Salmen
Appearance
De salmen (Latyn: Salmoniformes) foarmje in skift fan 'e fisken, binnen de strielfinnigen. It is ek de namme fan de ienige oerlibjende famylje binnen dit skift (Latyn: Salmonidae). Yn 'e mande mei de nau besibbe sulversmelten (Argentiniformes), de spjirringen (Osmeriformes) en de snoekeftigen (Esociformes) meitsje de salmen diel út fan it boppeskift Protacanthopterygii.
Hast alle salmen hawwe efter de rêchfin in twadde fintsje sûnder finstrielen, de saneamde fetfin. Se wurde neamd nei de bekendste soarte, de salm (Salmo salar).