Springe nei ynhâld

In the Valley of Elah

Ut Wikipedy
In the Valley of Elah
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Haggis
produsint Patrick Wachsberger
Steven Samuels
Darlene Caamaño Loquet
Paul Haggis
Laurence Becsey
senario Paul Haggis
kamerarezjy Roger Deakins
muzyk Mark Isham
filmstudio NALA Films
Samuels Media
Blackfriars Bridge
distribúsje Warner Independent Pict. (Fer. St.)
Summit Entertainment (ynternasj.)
spilers
haadrollen Tommy Lee Jones
Charlize Theron
byrollen Susan Sarandon
James Franco
Jason Patric
Wes Chatham
Jake McLaughlin
Josh Brolin
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 14 septimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre drama- en detektivefilm
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $23 miljoen
opbringst $29,5 miljoen

In the Valley of Elah is in Amerikaanske drama-, detektive- en anty-oarlochsfilm út 2007 ûnder rezjy fan Paul Haggis, mei yn 'e haadrollen Tommy Lee Jones en Charlize Theron. De titel betsjut "Yn 'e Delling fan Elah", en ferwiist nei de bibelske delling dêr't neffens I Samuël 17 it gefjocht tusken David en Goliat plakfûn hawwe soe (yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting wurdt dat toponym oerset as de Terebintedelling). De plot fan 'e film folget Hank Deerfield, in âld-militêr waans soan Mike, dy't ek soldaat is, fermist rekket nei de weromkear fan syn ienheid út 'e Irakoarloch. It docht al rillegau bliken dat Mike fermoarde is, wêrnei't resjersjeur Emily Sanders belêstge wurdt mei it ûndersyk. In the Valley of Elah krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Op 1 novimber 2004 kriget Hank Deerfield, in frachtweinsjauffeur dy't grint ferfiert en mei syn frou Joan yn in lyts plak yn Tennessee wennet, in tillefoantsje fan immen fan it Amerikaanske Leger dat syn soan Mike ôfwêzich sûnder ferlof is. Mike is in soldaat dy't yn 'e Irakoarloch tsjinnet en foarsafier't Hank wit noch altyd yn Irak is, mar dejinge dy't him opskillet, fertelt him dat Mike syn ienheid al in dei as fiif werom yn 'e Feriene Steaten is. Hank makket syn saken ynoarder en set noch dyselde deis yn syn pick-uptruck ôf út Tennessee nei Fort Rudd, de legerbasis fan Mike syn ienheid, yn Nij-Meksiko. As er de strjitte útriidt, sjocht er dat by de pleatslike legere skoalle de Amerikaanske flagge op 'e kop wapperet. Hy giet dêr oan om 'e nije konsjerzje, in resinte ymmigrant út El Salvador, op syn flater te wizen en te helpen de flagge mei de goede kant nei boppen te hisen. Hank leit de man út dat it hisen fan 'e flagge ûnderstboppest in symboal fan uterste need is.

It is mei de auto fan Tennessee nei Nij-Meksiko in reis fan twa dagen, mar troch te besunigjen op sliep rêdt Hank it op yn ien. Yn Fort Rudd moetet er de oare leden fan Mike syn seksje. Hoewol't der in protte feroare is sûnt syn tiid, is Hank tige thús op 'e basis, mei't er tsientallen jierren lang as sersjant by de militêre plysje tsjinne hat. Dat is ek de reden dat syn beide soannen yn it leger gien binne. As er it sliepplak fan Mike besiket en dêr yn 'e laden fan in ladekast sjocht, drukt er temûk Mike syn mobile tillefoan efteroer. Ien fan 'e lêst opskille tillefoannûmers liedt Hank nei in pleatslike stripklub ta, mar dat blykt in dearinnend spoar te wêzen. Hy siket in techneut op dy't foar in ridlike priis wol sjen wol oft der oan 'e slim skansearre fideo's op 'e tillefoan noch wat te rêden is. Yn 'e folgjende dagen dripkje stadichoan de ûntrêstgjende bylden út 'e Irakoarloch dy't Mike opnommen hat, yn Hank syn e-mailbox binnen.

Hank besiket yn kontakt te kommen mei in sersjant Arnold Brickman, in âlde maat fan him by de United States Army Criminal Ivestigation Command, sis mar de resjerzje fan it Amerikaanske Leger. It docht lykwols bliken dat Brickman al lang mei pinsjoen is. Yn it petear mei de man komt nei foarren dat Hank syn âldste soan David tsien jier lyn omkommen is doe't er mei in militêre helikopter delstoarte. Letter besiket Hank fan 'e fermissing fan Mike oanjefte te dwaan by de (boargerlike) plysje yn it plak dêr't Fort Rudd stiet, mar resjersjeur Emily Sanders kin net oars as him trochferwize nei de militêre plysje, mei't it Amerikaanske Leger de fermissings fan syn eigen personiel behannelet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jûns wurdt yn in stik mei rûch strewelleguod begroeide woastyn, oan 'e bûtenste râne fan it terrein fan 'e legerbasis, it útinoar houde en ferbaarnde stoflik omskot fan in man fûn. Sanders en har kollega's nimme it plak delikt op, mar wurde fuortstjoerd as bliken docht dat it noch krekt binnen de legerbasis leit, wat betsjut dat de militêre plysje it ûndersyk oernimme moat. As Hank de basis besiket om wat der noch oer is fan it lyk fan syn soan te besichtigjen, wurdt him ferteld dat de deadsoarsaak in stikmannich stekwûnen wie: immen hat mei in mês mear as fjirtich kear op Mike ynstutsen. Luitenant Kirklander, dy't de lieding oer it ûndersyk hat, lit Hank in crackpiip sjen dy't ûnder Mike syn matras oantroffen is. De resinte arrestaasje fan inkele oare soldaten dy't besochten heroïne út Koeweit nei de Feriene Steaten te smokkeljen om it dêr troch te ferkeapjen oan Meksikaanske drugshannelers, jout oanlieding ta de fertinking dat Mike ek by sokssawat belutsen wie. De Meksikaanske drugskartels steane nammentlik bekend om harren ysbaarlike metoaden om lju te fermoardzjen.

Kirklander wol Hank it plak delikt net sjen litte om't it ûndersyk noch rint. Dêrop giet Hank werom nei Sanders, om't er wit dat sy wit wêr't it plak delikt is. Hy bepraat har om him dêrhinne te bringen. Ienris dêre hat Hank gjin goed wurd oer foar de metoaden dy't de pleatslike plysje en de militêre plysje brûkt hawwe by harren ûndersyk. Neffens him hawwe se mei syn allen oer it bewiismateriaal hinne poatele. Hy fynt al rillegau it plak werom dêr't Mike wier fermoarde is, fuort by de kant fan 'e wei lâns, krekt bûten de grins fan 'e legerbasis. Om't dat lyk ûnder in lantearnepeal is, waard er troch de dieder of dieders dêrwei sleept de woastyn yn, mar pas doe't er al dea wie. De plysje en militêre plysje binne op 'e siik nei in griene auto dy't hjir yn 'e nacht fan sneon op snein, doe't de moard plakfûn, sjoen is, mar Hank wiist derop dat se nei in blauwe auto sykje moatte, om't in blauwe auto yn it giele ljocht fan 'e lantearnepeal grien liket.

Sanders besaut har Hank syn fakkundichheid, mar fielt har net daliks roppen om him fierder te helpen. Mar as froulike resjersjeur en allinnichsteande mem op it Amerikaanske plattelân moat se fjochtsje tsjin foaroardielen. De oare deis, as har manlike kollega's wer ris de gek mei har hawwe, wurdt se sa poerrazen, dat se har baas, sheriff Buchwald, op 'e hichte stelt fan it feit dat de moard op Mike Deerfield wol deeglik yn syn rjochtsfoechgebiet begien is, en bepraat se him om it ûndersyk wer werom te nimmen fan 'e militêre plysje, dy't dêr net bliid mei is.

Underwilens komt Joan Deerfield tsjin Hank syn goerie yn, mei it fleantúch oer út Tennesse om it stoflik omskot fan har soan te sjen. Neitiid keart se op deselde wize werom nei hûs, dêr't yn 'e tuskentiid in pakje oankommen is dat Mike út Irak wei nei hûs stjoerd hie. Hank freget har it pakje tichtsitte te litten oant hy wer thús is. De betellings dy't mei Mike syn creditcard dien binne, liede Sanders en Hank nei in fastfoodrestaurant ta, dêr't Hank oan 'e hân fan 'e prizen fan 'e meast optsjinne menu's útrekkenet dat syn soan dêr koart foar syn dea nei alle gedachten mei twa of mooglik trije oaren iten hat. Sanders kriget ûnderwilens fan Kirklander de ûnder de eed ôfnommen ferklearrings fan 'e oare leden fan Mike syn seksje, wêrmei't moai foarkommen wurdt dat se de mannen sels ûnderfreegje kin. Ut begrutsjen nûget Sanders Hank dy jûns út om by har thús te iten mei harsels en har jonge soan David. As Hank frege wurdt oft er de jonge in ferhaaltsje foar it koesen fertelle kin wylst syn mem de ôfwask docht, fertelt er it bibelske ferhaal oer it gefjocht fan David en Goliat yn 'e Delling fan Elah.

As Hank de oare deis, wylst er syn brea-iten yn in pleatslike kafetaria bepluzet, Eve tsjinkomt, in topless barkeeper dy't er earder befrege hie yn 'e bar dêr't se wurke, ken dy Mike syn seksjegenoat Steve Penning werom op in foto. Sa ûntdekt Hank dat Mike en Penning de jûns fan 'e moard út in stripklub smiten binne om't Mike ien fan 'e strippers begûn út te skellen. Neitiid ûnderfreget Sanders Penning en syn maten Gordon Bonner en Ennis Long, dy't alle trije tajouwe dat se yn harren eardere ferklearrings liigd hawwe. Nei't se troch tadwaan fan Mike út 'e stripklub bonsjoerd waarden, krigen Mike en Bonner slaanderij op it parkearterrein. Mar letter soe Mike it iten yn it fastfoodrestaurant foar de oaren betelle hawwe om it wer goed te meitsjen. Mei't tusken it ferlitten fan 'e stripklub en it besykjen fan it restaurant in gat fan twa oeren sit, freget Sanders troch. Uteinlik jouwe de mannen ta dat se yn dy tiid in prostituee besocht hawwe, dy't harren allegear oraal befredige hat. Nei it besyk oan it restaurant hawwe se Mike efterlitten om letter op eigen manneboet nei de basis werom te kearen, om't er earst nije drugs keapje woe. Sanders fynt it in nuver ferhaal en fertrout de boel net, mar Hank wegeret te leauwen dat Mike syn maten belutsen west hawwe kinne by syn dea.

Werom op it plysjeburo stelt Hank fêst dat Sanders in ferklearring te min krigen hat fan Kirklander. In seksje hat njoggen leden. Ien man út Mike syn seksje wie yn Irak sneuvele. Minus Mike sels moatte der dus sân ferklearrings wêze; Sanders hat mar seis krigen. Troch it simpele ferlykjen fan 'e nammen stelle Sanders en har kollega-resjersjeur Nugent fêst dat de ferklearring fan soldaat Robert Ortiz ûntbrekt, in Latino mei in blauwe auto en in foarskiednis fan belutsenens by drugshannel. Hy blykt ôfwêzich sûnder ferlof te wêzen. Mei de help fan resjersjeur Manny Nuñez, dy't goed bekend is yn 'e pleatslik Latino-mienskip, wurdt Ortiz rillegau opspoard. Hank, dy't opdracht krigen hie om him net mei de saak te bemuoien, folget lykwols Sanders-en-dy nei Ortiz syn lokaasje. As de soldaat dêr nei in efterfolging troch de plysje driget te ûntsnappen, wachtet Hank him op en slacht op him yn oant Sanders en de oare resjersjeurs him fan 'e soldaat ôf lûke kinne.

Ortiz wurdt arrestearre, mar der wurdt op syn persoan noch by him thús noch op syn sliepplak op 'e legerbasis lykfol hokker bewiismateriaal fûn dat er wat mei de moard op Mike te krijen hat. Ynstee wurdt Bonner letter de jûns dea oantroffen mei it goudene horloazje fan Mike syn pake yn syn broeksbûse: hy hat selsmoard dien troch yn it tou te gean. Sanders konkludearret dat Bonner, dy't ek in blauwe auto hat, de wiere moardner fan Mike wêze moat. Hank lit it stoflik omskot fan Mike nei Tennessee stjoere, en risselwearret om op hûs oan, al begrypt er noch altyd neat fan 'e saak, temear om't Bonner gjin tiid hie om Mike te fermoardzjen tusken it besyk oan it restaurant en syn weromkear op 'e legerbasis.

As Sanders fan it creditcardbedriuw in ôfskrift fan 'e lêste betelling kriget, stelt se lykwols fêst dat de hantekening net fan Mike is; ynstee is it Penning syn hânskrift. Hja beseft dan dat Penning, Bonner en Long Mike fermoarde hawwe yn 'e twa oeren nei it ferlitten fan 'e stripklub, doe't se sabeare in prostituee besochten, en dat de trije mannen pas nei Mike syn dea op syn kosten by it fastfoodrestaurant iten hawwe. Sanders en Hank sette nei Fort Rudd ta, mar dêr oankommen docht bliken dat Penning nei de dea fan Bonner ûnderwilens al in bekentenis ôflein hat. Nei't Sanders Kirklander ûnder druk set hat, stimt dy deryn ta om Penning syn ferhaal nochris dwaan te litten, diskear yn it bywêzen fan Hank.

Penning, dy't sa emosjoneel ôfstandich is dat er dúdlik oan posttraumatysk stress-syndroom lije moat, jout dêrby ta dat er Mike deastutsen hat nei in skynber ûnbelangrike rûzje. Mei help fan Bonner en Long hat er him dêrnei de woastyn yn sleept, yn stikken houd en yn 'e brân stutsen. It spyt him wol dat se him net begroeven hawwe, mar dat diene se har net oan tiid, want se hiene net lang mear foar't se weromwêze moasten op 'e basis, en se foelen der sawat hinne fan 'e honger. Dat ynstee binne se nei it restaurant gien foar harren weromkear yn Fort Rudd. Hank freget Penning nei in fideo dy't fan Mike syn mobile tillefoan kommen is, dêr't op te sjen is hoe't Mike in finzennommen opstanneling martelet troch oanhâldend (en ta hilariteit fan himsels en de oare soldaten) syn finger yn 'e skotwûne fan 'e man te stekken. Penning, dy't it noch altyd grappich fynt, leit dat út mei de wurden: "We dogge allegear wolris stomme dingen." Hy seit ek dat elts fan harren by dy rûzje of by in oarenien deamakke wurde kinnen hie. Neffens him wie Mike de yntelligintste fan harren, dy't "it allegear oersjen" koe. (De ymplikaasje is dat Mike mei opsetsin de agresje fan 'e oaren útlokke hawwe kin by wize fan ferkapte selsmoard.)

As er de oare deis Mike syn besittings fan 'e legerbasis hellet, siket Hank Ortiz op, oan wa't er him mei wurden en in flesse whiskey ûntskuldiget foar de mishanneling. Fan Ortiz, dy't nei syn desersje ta syn eigen ferbjustering earfol ûntslach krigen hat, heart Mike einlings en te'n lêsten wêr't it mei Mike misgien is. Hy leit út dat as Amerikaanske troepen yn Irak yn konfoai ride, men altyd trochride moat, wat der ek bart. As je earne foar stopje, bestiet der grutte kâns dat it in mûklaach fan 'e opstannelingen is. Doe't se noch mar krekt yn Irak wiene, en Mike de Humvee bestjoerde dêr't se yn sieten, is er op dy manear oer in jong bern hinne riden dat de dyk oerstiek. Ortiz, dy't efteryn siet en sels neat sjoen hat, makket himsels mei opsetsin, om net gek te wurden, wiis dat it in hûn wie dêr't de Humvee oerhinne ried. As er dat heart, wit Hank krekt wannear't dat wie, nammentlik doe't Mike him yn triennen opskille en wat fertelle woe, mar Hank wie op dat stuit net ree om te lústerjen en hiet syn soan inkeld dat er wat taaier wurde en de kop derby hâlde moast.

Nei't er ôfskie nommen hat fan Sanders, keart Hank werom nei hûs. Dêr fynt er it pakje fan Mike, dat Joan dochs iepenmakke hat, op 'e tafel. It blykt in foto fan Mike syn seksje te befetsjen en in optearde, flarderige, âlde Amerikaanske flagge. Mike giet werom nei de pleatslike legere skoalle, dêr't er mei de Salvadoraanske konsjerzje de âlde flagge ûnderstboppest oan 'e flaggepeal hyst.

Tommy Lee Jones.
Charlize Theron.
Susan Sarandon.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
sersjant b.tsj. Hank Deerfield Tommy Lee Jones
resjersjeur Emily Sanders Charlize Theron


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Joan Deerfield Susan Sarandon
sersjant 1e klasse Dan Carnelli James Franco
earste luitenant Kirklander Jason Patric
korporaal Steven Penning Wes Chatham
soldaat Gordon Bonner Jake McLaughlin
sheriff Buchwald Josh Brolin
Mike Deerfield Jonathan Tucker
Eve Frances Fisher
soldaat Robert Ortiz Victor Wolf
resjersjeur Nugent Wayne Duvall
resjersjeur Hodge Brent Briscoe
soldaat Ennis Long Mehcad Brooks
resjersjeur Manny Nuñez Greg Serano
sersjant b.tsj. Arnold Brickman Barry Corbin
luitenant Burke Brent Sexton
Angie Zoe Kazan
resjersjeur Wayne Glenn Taranto
kaptein Jim Osher Sean Huze
tillefoantechnikus Rick Gonzalez
Jo Anne Jo Harvey Allen
man fan Jo Anne Mike Hatfield
konsjerzje Arlin Alcala

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In the Valley of Elah waard regissearre troch Paul Haggis nei in senario fan himsels op basis fan in idee fan Mark Boal en himsels. Haggis wie ek as produsint by dizze ûnôfhinklike film belutsen, yn 'e mande mei Patrick Wachsberger, Steven Samuels, Darlene Caamaño Loquet en Laurence Becsey. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's NALA Films, Samuels Media en Blackfriars Bridge. Foar de film wie in budget beskikber fan $23 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roger Deakins, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mark Isham. De opnamen fûnen yn 2006 foar it meastepart yn Nij-Meksiko plak; de sênes yn Irak waarden opnommen yn Marokko. Haggis woe oarspronklik Clint Eastwood foar de rol fan Hank Deerfield hawwe, mar dy sloech it oanbod ôf om't er it te drok hie mei oare projekten.

De distribúsje fan In the Valley of Elah waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Independent Pictures en dêrbûten troch Summit Entertainment. De film waard foar it earst fetoand op 1 septimber 2007 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, en letter wied er ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. In the Valley of Elah iepene op 14 septimber 2007 yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Hoewol't it ferhaal fan In the Valley of Elah fiktyf is, mei feroare nammen en lokaasjes, is de film ynspirearre op 'e wiere moardsaak fan Richard T. Davis, in soldaat fan Baker Kompanjy fan it Amerikaanske 15e Ynfanteryrezjimint. Dyselde tsjinne yn 'e Irakoarloch en waard koart nei syn thúskomst yn 2003 fermoarde. Syn heit Lanny Davis, in eardere ûnderofsier by de militêre plysje, begûn syn eigen ûndersyk nei de moard. Yn 2004 waard dizze saak beskreaun troch sjoernalist Mark Boal, waans artikel Death and Dishonor yn it tydskrift Playboy publisearre waard. Dêr lies Paul Haggis it, dy't der it idee foar In the Valley of Elah fan opdie. Yn 2009 ferskynde oer deselde saak fan Cilla McCain it non-fiksjeboek Murder in Baker Company: How Four American Soldiers Killed One of Their Own. Nei it sjen fan In the Valley of Elah sei Lanny Davis: "It is in sterke film en in goede film. En it sil in protte minsken ta neitinken bringe."

Fan 'e filmkritisy krige In the Valley of Elah oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Richard Corliss fan it tydskrift Time it ien fan 'e top 10 films fan 2007 (om persiis te wêzen nû. 8). Hy priizge In the Valley of Elah as in ferbettering fan Paul Haggis syn Oscar-winnende Crash (2004), en omskreau de film as "sterk yn it detektiveferhaal, ûntnofterjend yn 'e politike konklúzjes." It hichtepunt fan 'e film wie neffens Corliss it aktearjen fan Tommy Lee Jones, waans "fuortlekte minsklikheid dit treflike drama ferankeret." Richard Schickel, dy't ek foar Time skreau, wie it mei syn kollega iens en neamde In the Valley of Elah "in sober, stoïsynsk, ûntstellend ferslach fan wat der mei de sielen fan soldaten bart as se twongen wurde en fjochtsje oarloggen út dêr't harren net iens falske of tydlike rjochtfeardigings foar bean wurde."

Oare filmkritisy hiene krityk net sasear op it ferhaal, mar op 'e ûnsubtile wize dy't regisseur Haggis brûkt om it te fertellen. Stephen Hunter fan The Washington Post stelde datoangeande fêst dat Haggis "blykber gjin respekt foar syn publyk hat". Yn 'e Los Angeles Times skreau Kenneth Turan dat "de personaazjes yn dizze sombere film de tryste oanblik hawwe fan persoanen dy't in Tige Wichtich Boadskip oan 'e wrâld bringe. En hoewol't dizze film feitliks yndie wat te fertellen hat dat fan krúsjaal belang is, moat men soks oars oanpakke." Oan 'e oare kant bekritisearre Stephanie Zacharek fan 'e webside Salon.com de film om't se fûn dat dy net fier genôch gie yn it oerbringen fan dat boadskip, mar ynstee healwei ôfheakke en de maklike útwei keas.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie In the Valley of Elah in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 162 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't guon fan 'e tema's fan Paul Haggis der mei de stompe bile yn bûtst wurde, is [de film] fierders in spannend moardmystearje sawol as in anty-oarlochsstellingname, mei in hypnotisearjend optreden fan Tommy Lee Jones." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle In the Valley of Elah in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 37 resinsjes.

In the Valley of Elah brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $6,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $23,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $29,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $23 miljoen betsjut dat in winst fan $6,5 miljoen. Om't dêr'de marketingkosten noch ôf moatte, is it mar de fraach oft In the Valley of Elah gjin ferlies draaide. Yn elts gefal prestearre de film foar de prosusinten teloarstellend.

In the Valley of Elah tinge op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje yn 2007 mei nei de Gouden Liuw. Tommy Lee Jones waard foar syn fertolking fan Hank Deerfield yn 2008 nominearre foar de Oscar foar bêste akteur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.