Olympia (Washington)
Olympia | ||
It kapitool fan de steat Washington | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Thurston County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 46.478 (2010) | |
Oerflak | 48 km² | |
Befolkingsticht. | 1.006,98 / km² | |
Hichte | 29 m | |
Oar | ||
Stifting | 1851 28 jannewaris 1859 (stêd) | |
Tiidsône | Pasifyk (UTC-8) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Olympia is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Washington, en teffens it haadplak fan it omlizzende Thurston County. De stêd leit oan de súdein fan de Puget Sound oan de Stille Oseaan .
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De omkriten fan Olympia, earder it gebiet fan de yndianestam de Niskwally, waarden yn de jierren 1830-1840 troch Amerikaanske pioniers befolke en yn 1853 waard it haadplak fan it doetiidske Washington Territory. Yn 1889 waard it de haadstêd fan de steat Washington en yn 1912 waard útein set mei de bou fan it Kapitool, dêr't de folksfertsjintwurdiging fan de steat gearkomt.
De stêd leit net sa fier fan The Olympic National Wilderness, in natuergebiet op it skiereilân tusken Puget Sound en de Stille Oseaan. It gebiet krige al yn de 19e iuw beskerming en is ien fan de pear oerbleaune oerbosken yn de Feriene Steaten.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste wurkjouwer yn Olympia is útsoarte de overheid . Olypia hat in boarne dêr't it wetter fan brûkt waard, fan 1896 oant 2003, foar it brouwen fan it pleatslike Olympia Bier (lokaal de "Oly" neamd) troch de Olympia Brewing Company. It bier wurdt noch altyd broud yn Kalifornje, mar no troch SABMiller.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist de wenstige middelbere skoallen (ferienige yn it Olympia Skoalle Distrikt) is der in ynstitút foar heger ûnderwiis: Evergreen State College.
Berne yn Olympia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rachel Corrie (1979-2003), fredesaktiviste
- Candice Dare (1990), pornoaktrise