Springe nei ynhâld

1 en 2 Samuël

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan I Samuël)
1 Samuël & 2 Samuël
algemiene gegevens
oarspr. titel שמואל ("Šmu'el")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 630 – 540 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Ruth
● folgjend diel 1 en 2 Keningen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel 1 Samuël & 2 Samuël
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

1 Samuël en 2 Samuël binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 9de en 10de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Samuël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: שמואל, Šmu'el, it 8ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten"). 1 Samuël ferhellet oer it libben fan 'e profeet Samuël, it keningskip fan Saul en dy syn striid om 'e troan mei David, wylst 2 Samuël it keningskip fan David beskriuwt. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Keningen). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Samuël en 2 Samuël stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Neffens de joadske tradysje soe de profeet Samuël de skriuwer fan 'e boeken wêze (mei oanfollings fan 'e profeten Gad en Natan), mar hjoed de dei is men fan tinken dat 1 Samuël en 2 Samuël eins har oarsprong fine tusken 630 en 540 f.Kr., as in bondeling fan in stikmannich teksten dy't foartiid in selsstannich bestean kenden.

Yn 1 Samuël wurdt ferteld hoe't de profeet Samuël berne wurdt as de soan fan Hanna, in frou dy't earder ûnfruchtber hiet te wêzen. Hy groeit op yn it godshûs te Sjilo, ûnder de hoede fan 'e âlde hegepreester Ely. Al ier docht bliken dat er de geunst fan God hat, as er in boadskip fan God kriget (al is dat in oardiel oer Ely en dy syn hûs). As folwoeksen man stiet er yn Israel heech yn oansjen en regearret er min ofte mear as rjochter oer it lân. It is syn bedoeling dat syn soannen him opfolgje sille, mar "syn soannen lykwols gongen oare wegen as hy" (se binne korrupt en litte har omkeapje). Dêrop wol it folk dat Samuël, dy't dan al heech op jierren is, in kening oer harren oansteld, wat er mei tsjinnichheid docht. De kar falt op Saul, soan fan Kisj, in Benjaminityske bouboer út Gibeä. Dy ferrjochtet yn 't earstoan grutte dieden, mar ferfalt meitiid ta in segrinige ritigens (dy't modern bibelwittenskippers wol útlein hawwe as in manyske-depressive stoarnis). Yn syn ûngeduld begiet Saul op in beskaat momint in sûnde tsjin God (troch sels offers te bringen ynstee fan op Samuël te wachtsjen, dy't dêr as hegepreester de oanwiisde persoan foar is). Dêrop oarderet God Samuël om in oar ta kening te salvjen foar Saul yn 't plak: David, de soan fan Isaï, in Judeeske skiephoedersjonge út Betlehem.

Hanna dy't it jonkje Samuël by hegepreester Ely bringt (in skilderij fan Jan Victors, út 1645).

David komt foar it earst by Saul om foar dyselde op 'e liere te spyljen en sa de "kweageast" dy't Saul yn 'e besnijing hat, del te bêdzjen. Syn earste rom wint er troch mei in slinger en in kiezelstientsje de mânske Filistynske foarfjochter Goliat te deadzjen. Hy wurdt boezemfreonen mei Saul syn soan Jonatan en trout mei Saul syn dochter Mikal. Mar troch syn súksessen wurdt Saul al gaueftich oergeunstich op him en moat er flechtsje. Jierrenlang hâldt er him hjir en dêr yn it lân beskûl; hy wurdt in rôvershaadman en belibbet in ferskaat oan aventoeren. Ek wykt er in oantal jierren út nei de Filistynske foarstedommen, dêr't de kening fan Gat him in hoart asyl biedt. 1 Samuël einiget mei de dea troch âlderdom fan Samuël en de dea yn 'e striid tsjin 'e Filistinen fan Saul en Jonatan.

Yn 2 Samuël stiet beskreaun hoe't David dêrnei kening wurdt, mar yn 't earstoan inkeld oer Juda, want de oare stammen hâlde it mei Saul syn soan Isjbosjet. Nei twa jier wurdt David dan einlings ek yn 'e rest fan it lân erkend. Hy nimt Jeruzalim yn (dat oant dy tiid noch altiten in Jebûsityske stêdsteat wie), ferslacht de Filistinen en lit de Arke fan it Ferbûn oerbringe nei Jeruzalim. Mar hy bewurkmasteret ek dat ien fan syn trouwe ofsieren, Oería, deadien wurdt, sadat er dy syn tsjeppe frou, Batsjêba, sels ta frou nimme kin. Syn âldste soan Absalom, dy't mient dat er te lang wachtsje moat op 'e troan, komt yn opstân tsjin David, en de kening moat op syn âlde dei noch wer yn ballingskip. Mar Absalom wurdt ferslein (net tanksij David, want dy stekt gjin finger út) en deade. Neitiid regearret David noch in pear jier, en 2 Samuël einiget as er syn ein neieroan kommen fielt.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan 1 Samuël 2:1-10 en 2 Samuël 1:19-27 út. De earste folsleine útjefte fan 'e beide boeken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan sawol 1 Samuël as 2 Samuël waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten en Jacobus W. Zantema.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering