Mary Birdsong

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Mary Birdsong
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mary Birdsong
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 18 april 1968
berteplak ? (Floarida)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1996 – no
prizen Theatre World Award 2007
offisjele webside
www.marybirdsong.com

Mary Birdsong (Floarida, 18 april 1968) is in Amerikaansk aktrise, komediënne en sjongster. Hja is benammen bekend wurden as ferslachjouster foar it komyske praatprogramma The Daily Show, en troch har rollen yn 'e tillefyzjesearjes Reno 911! en Crash & Bernstein.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birdsong waard yn 1968 berne yn Floarida, mar groeide op yn Long Beach Island, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn in húshâlding mei fiif dochters.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 sette Birdsong útein mei in karriêre as aktrise, komediënne en sjongster, wêrby't se trochbriek as ferslachjouster foar it komyske praatprogramma The Daily Show, yn 'e tiid dat dat presintearre waard troch Jon Stewart. Birdsong wie ek aktyf as imitator en stiet bekend om har goede imitaasje fan aktrise Judy Garland. As aktrise is se wierskynlik it bekendst fan har tillefyzjerollen as helpsheriff Cherisha Kimball, yn 'e komeedzjesearje Reno 911! en as de mem yn 'e bernesearje Crash & Bernstein.

Yn 2008 hie Birdsong in lyts roltsje as seksboartersguodferkeapster yn 'e romantyske komeedzje Made of Honor. Yn 2011 spile se de rol fan Kai Mitchell, as tsjinspylster fan George Clooney, yn 'e bekroande film The Descendants. Birdsong hat ek wurke as stimaktrise, û.m. yn tekenfilmsearjes as Stroker and Hoop en Harvey Birdman: Attorney at Law. Ek liende se har stim oan in personaazje yn it fideospultsje Grand Theft Auto: Vice City.

Fan july 2006 oant jannewaris 2007 stie Birdsong fierders op 'e planken as fêst lid fan 'e cast fan 'e musical Martin Short: Fame Becomes Me, mei û.o. Martin Short en Nicole Parker. Yn 2007 wûn se foar dat optreden in Theatre World Award. Yn jannewaris 2008 joech Birdsong har by de Broadway-musical Hairspray, wêryn't se de rol fan Velma von Tussle spile.

Fan septimber 2008 ôf brocht Birdsong yn Los Angeles har eigen onemanshow 3 Days in the Tub: A Mama Drama op it toaniel. Yn jannewaris 2011 ferhuze hja mei dat stik nei New York. Letter dat jiers spile se yn San Francisco yn in produksje fan Tales of the City fan Armistead Maupin. Yn 'e mande mei akteur Justin Halpern en komyk Jen Kober spile Birdsong fanôf maaie 2012 yn Los Angeles yn 'e komeedzje Don't Tell My Mother!

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1994 Fear of Dogs ? koarte film
1998 Above Freezing Esther
1999 Snow Days sakefrou op gymskuon
2003 Replay Nicola
2005 Pizza Siobhan
2006 Le Chase Mary Long koarte film
2006 The Last Request Marlene
2006 Beer League Rhonda
2007 Reno 911!: Miami helpsheriff Cherisha Kimball
2008 Made of Honor Sharon de seksboartersguodferkeapster   
2009 Adventureland Francy
2009 Halloween II Nancy McDonald
2010 Buried 411-tillefoniste as stimaktrise; op 'e ôftiteling fermeld as "Mary Songbird"
2010 Highschool frou Gordon
2010 Killers Jackie Vallero
2010 It's Kind of a Funny Story eks fan Bobby
2011 The Descendants Kai Mitchell
2011 Angry White Man Maxine
2013 Where Does It Go from Here mem koarte film
2013 Percy Jackson: Sea of Monsters Grize Suster #1
2014 Manager Barbra koarte film
2014 Lucky Stiff tsjinstfaam
2015 Park City kaartsjeferkeapster
2015 Staten Island Summer Bianca Manicucci
2015 Freeheld Carol Andree
2015 Kids vs Monsters Maxine
2017 A Happening of Monumental Proportions Melissa Brickman
2019 Stormchaser Bonnie Blue koarte film
2020 I Hate the Man in My Basement Lita Bronze
2020 Flip the Switch Bonnie Blue koarte film
2021 Tales of the City Mona Ramsey
2022 American Reject Miriam
tillefyzje
1996 Live on Tape ferskaat tillefyzjefilm
1999 Zoey's Zoo mem fan Zoey tillefyzjefilm
2000 Talk to Me Meredith gastrol; ôfl. About Taking It Like a Man
2000–2001 Welcome to New York Connie weromkearende rol; 14 ôfl.
2001 Loomis ? tillefyzjefilm
2002 Late Friday Janet Lamé gastrol; ôfl. #2.6
2003 Little Bill Valencia gastrol; ôfl. New Foods/Elephant Tricks
2003 Ed Lisa Barnes gastrol; ôfl. Business as Usual
2003 Rubbing Charlie Beth tillefyzjefilm
2004 Crossball: The Debate Show ferskaat fêste rol; 15 ôfl.
2004–2022 Reno 911! helpsheriff Cherisha Kimball fêste rol; 75 ôfl.
2005 Harvey Birdman, Attorney at Law Chibo / Tana as stimaktrise; gastrol; ôfl. Beyond the Valley of the Dinosaurs
2005 Stroker and Hoop ferskaat as stimaktrise; 8 ôfl.
2007 Tak & the Power of Juju Killjoy Juju as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Three Chiefs/The Party
2008 Suburban Shootout ? gastrol; 1 ôfl.
2010 Svetlana Madeline gastrol; ôfl. Throw Mama Back on the Plane
2010 T.U.F.F. Puppy Snowflake as stimaktrise; gastrol; ôfl. Chilly Dog/The Doomies
2011 Mad Love Kelly gastrol; ôfl. Baby, You Can Drive My Car
2011 Shake It Up Squitza Hessenheffer gastrol; ôfl. Vatalihootsit It Up
2012 Sherman's in Sanity Virginia Wahlroos Pfinger gastrol; 2 ôfl.
2012 Heavy Petting with Mike Weaver Janice Peter gastrol; 1 ôfl.
2012 Perception Cheryl Corvis gastrol; ôfl. Lovesick
2012 Middle Ages ? tillefyzjefilm
2012 Downwardly Mobile Kathie-Lee tillefyzjefilm
2013 Ben and Kate Deanne gastrol; ôfl. Gone Fishin’
2013 The Spirit Seeker Samantha Bell tillefyzjespecial
2012–2013 Raising Hope boargemaster Suzie Hellman weromkearende rol; 2 ôfl.
2012–2014 Crash & Bernstein mem Mel Bernstein fêste rol; 22 ôfl.
2012–2015 The Middle Marlene weromkearende rol; 3 ôfl.
2014 The Neighbors Justine gastrol; ôfl. Oscar Party
2014 The Knick Fionnula Sears gastrol; ôfl. Get the Rope
2014 Franklin & Bash Erica Boyd gastrol; ôfl. Falcon's Nest
2015 MOCKpocalypse ? gastrol; 2 ôfl.
2015 Olive and Mocha Liz Dimpfle gastrol; ôfl. Rock n' Roll
2015 Review Shampoo gastrol; ôfl. Curling Homosexuality, Mile High Club
2015–2018 Goldie and Bear Mama Bear weromkearende rol; 11 ôfl.
2016 Lady Dynamite Jean Bart gastrol; ôfl. Bisexual Because of Meth
2016 Nicky, Ricky, Dicky & Dawn frou Gressle gastrol; ôfl. The Tell-Tale Art
2016 Master of Sex Maude Raines gastrol; ôfl. Freefall
2016 Loosely Exactly Nicole Madison gastrol; ôfl. Green Card
2016 Scream Queens Penelope Hotchkiss gastrol; ôfl. Chanel pour Homme-icide
2016 Max Sue Welch tillefyzjefilm
2017 Ryan Hansen Solves Crime on Television    Dorothy Montclair gastrol; ôfl. Hungry for Justice
2018 Succession Marianne Hirsch weromkearende rol; 2 ôfl.
2020 Max Riddle Maisey gastrol; pilotôflevering
2021 Tell Me Your Secrets Jane Tyler gastrol; ôfl. I'm a Good Person
2021 Generation frou Culpepper weromkearende rol; 4 ôfl.
fideospultsjes
2002 Grand Theft Auto: Vice City Michaela Carapadis / Jenny Louise Crab as stimaktrise
2010 Command & Conquer 4: Tiberian Twilight ? as stimaktrise

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.