Springe nei ynhâld

Kust-Salisjanen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kust-Salisjaansk folk)
Kust-Salisjanen
Coast Salish

In tradisjonele Kust-Salisjaanske kano wurdt it strân op lutsen.
flagge
populaasje
oantal 77.000 (2014/2016)
taal Kust-Salisjaanske talen
(ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Kanada:        39.000
Feriene Steaten:        38.000

De Kust-Salisjanen (Ingelsk: Coast Salish) foarmje in folkekloft besteande út in grut tal nau besibbe etnyske groepen yn it súdwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia (it súdeasten fan Vancouvereilân ynbegrepen) en dielen fan 'e Amerikaanske steaten Washington (ynkl. it Olympysk Skiereilân) en Oregon. Hja sprekke fan oarsprong de Kust-Salisjaanske talen. De Bella Kûla (Bella Coola) wurde ornaris ek ta de Kust-Salisjanen rekkene, hoewol't harren taal net ta de Kust-Salisjaanske talen heart, mar in tuskenposysje ynnimt tusken dy taalkloft en de Ynlânske Salisjaanske talen. Yn 'e moderne wrâld steane de Kust-Salisjanen foar drege swierrichheden mei't harren oarspronklike wenkrite no gearfalt mei ferskate sterk ferstedske gebieten, lykas Vancouver, Seattle en Victoria.

De oantsjutting 'Kust-Salisjanen' komt fuort út it feit dat dizze folken Salisjaanske talen sprekke en dat harren geografyske wenkrite oan 'e kusten fan 'e Stille Oseaan, de Strjitte fan Juan de Fuca, de Strjitte fan Georgia, de Burrard-ynham en de Puget Sound leit.

Argeologyske fynsten wize derop dat dat foarâlden fan 'e Kust-Salisjanen har mooglik al omtrint 9000 f.Kr. nei wenjen setten yn wat no súdlik Britsk-Kolumbia en it Amerikaanske Noardwesten is. Unomstriden bewiis is fûn foar it bestean fan in Kust-Salisjaanske delsetting fan 3000 f.Kr. ôf by Hatzic Rock (Xa:ytem), yn 'e neite fan Mission, yn Britsk-Kolumbia. De saneamde Grutte Rúchskerne fan Marpole (C̓əsnaʔəm) ûntstie omtrint 2000 f.Kr., en bewenning yn dy krite duorre oant de ein fan 'e achttjinde iuw, doe't de Kust-Salisjanen troffen waarden troch epidemyen fan 'e pokken en oare besmetlike Jeropeeske sykten. Delsettings oan 'e rivier de Duwamish, yn Washington, geane tebek oant teminsten de sechsde iuw (n.Kr.). Yn 'e Fraser Canyon, yn súdlik Britsk-Kolumbia, binne ferdigeningsmuorren fan rotsblokken weromfûn, dy't datearje út 'e fyftjinde iuw.

It ierste kontakt tusken Jeropeeske ûntdekkingsreizgers en de Kust-Salisjanen giet mooglik tebek oant 1579, doe't de Ingelske kaper en seefarder sir Francis Drake de kust oandie fan wat letter Britsk-Kolumbia wurde soe. It earste dokumintearre kontakt fûn plak yn 1791, doe't de Spaanske ûntdekkingsreizgers Juan Carrasco en José María Narváez de Strjitte fan Georgia ferkenden. Fierder kontakt wie der yn 1792, doe't de Spanjert Dionisio Alcalá Galiano en de Ingelsman George Vancouver beiden de Burrard-ynham opfearen en dêr de Skwamisj en mooglik oare Kust-Salisjanen metten. Yn 1808 krong Simon Fraser, in Britske ûntdekkingsreizger dy't wurke yn opdracht fan 'e Noardwestlike Kompanjy, oer lân út it easten wei de wenkrite fan 'e Kust-Salisjanen binnen. Hy folge de (letter nei him ferneamde) rivier de Fraser troch de Fraser Canyon en dêrwei fierder streamôf oant er deunby de kust oanfallen en weromdreaun waard troch krigers fan 'e Muskwiim-stamme.

In totempeal fan 'e Muskwiim (Musqueam).

It foarútsjoch op it oanboarjen fan in lukrative pelshannel oan 'e noardwestkust fan Noard-Amearika soarge der lykwols foar dat der yn 'e jierren nei 1810 aloan en mar wer blanken út it easten opdaagjen kamen. Yn 1824 waard yn it suden fan wat letter Washington wurde soe, Fort Vancouver stifte, dat letter útgroeie soe ta de stêd Vancouver (Washington) (net te betiizjen mei Vancouver yn Britsk-Kolumbia). Dêrwei begûnen hannelsdelegaasjes fan 'e Hudsonbaaikompanjy it hiele gebiet besuden de Puget Sound troch te reizgjen. Mei de fêstiging fan Fort Nisqually, yn 1833, tusken wêr't no Olympia en Tacoma lizze, waard de pelshannel yn dat gebiet noch fierder fuortsterke. Yn 1827 fêstige de Hudsonbaaikompanjy Fort Langley eastlik fan it hjoeddeistige Vancouver yn Britsk-Kolumbia, mei as gefolch dat ek de noardlike helte fan it wengebiet fan 'e Kust-Salisjanen iepenlein waard foar de pelshannel. Yn dyselde snuorje, fan likernôch 1810 oant 1850, hiene de Kust-Salisjanen allegeduerigen te lijen ûnder oanfallen oersee yn oarlochskano's fan krigers fan noardlike Yndiaanske folken, yn 't bysûnder de Haida en de Súdlike Kwakiûtl.

Underwilens wie in grut part fan 'e pre-Kolumbiaanske befolking fan 'e Kust-Salisjaanske folken kommen te ferstjerren troch epidemyen fan besmetlike sykten dy't de Jeropeänen nei Noard-Amearika ta brocht hiene. De earste epidemy fan 'e pokken trof de noardwestkust al yn 'e 1680-er jierren. De sykte hie him doe troch yntertribale kontakten hielendal út Nij-Spanje (it hjoeddeistige Meksiko) wei dêrhinne ferspraat. Lettere epidemyen holden mank de Kust-Salisjanen hûs yn 'e 1790-er jierren, yn 1850 en yn 1862. Guon Kust-Salisjaanske folken waarden troch sokke rampen hielendal útrûge, lykas de Snokomisj (Snokomish) yn 1850. Yn 'e hûndert jier tusken 1774 en 1874 naam de Kust-Salisjaanske befolking mei 66% ôf.

De earste roomske misjonarissen arrivearren yn 1839-1840 yn 'e krite fan 'e Puget Sound. De earste protestantske (metodistyske) sindelingen kamen dêr yn 1840 en 1842 oan. Fan 'e 1850-er jierren ôf waarden de earste ferdraggen sletten tusken de ûnderskate stammen en de oerheden fan 'e Feriene Steaten en Britsk Kanada. Ut dy tiid datearje ek de âldste Yndianereservaten út 'e regio. Neigeraden dat de kolonisaasje fan harren wengebiet oanhold, begûnen in soad Kust-Salisjaanske manlju foar blanke bedriuwen te wurkjen as houtsjers, fiskers of as arbeiders yn houtseagerijen. De froulju ferkochten kuorren dy't se makke en skaaldieren dy't se by êb gearfandele hiene. Yn 1884 waard yn Kanada de potlatch, in wichtich lânseigen gebrûk, by wet ferbean. Inkele jierren letter waard der ek yn 'e Feriene Steaten it near op lein. It ferbod soe fan krêft bliuwe oant 1934 yn 'e Feriene Steaten en oant 1951 yn Kanada.

Mids tweintichste iuw ûntstie yn beide lannen, net inkeld ûnder de Kust-Salisjanen, mar ûnder alle Yndianen, in beweging foar boargerrjochten, dy't mank gie mei in weroplibbing fan 'e Kust-Salisjaanske kultuer. Yn 1967, by de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan Kanada, hold Dan George, akteur, dichter en opperhaad fan 'e Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh), in taspraak dy't yn Kanada in kearpunt tewei brocht yn 'e opfetting dy't in protte minsken oer Yndianen hiene. Tsjin dy tiid wie it mei de ekonomy en wurkgelegenheid yn 'e wenkrite fan 'e Kust-Salisjanen lykwols yn 'e nederklits rekke, mei't sawol de fiskerij as de houtyndustry klappen krigen fanwegen konkurrinsje út ûntwikkelingslannen. Yn 'e Feriene Steaten wie it saneamde Fûnis fan Boldt foar de Kust-Salisjanen fan grut belang, mei't dy rjochterlike útspraak it regear fan 'e steat Washington bûn achte oan 'e ôfspraken út it Ferdrach fan Point Elliott fan 1855. Dêrtroch krigen de Kust-Salisjanen fan 'e Puget Sound harren âlde fiskerijrjochten werom. It Fûnis fan Boldt waard yn 1979 troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf befêstige. Sûnt de 1970-er jierren hawwe in soad Kust-Salisjaanske mienskippen in beskate ekonomyske autonomy wûn, troch de belestingfrije ferkeap fan tabak, de ûntwikkeling fan kasino's en oare foarmen fan legaal gokken, en de ûntjouwing fan fiskerij en akwakultuer.

In kriger fan 'e Kouwitsjan (Cowichan), fotografearre yn 1912 troch Edward S. Curtis.

Neffens gegevens út 2013 wiene der doe teminsten 56.590 Kust-Salisjanen, op te dielen yn 28.406 lju dy't oansletten wiene by erkende Kanadeeske stamme-organisaasjes yn Britsk-Kolumbia, en 28.284 minsken dy't oansletten wiene by federaal erkende Amerikaanske stamme-organisaasje yn Washington. Nijere (en ynklusivere) sifers út 2014/2016 joegen oan dat der doe 77.000 Kust-Salisjanen wiene, wêrfan 39.000 yn Kanada en 38.000 yn 'e Feriene Steaten.

De Kust-Salisjanen binne ferdield oer de folgjende etnyske groepen:

De Stolo (Stó:lō) binne gjin etnyske groep, mar in multy-etnyske konfederaasje binnen de Kust-Salisjaanske folkekloft.

Oanbuorjende Kust-Salisjaanske mienskippen, oft dat no doarpen of ûnderskate stammen wiene, ûnderholden yn it pre-koloniale tiidrek bannen troch houlik, mienskiplike feesten en hjeldagen en dielde gebieten dy't brûkt waarden foar jacht en fiskerij. Der wie net in protte politike organisaasje mank de Kust-Salisjanen. Oarlochfiering wie foar harren benammen in kwestje fan ferdigening, mei mar hiel út en troch in oanfal op in stamme dêr't gjin bannen mei wiene. Dy wiene der net in soad, mei't de Kust-Salisjanen ek bannen ûnderholden mei harren Ynlânsk-Salisjaanske buorlju yn it easten, lykas de Lillûet (Lillooet), Keur d'Alêne (Coeur d'Alene) en Thompson-Yndianen, en mei de Sahaptynsktalige stammen yn it suden, lykas de Klikitat en de Jakima (Yakima of Yakama).

In foto út 1864 fan it Duwamisj-opperhaad Seattle (nei wa't de stêd Seattle ferneamd is). Hy is nei alle gedachten de bekendste Kust-Salisjaan.

Fijannen fan alle Kust-Salisjanen wiene, alteast yn 'e njoggentjinde iuw, de Súdlike Kwakiûtl (Southern Kwakiutl, Lekwiltok of Euclataws), de Haida en ien stamme fan 'e Tsimsjian (Tsimshian). Mei't dyselden troch earder kontakt mei de Jeropeänen fia de pelshannel ek earder oan gewearen kamen, fierden se allegeduerigen oerfallen út op it gebiet fan 'e Kust-Salisjanen, dêr't se plonderings holden en finzenen nommen dy't se ta slaaf makken. Ferskate kearen organisearre in koälysje fan Kust-Salisjaanske stammen in tsjinoanfal, meastal op 'e Súdlike Kwakiûtl.

De Kust-Salisjaanske maatskippij bestie út trije fierhinne erflik bepaalde klassen of kasten: de boppeklasse (in soarte fan adel), de ûnderklasse (it sljochtwei folk) en de slaven, dy't as besit beskôge waarden ynstee fan as leden fan 'e stamme. De man mei de heechste rang hie ornaris de rol fan lieder (of opperhaad), mar dat wie fierhinne in seremoniële rol sûnder in protte macht yn aldendeiske sitewaasjes. By in houlik tusken in man en in frou út ferskillende doarpen of stammen kaam de frou yn 'e regel by it folk fan 'e man yn te wenjen. In soad Kust-Salisjaanske memmen feroaren de foarm fan 'e plasse fan harren poppen troch dy mei rimen krekt langernôch oan it hollenein fan 'e draachwidzen fêst te binen, dat it bern in steil oprinnende foarholle krige. (De Ynlânsk-Salisjaanske Plathollen (Flathead) hiene dat gebrûk net, en kamen dêrtroch oan harren namme, dy't oarspronklik in skelnamme wie, betocht troch harren buorstammen.)

Yn 'e kultuer fan 'e Kust-Salisjanen waarden materiële besittings wichtiger achte as hast alle oare dingen yn it libben. Materiële rykdom omfieme it besit fan grûn, slaven, itensfoarrieden, húsrie en juwiellen. Troch sokke eigendommen wie it net inkeld mooglik om in nofliker libben te lieden; se ferhegen ek de maatskiplike status fan 'e eigner, mei't rykdom fereaske wie om ta de Kust-Salisjaanske boppeklasse hearre te kinnen. It wie dan ek de bedoeling dat men mei jins rykdom safolle mooglik te pronk rûn, benammen by rituële seremoanjes, mar ek yn it aldendeiske libben.

Ut sokke opfettings kaam ek de potlatch fuort, in feest dat troch rike lju op ûngeregelde tiden organisearre waard, mei as doel om safolle mooglik geskinken wei te jaan, want wat mear geskinken oft men weijaan koe, wat riker oft men wie, en wat heger jins maatskiplike status waard. De potlatch wie in ferskynsel dat net inkeld yn 'e kultuer fan 'e Kust-Salisjanen foarkaam, mar ek mank oanbuorjende folken, lykas de Bella Bella, Haida, Tlingit, Nûtka, Makah en Kwakiûtl. Meitiid ûntjoech de potlatch him ta almar ekstremere foarmen, oant ien sa'n feest it bankrot fan 'e gasthear betsjutte koe. De oerheden fan Kanada en de Feriene Steaten besleaten it tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw te ferbieden, foar it meastepart op oantrúnjen fan kristlike misjonarissen, dy't de potlatch seagen as in skealik en ûnproduktyf gebrûk, dat rjocht yngie tsjin 'beskaafde' noarmen en wearden.

De oarspronklike natoerreligy fan 'e Kust-Salisjanen omfieme it leauwe yn beskermgeasten en boppenatuerlike wêzens of geasten dy't fan stal feroarje koene fan in minsklike nei in dierlike foarm en oarsom. De wrâlden fan 'e libbenen en de deaden stiene mei inoar yn kontakt troch yngewikkelde en feroarlike bannen. It sykjen nei fizioenen, wêrby't mei sin in steat fan trâns opwekke waard, wie in gebrûk dat rûnom folge waard. De medisynman, in soarte fan sjamaan, foarme de brêge tusken de wrâld fan 'e libbenen en de geastewrâld. Gewoane lju namen diel oan dûnsen, it dragen fan maskers en seremoanjes wêrby't se leauden dat se har útdrukten troch de spirituële krêften dy't harren dêrta jûn waarden.

De âlde Kust-Salisjanen bouden harren doarpen oan see of oan rivieren en oare streamen dy't mei harren kano's befarber wiene. Yn 'e winter wennen se yn langhuzen mei ierden flierren dy't almeast boud wiene fan sederhout. Ek leine se wol kûlehuzen oan, dy't heal ûnder de grûn útgroeven waarden. Simmerdeis wennen de Kust-Salisjanen oer it algemien yn lytsere, tydlike kampen deunby plakken dêr't se jeie, fiskje of yn it wyld groeiende planten en fruchten rispje woene.

In langhûs fan 'e Kouwitsjan (Cowichan), fotografearre yn 1912 troch Edward S. Curtis.

By de binnenwanden fan 'e langhuzen lâns leine op platfoarmen de sliepplakken fan 'e bewenners, mei dêrboppe planken om besittings op te bewarjen, lykas kuorren, ark en reau, klean en wapens. Under de 'bêden' wie romte om baarnhout op te slaan foar it hurdfjoer middenyn it hûs, ûnder in iepening yn it dak dy't fungearre as skoarstien. De matrassen en kjessens wiene makke fan weve reiden matten en bistehûden. Iten waard ophongen oan 'e soudering om te drûgjen. Gruttere langhuzen hiene ynterne skudden om 'e wenromten fan ferskillende famyljes op te dielen. De riken bouden oermjitte grutte langhuzen; sa wie it Old Man House yn it Port Madison Yndianereservaat 152 m lang en 12 oant 18 m breed.

De Kust-Salisjanen ieten benammen salm, mei dêropta in grut ferskaat oan oare fisk, skaaldieren en oare yn see en op it lân libjende bisten. Wat dat lêste oanbelange, waard jacht makke op û.m. harten en wapitys. Plantaardich iten dêr't de Kust-Salisjaanske folken harren dieet mei oanfollen, bestie út knoppen, woartels, bollen, beien en nuten.

De Kust-Salisjanen sprekke fan oarsprong ien fan 'e Kust-Salisjaanske talen of it Bella Kûla (Bella Coola), dat foarhinne ek ta dy taalgroep rekkene waard, mar wêrfan't taalkundigen no ornearje dat it der wat fierder fanôf stiet. Hjoed de dei sprekke de Kust-Salisjanen benammen Ingelsk. Fan 'e 15 Kust-Salisjaanske talen binne anno 2018 10 útstoarn, wylst twa oaren, it Sesjelt (Sechelt) en it Skwamisj (Squamish) minder as 10 memmetaalsprekkers oer hawwe. It Bella Kûla hie by de lêste telling noch 17 memmetaalsprekkers. De grutste Kust-Salisjaanske taal is it Halkomelem, dat de oarspronklike taal is fan ferskate etnyske groepen, en dat yn 2016 noch 500 sprekkers hân hawwe soe. Yn totaal wiene der doe noch 685 memmetaalsprekkers fan alle Kust-Salisjaanske talen en it Bella Kûla mei-inoar. Ferrekkene mei in totale etnyske befolking fan 77.000 minsken komt dat del op in sprekkerspersintaazje fan 0,9%.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en Bibliography, op dizze side.