Jankton (stamme)
De Jankton (Ingelsk: Yankton, útspr.: ['jæŋktən]; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ, útspr.: [i'hã:ktˣũwã]) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e Sû-Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei ien fan 'e oare seis stammen, te witten de Janktonai, foarmje se Westlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû.
De Jankton, wa har namme oft "Doarp oan 'e Ein" betsjut, makken histoarysk sjoen diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Westlike Dakota der twa hiene, de Eastlike Dakota fjouwer en de Lakota mar ien. Hjoed de dei libbet de namme "Jankton" fuort yn 'e Jankton Sû Stamme (Yankton Sioux Tribe), ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten, mei syn haadkertier yn Marty, yn 'e steat Súd-Dakota, en yn 'e namme fan it reservaat fan dy stamme, it Jankton Sû Yndianereservaat (Yankton Sioux Indian Reservation). Hoewol't frijwol alle leden fan 'e Jankton Sû Stamme etnyske Jankton binne, binne net alle etnyske Jankton lid fan 'e Jankton Sû Stamme.