Iikhoarntsje
iikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sciurus vulgaris | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It iikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus vulgaris), ta ûnderskie fan besibbe soarten ek wol it reade iikhoarntsje of it gewoane iikhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus), dat foarkomt yn grutte dielen fan Jeropa (wêrûnder ek Fryslân) en noardlik Aazje. It is in beweechlik bistke dat yn 'e beammen libbet en him benammen ûnderskiedt troch syn rodzige kleur en syn grutte plomsturt. Hoewol't er te boek stiet as "net bedrige", is er op 'e Britske Eilannen slim yn 'e benearing brocht troch de yntroduksje fan it besibbe grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), út Noard-Amearika.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iikhoarntsje komt yn hast hiel Jeropa foar, mar ûntbrekt op 'e Mediterrane eilannen, yn it súdwestlike diel fan it Ibearysk Skiereilân en yn it grutste (súdlike) part fan Grikelân. Likemin komt er foar op 'e lytsere Britske Eilannen, Iislân en de Fêreu-eilannen, en yn it uterste noarden fan Skandinaavje, it Russyske Kola-skiereilân en Jeropeesk Ruslân. Yn Grut-Brittanje en Ierlân, en yn mindere mjitte yn it Noarditaljaanske Piëmont, is it iikhoarntsje yn 'e tweintichste iuw foar in grut part ferkrongen troch it gruttere grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), dat in eksoat is dy't ôfkomstich is út Noard-Amearika. Yn it easten ûntbrekt it (gewoane) iikhoarntsje fierders yn it suden fan 'e Oekraïne, it Oekraynske skiereilân de Krim en yn súdlik Ruslân.
Yn Aazje komt it iikhoarntsje foar by de hiele noardkust fan Lyts-Aazje lâns en yn it grutste part fan Sibearje, it eilân Sachalin ynbegrepen, mar útsein it gebiet boppe de Arktyske beamgrins, it uterste súdwesten en de westlike helte fan it skiereilân Kamtsjatka. Dêrnjonken libbet er ek yn dielen fan noardlik en eastlik Kazachstan en noardlik en westlik Mongoalje, eastlik Kirgyzje en westlik en noardlik Sinkiang-Oeigoerje. Yn East-Aazje omfettet it ferspriedingsgebiet fan 'e it iikhoarntsje fierders noch it noarden en easten fan Mantsjoerije, hiel Koreä, it Japanske eilân Hokkaido en in diel fan 'e kust fan noardeastlik Sina.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komt it iikhoarntsje frijwol oeral foar dêr't der in gaadlik biotoop foar him is, d.w.s. benammen yn boskrike gebieten. Syn areaal beslacht Drinte, súdlik en súdeastlik Grinslân, Sallân, Twinte, de Feluwe, de Achterhoeke, Limburch, de eastlike helte fan 'e provinsje Utert en frijwol hiel Noard-Brabân. Yn it gebiet fan 'e Grutte Rivieren ûntbrekt er lykwols. Fieders libbet er ek yn 'e Hollânske dunerige, fan likernôch de hichte fan Alkmaar oant Foarne-Putten, en komt er hjir en dêr yn Siuwsk-Flaanderen en de Noardeastpolder foar en by Den Helder.
Yn Fryslân is it iikhoarntsje frij algemien yn 'e súdeasthoeke: de Stellingwerven, it eardere Skoatterlân (it eastlike útsteksel fan 'e gemeente It Hearrenfean), Opsterlân, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. Ek libbet er yn 'e bosken fan Gaasterlân en de Trynwâlden. Yn 'e rest fan 'e noardlike Wâlden en op 'e Klaai is er tige seldsum, al is it ûntbrekken fan gaadlik bosklân it iennichste dat tsjinkeart dat it iikhoarntsje dy kontreien kolonisearret. De Waadeilannen waarden foarhinne beskôge as it iennichste diel fan Nederlân dêr't it iikhoarntsje perfoarst net foarkaam, mar resint hat der in (noch ûnbefêstige) waarnimming west fan in iikhoarntsje op Flylân.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 21-25 sm, mei in sturtlingte fan 14-22 sm en in gewicht fan 230-415 g. Op 'e Britske Eilannen is er trochinoar wat lytser, mei in kop-romplingte fan 18-22 sm. Ornaris is der gjin ferskil yn lichemsgrutte tusken de geslachten, mar soms binne de wyfkes wat mânsker. De pels is op 'e rêch, sturt, kop en de poaten rodzich, fariëarjend fan fel readbrún of ljochtoranje fia kastanje- en dûnkerbrún oant hast swart. Der bestiet in skerpe demarkaasjeline mei de wytkleurige bealch. Jongere eksimplaren binne faak wat reader. De winterpels is wat dûnkerder en griziger as it simmerhier, mar de sturtkleur bliuwt gelyk.
Dy sturt, dy't troch it útsteande hier de foarm hat fan in plomsturt, kin soms hast like lang as de rest fan it liif wêze, en wurdt meastal beskôge as ien fan 'e meast ûnderskiedende skaaimerken fan it iikhoarntsje (al hawwe besibbe soarten krekt sa'n sturt). De eagen binne grut en de earen hawwe opfallende hierplomkes oan 'e úteinen (behalven simmerdeis en hjerstmis en by de jongen). Iikhoarntsjes hawwe frij lange klauwen oan 'e poatsjes, dy't se ynsette by it klimmen.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iikhoarntsjes jouwe de foarkar oan nullewâlden of mingd wâld, mar komme ek wol foar yn leafwâld, sij it dêr benammen oan 'e boskrânen. Fierders libje se ek wol yn houtwâlen, tunen en parken, salang't der mar genôch bosklân is. Fanwegen de ôfhinklikheid fan it iikhoarntsje fan ripe beamsiedden is de âldens fan in bosk wichtiger as de gearstalling. Foar nullewâld leit de grins by minimaal 20 jier, by iken op 40 jier en bûken op 80 jier.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iikhoarntsje is benammen oerdeis yn 't spier, mei aktiviteitspiken op 'e moarn en betiid op 'e jûn. Hy hâldt gjin wintersliep, mar is midden yn 'e winter deis mar in pear oeren warber. Iikhoarntsjes libje fierhinne solitêr; inkeld winterdeis en by 't maityd wurde der mienskiplike nêsten oanlein. Sawol sokke mienskiplike as de mear foarkommende yndividuële nêsten binne bolfoarmich en wurde yn beamstrampels boud fan twiichjes, blêdeguod en moas. Se binne yn 'e regel mear as 6 m boppe de grûn sitewearre, en hawwe in ynterne trochsneed fan 12-16 sm. Faak hat in iikhoarntsje njonken syn haadnêst noch ferskate "reservenêsten" yn syn territoarium, wêrfan't de grutte útinoar rinne kin fan 2 oant wol 50 ha. Sawol by mantsjes as wyfkes bestiet der in hierargy, en frjemde soartgenoaten wurde mei it krassen fan 'e klauwen, geswaai mei de sturt en drigende lûden ferjage, wylst bekende buorlju no net daliks mei jûchhei ûnthelle wurde, mar ek wer net grutte agresje oproppe.
Iikhoarntsjes binne tige beweechlike bistkes, dy't net inkeld treflike klimmers binne, mar ek goed swimme kinne en dat frijwillich dogge. Se bringe lykwols it grutste part fan 'e tiid yn 'e beammen troch, en hoewol't se geregeldwei op 'e boskflier foerazjearje, fiele se har dêr net rjocht feilich, en sykje se by de minste of geringste fersteuring beskûl yn in beam, dêr't se dan soms har bedriger fan in feilige hichte ôf lulk tatsjotterje. It omleechklimmen út 'e beammen dogge iikhoarntsjes opmerklikernôch mei de kop nei ûnderen ta. As men yn in bosk op 'e sneup giet nei iikhoarntsjes, moat men faak sûnder wat bedijd te hawwen wer op hûs oan, want it binne ornaris skouwe bistkes, dy't minsken al fan fierrens ôf oankommen hearre, en de ferfelende mar effektive gewoante hawwe om oan 'e efterkant fan in beamstam mei te draaien as men om 'e beam hinne rint.
De peartiid falt by it iikhoarntsje meastal fan desimber oant febrewaris en nochris yn maaie/juny. Dêrby wurdt in wyfke faak hjitfolge troch ferskate mantsjes dy't derop út binne om te pearjen. Nei in draachtiid fan 36-42 dagen wurdt der in nêst fan 2-5 jongen smiten. Tige sûne wyfkes kinne soms sawol yn 'e perioade fan febrewaris oant april, as yn july oant augustus jongje. It kreamnêst dat it wyfke dêrby yn 't foar oanleit, is fan in deegliker konstruksje as de gewoane sliepnêsten. De jongen wurde mei likernôch 10 wiken ôfwûn, wêrnei't se rillegau selsstannich binne. As se in fearnsjier âld binne, wurde se troch de mem fuortjage, mar se binne pas mei 9-10 moannen geslachtsryp. De populaasjetichtheid leit by iikhoarntsjes yn sawol nulle- as leafwâlden op 1-3 per 2 ha, mar yn tunen en parken, dêr't de bisten byfuorre wurde, komme soms ûnnatuerlik hege tichtheden foar. Ofhinklik fan it biotoop oerlibbet mar 15-50% fan 'e bisten it earste libbensjier. Op syn heechsten kinne iikhoarntsjes yn it wyld 7 jier wurde. Natuerlike fijannen binne de hauk, de beamotter en soms de foks, as dy der ien op 'e grûn snippe kin.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iikhoarntsjes binne omnivoaren, mar libje benammentlik fan knoppen en siedden fan nullebeammen (lykas dinne-apels), al frette se ek wol hazzenuten, bûkenuten, ikels, eskdoarnsieden, kastanjes, blêden, boskfruchten en poddestuollen. Dêrnjonken folje se dat fegetaryske dieet (fral yn it foarjier) oan mei ynsekten (fral rûpen), fûgelaaien en jonge pykjes.
Iikhoarntsjes steane derom bekend dat se hjerstmis itensfoarrieden foar de winter oanlizze, fral besteande út nuten, dy't se yn 'e wâldboaiem bedobje. Soms ferjitte se wêr't se it spul begroeven hawwe, en groeit de nút yn 'e maityd út ta in nije beam. Iikhoarntsjes hawwe lykwols in ûntstellend goed ûnthâld foar sokke dingen, dat sa faak komt dat net foar. As se witte dat se yn 'e rekken holden wurde troch soartgenoaten (dy't de bedobbe nuten letter opgrave wolle en om se by har eigen winterfoarrie te foegjen), beare iikhoarntsjes soms dat se har nútsje op in beskaat plak begrave, wylst se it temûk by har hâlde om it pas (op in hiel oar plak) te bedobjen as se der wis fan binne dat se net begluorke wurde.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en de populaasje stabyl is. Yn Sibearje wurdt it iikhoarntsje wol bejage fanwegen syn pels. Op 'e Britske Eilannen en yn it Noarditaljaanske Piëmont is it mei de soarte lykwols yn it neigean rekke nei't dêr troch de minske it grize iikhoarntsje (Sciurus carolinensis), in eksoat út Noard-Amearika, yntrodusearre waard. Yn Grut-Brittanje en Ierlân barde dat mei opsetsin, yn ferskate stadia tusken 1876 en 1921, wylst yn Piëmont yn 1948 twa pearkes út finzenskip ûntsnapten.
Tsjintwurdich libje der yn Grut-Brittanje minder as 140.000 (gewoane) iikhoarntsjes, wêrfan 85% yn 'e nullewâlden fan 'e Skotske Heechlannen. De leafwâlden fan súdlik Skotlân en fan Ingelân en Wales binne no frijwol hielendal kolonisearre troch it grize iikhoarntsje, dat grutter en sterker is as it gewoane iikhoarntsje, en oars as it gewoane iikhoarntsje ikels sûnder swierrichheden fertarre kin en der dus folle mear fiedingsstoffen út hellet. Fierders binne grize iikhoarntsjes faak dragers fan it iikhoarntsjes-parapokkefirus, in sykte dêr't se sels fierhinne ymmún foar binne, mar dêr't gewoane iikhoarntsjes oan deagean kinne.
Sadwaande is it gewoane iikhoarntsje yn Ingelân en Wales no weromkrongen ta ferskate ûntwiken dêr't it grize iikhoarntsje troch de minske aktyf warre wurdt, lykas it eilân Wight, foar de Ingelske súdkust (dêr't it grize iikhoarntsje nea trochkrongen is), en it eilân Anglesey (Ynys Môn), foar de kust fan noardwestlik Wales, dêr't grize iikhoarntsjes yn 1998 útrûge binne. Fierders binne der yn 2012 en 2013 gewoane iikhoarntsjes útset yn it wyld op it eilantsje Tresco, ien fan 'e Scilly-eilannen, foar de kust fan Cornwall. Dêr kamen se oars fan natuere net foar, mar natoerbeskermers binne fan doel om dat eilân, dêr't it iikhoarntsje gjin natuerlike fijannen hat, te brûken as fokplak foar in populaasje dy't dan letter wer oerbrocht wurde kin nei it fêstelân fan Ingelân.
Opsomming fan ûndersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 23 erkende ûndersoarten fan it iikhoarntsje:
- it Alpeniikhoarntsje (Sciurus vulgaris alpinus; synonimen: S. v. baeticus, hoffmanni, infuscatus, italicus, meridionalis, numantius, segurae en silanus)
- it Altai-iikhoarntsje (Sciurus vulgaris altaicus)
- it Balkaniikhoarntsje Sciurus vulgaris balcanicus (synonimen: S. v. istrandjae en rhodopensis)
- it Jakoetyske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris arcticus; synonym: S. v. jacutensis)
- it Jenisejiikhoarntsje (Sciurus vulgaris martensi; synonym: S. v. jenissejensis)
- it Kamtsjatka-iikhoarntsje (Sciurus vulgaris anadyrensis)
- it Kroätyske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris lilaeus; synonimen: S. v. ameliae en croaticus)
- it Mantsjoerijske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris mantchuricus; synonimen: S. v. coreae en coreanus)
- it Middenjeropeeske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris fuscoater; synonimen: S. v. brunnea, gotthardi, graeca, nigrescens, russus en rutilans)
- it Oekraynske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris ukrainicus; synonym: S. v. kessleri)
- it Oeraliikhoarntsje (Sciurus vulgaris ognevi; synonimen: S. v. bashkiricus, golzmajeri en uralensis)
- it oriïntaalske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris orientis)
- Sciurus vulgaris cenerea
- Sciurus vulgaris chiliensis
- Sciurus vulgaris dulkeiti
- Sciurus vulgaris exalbidus (synonimen: S. v. argenteus en kalbinensis)
- Sciurus vulgaris fedjushini
- Sciurus vulgaris formosovi
- Sciurus vulgaris fusconigricans
- Sciurus vulgaris leucourus
- Sciurus vulgaris rupestris
- Sciurus vulgaris varius
- it Skandinavyske iikhoarntsje (Sciurus vulgaris vulgaris; synonimen: S. v. albonotatus, albus, carpathicus, europaeus, niger, rufus en typicus)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer it iikhoarntsje op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan it iikhoarntsje yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Beamiikhoarntsje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân