Springe nei ynhâld

Belgje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keninkryk Belgje)
Koninkrijk België (ned)
Royaume de Belgique (fr)
Königreich Belgien (dú)
Flagge fan Belgje Wapen fan Belgje
Biedwurd:
Eendracht maakt macht (Nederlânsk)
L'union fait la force (Frânsk)
Einigkeit macht stark (Dútsk)

"Iendracht makket macht"
Folksliet: La Brabançonne
Haadstêd Brussel
Offisjele taal Nederlânsk
Frânsk
Dútsk
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
- steatshaad Kening Filip
- regearlieder Alexander De Croo
Unôfhinklikheid 1830
Oerflak 30.689,17 km² [1]
- wetter 0,635%
Ynwennertal 11.697.557 [2] (01-01-2023)
Befolkingstichtens 381 ynwenners/km²
Muntienheid Euro (EUR)
Tiidsône MET (UTC+1)
- simmertiid MEST (UTC+2)
Nasjonale feestdei 21 july
Ynternetdomein .be
Telefoan +32
ISO 3166 BE, BEL, 056

Belgje of België of it Belzelân (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lyts lân in West-Jeropa mei 11.698.000 ynwenners yn 2023.[2] Belgje is in demokratyske monargy en is sûnt 1993 in federaasje. De steat is opdield yn Flaanderen (Vlaanderen), Walloanje (Wallonie) en it Brusselsk Haadstedsk Gewest. De haadstêd is Brussel (Bruxelles), dy't ek beskôge wurdt as de politike haadstêd fan de Jeropeeske Uny. Sûnt 2013 is Filips kening en sûnt 2020 is Alexander De Croo premier.

Geakundige geografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Polder by de Yserrivier.

Belgje wurdt fan it easten nei it westen hieltiid leger. Yn it easten binnen de Ardinnen en de Hege Feanen, mei as heechste punt it Signal de Botrange. Dan it gebiet tusken de rivieren, wat net sa heech is, mar dêr't al noch hichteferskillen binne. En einlings komt yn it westen it flakke lân, mei polders yn it binnenlân en dunen oan de seekust.

Yn it easten komt de Maas út Frankryk nei it noarden it lân yn, komt by Namen gear mei de Sambre, rint dan nei it noardeasten nei Luik, en rint dan wer nei it noarden Nederlân yn. Westliker komt de Skelde by Doarnik út Frankryk it lân yn, rint nei it noarden nei Gint, dan eastliker nei Antwerpen, en fan dêr nei de Nederlânske grins. Yn it westen komt de Yser út Frankryk en rint yn de omkriten fan Nieuwpoort yn see.

Statistyske geografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belgje is mei 381 ynwenners de fjouwerkante kilometer (2023) ien fan de tichtstbefolke lannen fan Europa. Dat jildt noch mear foar Flaanderen, dêr't sawat 60 persint fan de lânsbefolking op 40 persint fan it steatsgebiet wennet. De folsleine lânmassa beslacht 30.689 km², wêrmei't Belgje in fearnspart lytser as Nederlân is en justjes grutter as Lesoto en Armeenje. Neffens it Koninklijk Belgisch Instituut voor Natuurwetenschappen beslacht it Belgysk territoarium 34.143 km², mar yn dat sifer wurdt it Beglyske territoariale wetter oant 12 seemilen yn de Noardsee meiteld.[1]

Belgje wurdt begrinzge troch Nederlân yn it noarden, Dútslân yn it easten, Lúksemboarch yn it súdeasten, Frankryk yn it suden en de Noardsee yn it westen. De steatsgrins beslacht sa'n 1445,5 kilometer.

It heechste punt is it Sinjaal fan Botrange op 694 meter hichte en it heechste doarp Rocherath (in dielgemeente fan Büllingen) leit op in hichte fan 655 meter.

It geografyske middelpunt is te finen yn Nil-Saint-Vincent.

Yn âlde tiden waard Belgje befolke troch ferskate Keltyske folken, wêr't de Menapii de wichtichste fan wiene. Letter yn de Romeinske tiid waarden alle Keltyske stammen yn it gebiet tusken Noardsee, Ryn, Seine en Marne (Súd-Nederlân, Belgje, Noard-Frankryk en parten fan West-Dútslân) meiïnoar oantsjutten as Belgae en hearde by it Romeinske ryk.

Nei it tiidrek fan de Romeinen krigen de Franken it foar it sizzen yn Belgje en yn de midsiuwen hearde it ôfwikseljend by it Frankyske ryk en Dútske ryk. De Skelde tsjinne as grins tusken beide riken. Yn de 15e iuw kaam it yn hannen fan de Habsburgers en op de ein fan de 18e iuw troch de Frânsken. Nei de nederlaach fan Napoleon yn 1815 gong Belgje op yn it Keninkryk fan de Nederlannen om sa in buffersteat te foarmjen tsjin Frankryk. Belgje waard yn 1830 útroppen ta in ûnôfhinklike konstitúsjonele monargy. It biedwurd fan België is 'iendracht makket macht'. Dy iendracht sloech yn 1830 op de feriening fan de njoggen provinsjes. De njoggen provinsjewapens binne ek fertsjintwurdige yn it wapenskyld fan it lân.

De Earste Wrâldkriich begjint yn Belgje at Dútslân syn Von Schlieffenplan yn augustus 1914 útfierd. Yn de Earste Wrâldkriich waard Belgje sawat hielendal beset troch Dútslân. Inkeld it gebiet efter de Izer yn West-Flaanderen koe doe ûnder Belgyske kontrôle bleauwe. It tal deade militêren oan Belgyske kant hie leger wêze kind as de hegere offisieren net ientalich Frânsk west hienen. It Belgyske regear wie nei de kriich poer op Nederlân omdat fan it Nederlânske regear, nettsjinsteande de neutraliteit, it Dútske leger oer Nederlânsk grûngebiet weromlûke mocht. Yn 1919 easke it Belgyske regear grûngebiet fan Nederlân, mar dat besykjen wie fergees. Yn 1919 krige it Belgyske folk algemien kiesrjocht, mar dat soe oant 1948 allinnich foar de manlju jilde. It Belgyske regear hie yn it ynterbellum in ryk polityk ferskaat foar oare Jeropeeske lannen oer. Belgje wie it iennichste lân dêr't sosjalisten, liberalen en katoliken meiïnoar gearwurken. Oare partijen yn it ynterbellum wienen it Vlaamsch Nationaal Verbond (Flaamsk Nasjonaal Bûn), en de Kommunistyske Partij.

Yn de Twadde Wrâldkriich kapitulearre it Belgyske leger nei achttjin dagen striid en waard Belgje alhiel beset troch Nazy-Dútslân. Yn septimber 1944 soe it grutste part troch Alliearden befrijd wurde. De spannings tusken Nederlânsktalige Flamingen yn it noarden en de Frânkstalige Walen yn it suden hawwe de lêste jierren laat ta konstitúsjonele feroarings. Sadwaande waard Belgje in federale steat mei trije gewesten en mienskippen.

Gewesten fan Belgje:
Mienskippen fan Belgje:
   Flaamske Mienskip / Nederlânsktalich
  Flaamske & Frânske Mienskip / twatalich
   Frânske Mienskip / Frânsktalich
   Dútsktalige Mienskip / Dútsktalich

Belgje hat mear as in alve en heal miljoen ynwenners. Belgje hat trije offisjele talen:

Yn Flaanderen is Nederlânsk de offisjele taal, yn Waloanje Frânsk. Yn de haadstêdregio Brussel binne Frânsk en Nederlânsk de offisjele talen. Njonken Nederlânsk en Frânsk is Dútsk in taal dy't troch sa'n 79.000 minsken yn it easten fan Belgje praten wurdt.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belgje is parte yn trije dielen, it Flaamske en Waalske diel en it Brusselsk gebiet.

It hat trije gewesten:

It hat trije mienskippen:

Ferdieling fan de gewesten en mienskippen:

  • It Flaamske diel hjit Flaanderen (Vlaanderen) en bestiet út it Flaamsk Gewest en de Flaamske Mienskip.
  • It Waalske diel hjit Walloanje (Wallonie) en bestiet út it Waalsk Gewest, de Frânske Mienskip en de Dútsktalige Mienskip (wennet by de provinsje Luik).
  • It Brusselsk gebiet bestiet út it Brusselsk Haadstedsk Gewest, de Flaamske Mienskip foar de Nederlânsktaligen en de Frânske Mienskip foar de Frânsktaligen. Dat gewest moat net betiisd wurde mei de Stedsregio Brussel, de agglomeraasje dy't út it Brusselsk Haadstedsk Gewest en it omlizzende lân yn Flaamsk-Brabân, Waalsk-Brabân en Henegouwen bestiet.
Flaamske provinsjes
  1. Antwerpen (Antwerpen), haadstêd Antwerpen
  2. Limburch (Limburg), haadstêd Hasselt
  3. East-Flaanderen (Oost-Vlaanderen), haadstêd Gint (Gent)
  4. Flaamsk-Brabân (Vlaams-Brabant), haadstêd Leuven
  5. West-Flaanderen (West-Vlaanderen), haadstêd Brugge
Waalske provinsjes
  1. Waalsk-Brabân (Brabant wallon), haadstêd Waver (Wavre)
  2. Henegouwen (Hainaut), haadstêd Bergen (Mons)
  3. Luik (Liège / Lüttich), haadstêd Luik (Liège)
  4. Lúksemboarch (Luxembourg), haadstêd Aarlen (Arlon)
  5. Namen (Namur), haadstêd Namen (Namur)
  • It Brusselsk Haadstedsk Gewest heart net by in provinsje, mar der is wol in gûverneur dy't it bewâld fiert en bestjoerlik ûnder de kening falt.

Sjoch ek: Provinsjes fan Belgje

Belgje is in stiftend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

Yn de 19e iuw wie de stiel- en koalyndystry yn Walloanje grut, wêrtroch it Frânsktalige suden ekonomysk sterker wie as Flaanderen. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de stiel- en koalyndustry lytser. Yn dyselde tiid groeide de gemyske en petroaliumyndystry yn Antwerpen en Gent. Troch dy ûntwikkeling waard Flaanderen ekonomysk sterker. Hjoed de dei is neist de taal ek de ekonomy in swier polityk diskusjepunt yn Belgje.

De Belgyske Franc wie de wikselkoers tusken 1832 en 2002. Yn 2002 krige Belgje de Euro.

Belgje bard aardich wat jild yn troch it toerisme. Toeristen út de buorlannen gean faak nei de Noardseekust, de Ardennen, of komme om de âlde slachfjilden fan de Earste Wrâldkriich te sjen.

BYP per persoan is $36,200 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,1% lânbou, 24,5% yndustry en 74,4% tsjinsten.

De Belgyske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine. Yn 2008 wienen der 2.407.128 Belgyske mannen fan tusken 16-49 jier wêrfan 1.973.167 fit binne foar ynset. Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 64,659. 1,3 % fan it BYP (2005) is ornearre foar militêre doelen.

Wichtichste havens binne Antwerpen, Gent, Luik en Zeebrugge. Brussel hat it grutste fleanfjild fan Belgje. De maksimum snelheid op de autodyk is 120 km/h.

Belgje hat (2006):
119.079 km ferhurde dyk.
3.536 km spoardyk.
2.043 km farwetter.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: Belgje – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika
Commons Commons: Belgium – foto, fideo en harktriemmen
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Belgje – geografyske en histoaryske kaarten

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Bodemgebruik, STATBEL
  2. 2,0 2,1 Structuur van de bevolking, STATBEL
Belgje
Gewesten:
Flaamsk Gewest (Flaanderen) • Waalsk Gewest (Walloanje) • Brusselsk Haadstedsk Gewest
Mienskippen:
Flaamske MienskipFrânske MienskipDútsktalige Mienskip
Provinsjes:
Flaamske provinsjes:
AntwerpenLimburchEast-FlaanderenWest-FlaanderenFlaamsk-Brabân
Waalske provinsjes:
HenegouwenLuikLúksemboarchNamenWaalsk-Brabân
· · Berjocht bewurkje
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje