Vancouver (Washington)

Ut Wikipedy
Vancouver
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Clark County
Sifers
Ynwennertal 165.489 (2012)
Oerflak 129,1 km² (ynkl. wetter)
120,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.344,6 / km²
Stêdekloft Portland (Oregon)
Hichte 52 m
Oar
Stifting 1825
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 45°38′01″N 122°36′10″W
Offisjele webside
www.cityofvancouver.us
Kaart
De lizzing fan Vancouver yn Clark County en yn 'e steat Washington.
Net te betiizjen mei de Vancouver, in folle gruttere stêd yn Kanada.

Vancouver is in stêd yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington, en it haadplak fan it omlizzende Clark County. It is de op trije nei grutste stêd fan Washington (nei Seattle, Spokane en Tacoma), en leit oan 'e rivier de Columbia, dy't de (súdlike) grins fan Washington mei Oregon foarmet. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Vancouver doe goed 165.000 ynwenners. It is feitliks in foarstêd fan 'e metropoal Portland, oare kant de rivier yn Oregon, en heart ta in stêdekloft dy't in befolking fan krapoan 2,3 miljoen minsken hat. Om't in protte ynwenners fan Vancouver yn Portland wurkje, is der moarns en jûns geduerich filefoarming op 'e Interstate Bridge en de Glenn Jackson Bridge, de beide brêgen oer de Columbia dy't Vancouver mei Portland ferbine. Om Vancouver fan it folle gruttere Vancouver yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk Kolumbia te ûnderskieden, wurdt foar it lytsere Amerikaanske plak gauris sprutsen fan the Couve, of ek wol fan Vantucky (in wurdboarterij op Kentucky, dat fierhinne út plattelân bestiet), al hat dy lêste oantsjutting wat delbûgends.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de stifting fan Vancouver waard it gebiet dêr't dat no leit bewenne troch de Sjinnûk- en de Klikitat-Ydianen. It earste kontakt mei de Sjinnûk fûn plak yn 1775, en as gefolch dêrfan kaam likernôch de helte fan harren om by in epidemy fan 'e pokken, in sykte dêr't se gjin ferwar tsjin hiene. De ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark kaam yn 1806 troch it gebiet. Tsjin 1850 wiene de Tsjnnûk yn 75 jier tiid fan in populaasje fan nei skatting 80.000 minsken belune ta inkele tsientallen lânleaze flechtlingen.

Fort Vancouver, in nasjonaal histoarysk plak.

Yn 1824 stifte de Britske Hudsonbaaikompanjy oan 'e rivier de Columbia Fort Vancouver, neamd nei de Ingelske seekaptein George Vancouver (krekt sa't it Kanadeeske Vancouver letter nei de man ferneamd wurde soe). In jier letter groeide der om it fort hinne in delsetting fan pelsjagers en keaplju, dy't úteinlik simpelwei Vancouver kaam te hjitten. Fan 1824 ôf waard it Oregon-territoarium (besteande út 'e hjoeddeiske Kanadeeske provinsje Britsk Kolumbia en Amerikaanske steaten Washington, Oregon en Idaho) troch de Amerikanen en de Britten yn kondominium bestjoerd, mar yn 1846 waard it opdield en kaam it súdlike part, mei dêrby Vancouver, by de Feriene Steaten te hearren. Yn 1850 waard de namme fan Vancouver feroare yn Columbia City, mar yn 1855 waard er wer weromferoare. Yn 1857 krige Vancouver offisjeel de status fan stêd, en yn 1859-1860 wie it koarte tiid de haadstêd fan it Washington-territoarium, ear't Olympia as sadanich oanwiisd waard om't men fûn dat Vancouver te ticht by Oregon lei.

Yn 1917 waard de Interstate Bridge iepene, de earste fêste ferbining oer de rivier de Columbia mei Oregon. It Amerikaanske Leger hie lange tiid in grutte oanwêzigens yn Vancouver. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waarden der yn Vancouver op trije skipswerven skippen foar de Amerikaanske Marine boud. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch spile de stêd op dat mêd in noch folle wichtiger rol, wat Vancouver ekonomysk sjoen gjin wynaaien lei. Yn in pear moanne tiid groeide de befolking begjin 1942 fan 18.000 oant 80.000 minsken.

Fanwegen de gewoante fan Vancouver om omlizzende gebieten te anneksearjen, is it koartby yn konflikt kommen mei oare stêden yn Clark County dy't in soarte fan mienskiplik front foarme hawwe om foar te kommen dat Vancouver noch fierder groeie kin. Under de tsjinstanners binne plakken as Hazel Dell, Felida, Orchards en Salmon Creek, dy't allegear fuort benoarden de stedsgrinzen fan Vancouver lizze. De lêste anneksaasje wie yn 1997, doe't der 45,6 km² en goed 58.000 ynwenners oan 'e stêd tafoege waarden. As in tsjinkearde anneksaasje yn 2006 trochgien wie, soe Vancouver Spokane en Tacoma foarbystribbe hawwe en de twadde stêd fan Washington wurden wêze.

Susterstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Interstate Bridge oer de rivier de Columbia, útsjend fan Vancouver súdoan nei Portland.
It Histoarysk Museum fan Clark County.

Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 24% fan 'e befolking fan Vancouver jonger as 18 jier en 12,4% âlder as 65 jier. Fan alle húshâldings yn 'e stêd bestie 30% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangie, dy wie doe sa: 70,5% blanken; 10,4% Latino's; 5,0% Aziaten; 2,9% swarten; 1,0% Yndianen; 1,0% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 9,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Spokane[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vancouver hat in Mediterraan seeklimaat mei drûge simmers en wiete winters. De waarmste moanne is july, mei oerdeis in trochsneed temperatuer fan 24,0 °C, wylst de kâldste moanne desimber is, mei in deitemperatuer fan 7,5 °C. Der falt yn Vancouver trochstrings 1.064,8 mm delslach it jier; fierwei it measte dêrfan falt as rein yn it winterhealjier. Fan snie kriget Vancouver yn in hiel jier mar 12,5 sm. Op it mêd fan waarsproblematyk hat Vancouver fral út en troch te lijen fan oerstreamings fan 'e Columbia.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.