gjin belang by in fêste relaasje hie, sloech se him de noas stikken. Mei't se fynt dat sý de tsjûge fan 'e breid wêze moatten hie, hat se no in noch gruttere hekel oan Tom as dat se earder al hie. It ferline dat Tom mei Melissa hat, soarget net inkeld foar pynlike mominten, mar brekt him letter ek noch op as Melissa ferskate kearen op nearzige wize wraak op him nimt.

Om Hannah sjen te litten dat er betrouber is, besiket Tom foar har in frijfammefeest te organisearjen dêr't neat op oan te merken falt. Melissa jout him, yn in seldsum gebeart fan goede wil, it fisitekaartsje fan 'e froulike gûchelder Sharon, dy't se ris earder op in frijfammefeest sjoen hat, en dy't it dêr geweldich die. As Sharon 'optrede' sil, docht lykwols bliken dat se hielendal gjin gûchelster is, mar in ferkeapster fan seksboartersguod. Sa wurdt al Tom syn wurk alhiel yn 'e bulten jage, en Hannah, dy't har mem en beppe ek foar it feest útnûge hie, beskôget it as in ôfgong en as bewiis foar Tom syn ûnbetrouberens. Neitiid helpe Felix, Gary en Dennis Tom om út boeken en dvd's oer dat ûnderwerp te learen wat er witte moat as tsjûge fan 'e breid, sadat net ien him nochris sa te fiter hawwe kin. As er mei Hannah te diggelguodkeapjen giet, is se sadwaande ûnder de yndruk fan syn kennis oer dat ûnderwerp, en teffens oer syn ûnfermoede talint om mei itensboarden te jonglearjen. De middei einiget lykwols op 'e nij yn mineur as Hannah Tom fertelt dat se fan doel is om nei har brulloft te emigrearjen nei Skotlân.

Mei't de eigentlike trouwerij yn Skotlân holden wurde sil, reizgje Tom en Hannah mei har mem, har beppe en de trije breidsfamkes dêrhinne. Se wurde gastfrij ûnthelle troch de famylje fan Colin, de McMurray's. Dy binne sa ryk dat se fjouwer kastielen besitte, ien foar eltse jiertiid. Se binne ek fan adel, en Colin sil meitiid fan syn heit de titel fan hartoch ervje. Tom beseft dat de tiid begjint te driuwen as er de trouwerij noch tsjinkeare wol. De McMurray's hawwe foarôfgeande oan 'e troudei in Highland games-evenemint organisearre, dêr't behalven Colin ek Tom (tanksij Melissa yn in bespotlike koarte miny-kilt) oan meidocht. Colin wint de kompetysje, wylst Tom by it beamstamsmiten by fersin in Jaguar ferrinnewearret. By in galadiner, dy jûns, fertelt Colin syn mem grutsk oan Hannah dat Colin alles dat optsjinne wurdt, sels sketten hat, en lit har boppedat in fideo sjen fan hoe't Colin syn kûgel de reahartebok dêr't it hartefleis fan komt, lyk tusken de eagen rekket. As it neigesetsje optsjinne wurdt, wol Hannah in hapke fan Colin sines nimme, sa't se altyd by Tom die, mar Colin fynt dat wol it toppunt fan ûnfatsoen en leit der gau it near op.

Letter dy jûns freget Tom Hannah om in eintsje mei him te kuierjen, sabeare om te oerlizzen oer de tekst fan har trou-ûnthjit, mar eins sadat er har fertelle kin wat er foar har fielt. As er lykwols utering jout oan syn gefoelens foar har, mient Hannah dat er in alternative tekst foar har trou-ûnthjit foarstelt. Fuort dêrnei wurdt Hannah troch har breidsfamkes en guon McMurray-froulju 'ûntfierd' om in tradisjonele Skotske ferzje fan in frijfammefeest te hâlden. Dêrby wurdt de breid ferklaaid yn in mantel en baret fan tartan en hâldt se in pot mei sâlt fêst. De froulju nimme har en Tom mei nei de pleatslike pub, dêr't se har tuten 'ferkeapje' oan eltse man dy't se tsjinkomme. De manlju 'betelje' dêrfoar troch wat losjild yn 'e pot mei sâlt te smiten. Tom makket ek fan 'e gelegenheid gebrûk om har in tút te jaan, allinne is syn tút net in flechtich beroeren fan har lippen mei sines, mar in hertstochtlike tongtút dy't wol in minút duorret. Hannah rekket danich yn betizing.

Werom yn it kastiel beslút Hannah te neare nacht nei Tom syn keamer te gean om te freegjen wat dy tút te betsjutten hie. Underwilens wol Tom ek mei har prate, mar ynstee wurdt er yn syn eigen keamer opsocht troch in stomdronken Melissa, dy't it har yn 'e holle helle hat dat se har stikkenrûne relaasje mei Tom nij libben ynblaze kin. Tom wol dêr neat fan witte, mar Melissa lit har net ôfpoeierje en taast him seksueel oan. As Hannah har holle by Tom om 'e hoeke fan 'e doar stekt, sjocht se inkeld dat Tom mei Melissa op syn bêd leit te rôljen, en jout se har kjel ôf. Tom slacht Melissa fan him ôf en fljocht Hannah efternei. Se wol him lykwols net yn har keamer litte en der folget in petear troch har tichte doar hinne. Tom hâldt út dat hý en net Colin foar har de wiere is, mar Hannah wegeret en sis dat sy dat sels ek tinkt. Uteinlik jout Tom him ferbûke ôf. Om't ien fan syn taken as tsjûge fan 'e breid is om 'e breid by de trouwerij yn 'e tsjerke nei de brêgeman ta te lieden, beslút Tom nei hûs te gean, sadat er net twongen wurde sil om 'e leafde fan syn libben oan in oare man wei te jaan.

De oare moarns lit Tom him sadwaande troch ien fan Colin syn tsjinstlju nei de lofthaven ride. Hannah sjocht him mei tige mingde gefoelens fuortgean. As Colin fernimt nei wat der oan 'e hân is, antwurdet se dat Tom bang is har te ferliezen. It breidspear en it brulloftsfolk sette út it kastiel ôf nei it lytse tsjerkje dêr't Colin syn âldelju ek troud binne, en nimme dêrfoar in set oer in ynham fan 'e see. Noch altyd ûnderweis troch de Skotske Heechlannen komt Tom op in stuit ta de konklúzje dat er mis west hat om it oer te jaan. Hy wol noch ien ultime kear besykje om Hannah foar him te winnen. Dat, hy lit rjochtsomkeart meitsje, mar hy komt fêst te sitten foar de baai, dêr't it set no krekt oan 'e ferkearde kant leit en dêr ek bliuwe sil om 'e brulloftsgasten aansten wer mei werom te nimmen. Oer de dyk duorret it oardel oere en riidt om 'e baai hinne, dat Tom hiert in hynder, dat in foarbykommende Skot efter yn 'e karre hat, en folget dêrmei de kustline.

Krekt as de predikant freget oft der ek beswieren tsjin it houlik binne, hâldt it hynder ynienen ho lyk foar de tsjerkje, mei as gefolch dat Tom út it seal kattepûltearre wurdt en troch de doarren hinne nei binne batst. Hannah brekt daliks de seremoanje ôf en hastiget har nei him ta. Tom is troch de klap eefkes út 'e tiid rekke, mar as er by besleur komt, ferklearret er daliks syn leafde foar har en seit dat se mei hìm trouwe moat ynstee fan mei Colin. Se tútsje inoar en dan fertelt Hannah oan Colin dat it har tige spyt en dat er de perfekte man is, allinne net foar har. Colin syn muoike, de hartoginne fan Athol, fiteret him yn ûnfersteanber Skotsk oan om Tom in terwinkel te jaan, en nei't Colin dat boadskip foar Tom en Hannah behelpsum yn it Ingelsk oerset hat, docht er sûnder wifkjen wat him opdroegen is.

Werom yn New York fynt in ûnbeskate tiid letter it houlik fan Tom en Hannah plak. As de breid it breidsboeket goait, wurdt it opfongen troch Melissa. Letter giet sy earmke-om mei Tom syn heit Tom sr., dy't ûnderwilens fan syn sechsde frou skieden is. Op harren houliksnacht docht Tom it ljocht oan; as Hannah freget wat dit sil, antwurdet er dat er der wis fan wêze wol dat er diskear it juste famke hat. Hannah antwurdet dat dat yndie sa is, docht it ljocht wer út en tutet him.

Patrick Dempsey.
Michelle Monaghan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Tom Bailey Patrick Dempsey
Hannah Michelle Monaghan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Colin McMurray Kevin McKidd
Felix Kadeem Hardison
Melissa Busy Philipps
Tom Bailey sr. Sydney Pollack
Gary Richmond Arquette
Dennis Chris Messina
Stephanie Whitney Cummings
Hilary Emily Nelson
Joan Kathleen Quinlan
beppe Pearl Selma Stern
Christie, de 6de frou fan Tom sr. Kelly Carlson
Sharon Mary Birdsong
PsychoBlogger Christine Barger
de Lytsebroekjesman Kevin Sussman

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Made of Honor waard regissearre troch Paul Weiland nei in senario fan Adam Sztykiel, Deborah Kaplan en Harry Elfont op basis fan in idee fan Sztykiel. As produsint wie Neal H. Moritz by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Original Film en Relativity Media. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tony Pierce-Roberts, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Rupert Gregson-Williams.

De opnamen fûnen begjin 2008 plak oer in perioade fan 26 dagen dy't útkeazen wiene om 'e ferplichtings fan haadrolspiler Patrick Dempsey oan 'e sikehûssearje Grey's Anatomy te akkomodearjen. De sêne wêryn't Dempsey mei diggelguod jonglearret, stie net yn it skript, mar waard yn oerlis mei regisseur Weiland tafoege doe't op 'e filmset bliken die dat Dempsey jonglearje koe. Foar it kastiel fan 'e famylje McMurray, yn Skotlân, waard it bekende Kastiel fan Eilean Donan brûkt.

De distribúsje fan Made of Honor waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures is. De film gie op 2 maaie 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Made of Honor waard op 16 septimber 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Made of Honor oer it algemien negative resinsjes. In protte resinsinten beskôgen de film as in kwalitatyf mindere ferzje fan My Best Friend's Wedding (1997), wêryn't de rollen fan 'e seksen omdraaid wiene. Yn 'e Britske krante The Guardian hie Peter Bradshaw alderearst krityk op 'e titel ("Makke fan Ear"), dy't neffens him nearne op slacht om't it personaazje fan Patrick Dempsey net útsûnderlike earfol is. De wurdboarterij op maid of honor ("tsjûge foar de breid", letterlik: "earefamke") wurket sadwaande net. Oer de film skreau Bradshaw: "Alles derop en deroan is neibeard en ûnsinnich, mei't net ien him hâldt en draacht as in echte koalstoflibbensfoarm. […] It is in film om foar it alter yn 'e steek te litten."

Yn it tydskrift Slant Magazine neamde Ed González Made of Honor "sielferpletterjend foarsisber". Yn 'e New York Daily News fûn Elizabeth Weitzman ek net folle oan 'e film, mar se priizge Dempsey om syn komyske timing en regisseur Paul Weiland om syn flugge tempo mei "in loai skript fan trije senaristen dy't eltse kear foar de maklikste grap geane." Yn The A.V. Club parte Keith Phipps Made of Honor in 6 op in skaal fan 1 oant 10 ta. Hy fûn dat Michelle Monaghan en Sydney Pollack "ferrassende goed" wiene yn sa'n formulemjittige romantyske komeedzje. Patrick Dempsey liet lykwols neffens Phipps inkeld "plastyske oprjochtens" sjen: "It seit hiel wat dat er folge wurdt troch in hiele rige helpkes dy't blykber yn it skript skreaun binne om him yn ferhâlding wat minder saai lykje te litten."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Made of Honor in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 126 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Fakkundich aktearwurk fan Patrick Dempsey en Michelle Monaghan kin dizze ferjitlike, formulemjittige chickflick net rêde fan syn komysk falen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Made of Honor in goedkarringspersintaazje fan 37%, basearre op 25 resinsjes.

Made of Honor brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $60,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $106,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $66,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.