Jabikspaad
It Jabikspaad is in kuierrûte en in fytsrûte fan 150 km fan Sint Jabik nei Hasselt yn Noard-Oerisel. De rûte troch It Bilt is iepene op 22 july 1998, de rest fan de rûte mei Simmer 2000.
Pylgertocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûte is opset as it earste part fan in pylgertocht fan Sint Jabik nei Sint Jabik fan Kompostela. Fan Sint Jabik giet de rûte nei Hasselt; fan dêr kin de pylger of fakânsjegong fierder oer it Hânzestêdepaad nei Swol en Dimter en fierder de Isel en de Maas bylâns nei it suden. By Maastricht is oansluting op ynternasjonale rûten.
Kuierrûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Sint Jabik oant Jirnsum binne der twa kuierrûtes:
- Westrûte: Sint Jabik - Minnertsgea - Rie - Boer - Skalsum - Frjentsjer - Tsjom - Winsum - Baard - Leons - Jorwert - Mantgum - Easterwierrum - Raerd - Jirnsum.
- Eastrûte: Sint Jabik - Swarte Haan - Nijebiltsyl - Aldebiltsyl - Feinsum - Stiens - Britsum - Koarnjum - Jelsum - Ljouwert - Goutum - Wurdum - Reduzum - Friens - Jirnsum.
Fan Jirnsum giet de kuierrûte fierder nei it Hasselt:
Jirnsum - Akkrum - Nes - Aldeboarn - Haskerdiken - Nijbrêge - It Hearrenfean - De Knipe - Mildaam - Aldeholtwâlde - Wolvegea - Sonnegea - Aldemark - (Paaslo) - Kealeberch - Nederlân - Bloksyl - Liuwte - Sint Janskleaster - Hytfjild - Genemuiden - Sellemuiden - Hasselt.
Fytsrûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan Sint Jabik oant Jirnsum binne der twa fytsrûtes:
- Westrûte: Sint Jabik - Furdgum - Tsjummearum - Easterbierrum - Frjentsjer - Winsum - Baard - Jorwert - Easterwierrum - Raerd - Jirnsum.
- Eastrûte: Sint Jabik - Swarte Haan - Aldebiltsyl - Feinsum - Stiens - Britsum - Koarnjum - Jelsum - Ljouwert - Goutum - Wytgaard - Reduzum - Jirnsum.
Fan Jirnsum giet de fytsrûte fierder nei Hasselt:
Jirnsum - Akkrum - Nes - Aldeboarn - Haskerdiken - Nijbrêge - It Hearrenfean - Aldskoat - Nijeholtwâlde - Wolvegea - De Blesse - Wite Hynders - Tuk - Stienwyk - Giethoorn - Súdein - Wanneperfean - Westein - Belt-Skutsleat - Swartslûs - Genemuiden - Sellemuiden - Hasselt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Jabikspaad fan St. Jabik nei Hasselt
- Sint-Jabik
- Geografy fan It Bilt
- Geografy fan Frjentsjerteradiel
- Geografy fan De Waadhoeke
- Geografy fan Littenseradiel
- Geografy fan Súdwest-Fryslân
- Geografy fan Boarnsterhim
- Geografy fan Ljouwert (gemeente)
- Geografy fan It Hearrenfean (gemeente)
- Geografy fan Weststellingwerf
- Stienwikerlân
- Kuierpaad yn Nederlân
- Kuierpaad yn Fryslân