Springe nei ynhâld

Highlander (franchise)

Ut Wikipedy
Highlander
betinker Gregory Widen
eigner Gregory Widen
lân Feriene Keninkryk
begjinjier 1986
films
langspylfilms Highlander
Highlander II: The
   Quickening

Highlander III: The Sorcerer
Highlander: Endgame
Highlander: The Search for
   Vengeance
tillefyzje
tillefyzjefilms Highlander: The Source
searjes Highlander: The Series
Highlander: The Raven
tekenfilmsearjes Highlander: The Animated
   Series

The Methos Chronicles
spultsjes
fideospultsjes Highlander
Highlander: The Last of the
   MacLeods
kaartspullen Highlander: The Card Game
literatuer
romans ferskaat, sjoch hjirre
ferhalen ferskaat, sjoch hjirre
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks Highlander: The Original
   Scores
offisjele webside
www.highlander-official.com

Highlander is in Britske mediafranchise fan it fantasysjenre, dy't betocht waard troch Gregory Widen, begjinnend mei de populêre film Highlander út 1986. Dêryn spile Christopher Lambert de titelrol fan Connor MacLeod, in man út 'e Skotske Heechlannen dy't ta in lyts tal lju heart dy't ûnstjerlik binne en inkeld ferstjerre kinne as se ûnthalze wurde. Der waarden neitiid trije live-actionferfolchfilms makke, in tillefyzjefilm en in spin-off-animetekenfilm. Op 'e tillefyzje gie Highlander: The Series fan 1992 oant 1998 oer Duncan MacLeod, in oare ûnstjerlike Heechlanner dy't famylje fan Connor is. Yn 'e tillefyzjesearje hiene de ûnstjerlike dievegge Amanda en de âldste ûnstjerlike Methos weromkearende rollen, en sy krigen neitiid beide in eigen spin-off-searje dy't mar ien seizoen rûn. De Highlander-franchise omfiemet fierders in tekenfilmsearje, romans, koarte ferhalen, strips, soundtracks, fideospultsjes en in kaartspul.

Live action-films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander (film).

Yn Highlander wurdt de Skotske kriger Connor MacLeod (Christopher Lambert) folge, dy't yn 'e sechtjinde iuw berne wurdt yn 'e Skotske Heechlannen. As er in deadlike ferwûning oprint, komt er dêr lykwols net oan te ferstjerren. Neitiid moetet er de Spaanske swurdfjochter Juan Sánchez-Villalobos Ramírez (Sean Connery), dy't him útleit dat sy beiden mei guon oaren ûnstjerlik binne, útsein troch ûnthalzing. Sokke Unstjerliken fiere in geheime oarloch mei-inoar, mei't it harren lotsbestimming is om inoar te befjochtsjen, of it moat wêze dat se har op wijde grûn befine. It leauwen mank de Unstjerliken is nammentlik dat der úteinlik mar ien fan harren oerbliuwe kin. De lêsten sille inoar moetsje op 'e Gearkomste, dêr't se fjochtsje sille om 'e Priis. Yn 1985 fynt op 't langelêst de Gearkomste plak, en tsjin dy tiid is de mear as fjouwerhûndert jier âlde MacLeod wisberet om foar te kommen dat de Priis yn 'e hannen falle sil fan syn âldste fijân, de moardsuchtige Kurgan (Clancy Brown).

Highlander wie in Britske produksje en waard regissearre troch Russell Mulcahy nei in senario fan Gregory Widen, Peter Bellwood en Larry Ferguson. De film gie op 7 maart 1986 yn premiêre, en brocht $12,9 miljoen op tsjin in budget fan $19 miljoen. Nettsjinsteande it feit dat Highlander ferlies litte en dat de film it yn Noard-Amearika min die, wûn er yn Jeropa grutte populariteit en krige er dêr al rillegau de status fan cultfilm.

Highlander II: The Quickening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander II: The Quickening.

Yn Highlander II: The Quickening, dat eins in science fiction-film is, begjint as in prequel fan 'e foargeande film troch sjen te litten dat de Unstjerliken eins bûtenierdske wêzens fan 'e planeet Zeist binne, dy't nei in mislearre opstân tsjin it korrupte regear fan 'e ûnmeilydsume generaal Katana (Michael Ironside) ferballe waarden om op 'e Ierde werberne te wurden. Nei de foarfallen yn 'e foargeande film ûntjout Connor MacLeod (Christopher Lambert) him ta in wittenskipper en set er him yn om it probleem fan 'e ferdwinende ozonlaach op te lossen. Tsjin 2024 is de keunstmjittige ozonlaach dy't er útfûn hat, yn 'e hannen kommen fan it korrupte bedriuw TSG, dat misbrûk fan syn machtsposysje makket. MacLeod risselwearret om yn te gripen en kriget dêrby help fan syn wer ta libben brochte freon Ramírez (Sean Connery), wylst generaal Katana nei de Ierde reizget om foar iens en foar altyd mei de Unstjerliken ôf te weven.

Highlander II: The Quickening wie in Amerikaansk-Frânsk-Argentynske produksje en waard regissearre troch Russell Mulcahy nei in senario fan Peter Bellwood. Mulcahy waard út syn posysje ferwidere troch de finansiers fan 'e film, dy't direkt ferantwurdlik wiene foar de produksje en feroarings yn it senario. De film gie op 12 april 1991 yn premiêre, en brocht yn it Feriene Keninkryk £2,5 miljoen op en yn Noard-Amearika $15,6 miljoen tsjin in budget fan $34 miljoen. De film krige tige minne resinsjes fan 'e filmkritisy en tige negative reäksjes fan 'e fans fan 'e earste film, omreden fan syn retcons, plotgatten, betiizjende ferhaal en minne filmmontaazje. Yn 1995 waard ûnder rezjy fan Mulcahy in special edition fan Highlander II: The Quickening útbrocht mei de ûndertitel Renegade Version. Dêryn waard de film yn line brocht mei de kanon fan 'e franchise en waarden alle ferwizings nei bûtenierdske wêzens en de planeet Zeist fuortknipt.

Highlander III: The Sorcerer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander III: The Sorcerer.

Highlander III: The Sorcerer, dat ek wol bekend stiet as Highlander: The Final Dimension, folget Connor MacLeod (Christopher Lambert) nei de foarfallen yn 'e earste film en negearret dêrby alles wat yn Highlander II: The Quickening bard is. MacLeod miende dat er nei syn oerwinning op 'e Kurgan yn 1985 as iennichste Unstjerlike oerbleaun wie, mar letter ûntdekt er dat der dochs noch ien oaren is. Hy moat it opnimme tsjin 'e tsjoender Kane (Mario Van Peebles), dy't er alris earder yn it sechstjinde-iuwske Japan met hat.

Highlander III: The Sorcerer wie in Britsk-Kanadeesk-Frânske produksje en waard regissearre troch Andy Morahan nei in senario fan Paul Ohi, René Manzor en Brad Mirman. De film gie op 30 novimber 1994 yn premiêre, en brocht $36,7 miljoen op tsjin in budget fan $34 miljoen.

Highlander: Endgame

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander: Endgame.

Highlander: Endgame is eins in fuortsetting fan 'e tillefyzjesearje Highlander: The Series. Connor MacLeod (Christopher Lambert) en syn famyljelid Duncan MacLeod (Adrian Paul), dy't ek ûnstjerlik is, moatte it opnimme tsjin in oare Unstjerlike, Jacob Kell. Dat is ien foar wa't neat hillich is en dy't sadwaande ree is om alle regels te brekken om 'e Priis te bemachtigjen. Highlander: Endgame wie in Amerikaanske produksje en waard regissearre troch Doug Aarniokoski nei in senario fan Joel Soisson. De film gie op 1 septimber 2000 yn premiêre, en brocht $15,8 miljoen op tsjin in budget fan $25 miljoen.

Highlander: The Search for Vengeance

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander: The Search for Vengeance.

Yn Highlander: The Search for Vengeance wurdt in trêde ûnstjerlike MacLeod folge, Colin, dy't foar it earst ûntdekt wat er is troch in konfrontaasje mei de ûnstjerlike Romeinske fjildhear Marcus Octavius yn it jier 125. Octavius deadet dêrby MacLeod syn frou, wat ta in fete tusken de beide mannen liedt dy't twatûzen jier oanhâldt. Highlander: The Search for Vengeance wie in animetekenfilm fan Japansk-Hongkongsk-Amerikaanske makkelei. De film waard regissearre troch Yoshiaki Kawajiri nei in senario fan David Abramowitz. Highlander: The Search for Vengeance gie op 5 juny 2007 yn premiêre, en bestiet yn twa ferzjes: in ynternasjonale bioskoopferzje fan 85 minuten, en in director's cut fan 95 minuten.

Tillefyzjefilms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Highlander: The Source

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander: The Source.

Yn Highlander: The Source besiket in groep Unstjerliken yn in dystopyske takomst de Boarne fan harren boppeminsklike fermogens te finen. Dat slagget, mar it hillichdom wurdt bewekke troch in meunsterlike skyldwacht. Om dy te oerwinnen belûkt Methos (Peter Wingfield), ien fan 'e Unstjerliken, Duncan McLeod (Adrian Paul) by de kweeste. It docht al rillegau bliken dat de Boarne foar MacLeod persoanlik fan gruttere betsjutting is as er tocht hie. Highlander: The Source waard regissearre troch Brett Leonard nei in senario fan Joel Soisson (ûnder de skûlnamme Mark Bradley) en Steven Kelvin Watkins. Oars as de oare films út 'e Highlander-franchise waard Highlander: The Source net yn 'e bioskoop útbrocht, mar is it in tillefyzjefilm dy't op 15 septimber 2007 foar it earste útstjoerd waard.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Highlander: The Series

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander: The Series.

Highlander: The Series is in Amerikaansk-Frânsk-Italjaansk-Dútsk-Japansk-Kanadeeske aventoeresearje foar op 'e tillefyzje, dy't sawol fantasy- as science fiction-eleminten omfettet. De searje wie tige populêr en rûn seis seizoenen, fan 1992 oant 1997. Yn totaal waarden der 119 ôfleverings fan 48 minuten it stik makke. Highlander: The Series folget de aventoeren fan Duncan MacLeod (Adrian Paul), in ûnstjerlik lid fan 'e Skotske Clan MacLeod, dy't yn 'e pilotôflevering yntrodusearre wurdt troch syn famyljelid Connor MacLeod (Christopher Lambert). Highlander: The Series is basearre op itselde útgongspunt as de film út 1986, te witten: Unstjerliken dy't har beskûl hâlde yn 'e skaden fan 'e moderne wrâld en temûk in ûnderlinge striid útfjochtsje om úteinlik as lêste oer te bliuwen en de Priis yn besit te nimmen. Dêrby geane Duncan MacLeod en syn freonen de striid oan mei in net ôflittende stream fan boasaardige Unstjerliken dy't se ornaris alris earder yn it ferline troffen hawwe, wat werjûn wurdt yn flashbacks.

Highlander: The Raven

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander: The Raven.

Highlander: The Raven wie in minder súksesfolle spin-offsearje fan Highlander: The Series oer it personaazje fan 'e ûnstjerlike dievegge Amanda (Elizabeth Gracen). It wie in Amerikaansk-Frânsk-Italjaanske produksje dy't ien seizoen rûn, fan septimber 1998 oant maaie 1999. Der waarden 22 ôfleverings makke.

Tekenfilmsearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Highlander: The Animated Series

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Highlander: The Animated Series.

Highlander: The Animated Series is in Kanadeesk-Frânsk-Amerikaanske tekenfilmsearje dy't twa seizoenen rûn, fan 1994 oant 1996. Der waarden yn totaal 40 ôfleverings makke. De searje spilet yn 'e fiere takomst fan 'e sânentweintichste iuw, wannear't de post-apokalyptyske Ierde oerhearske wurdt troch de boasaardige diktator Kortan (Lawrence Bayne). De jonge Quentin MacLeod (Miklos Perlus), de alderlêste ôfstammeling fan Connor MacLeod, ûntdekt dat er ûnstjerlik is. Yn 'e mande mei syn mentor don Vincente Marino Ramírez (Ben Campbell), syn pleechsuster Clyde (Katie Zegers) en harren húsdier Gaul set Quentin it yn 'e kant tsjin Kortan.

The Methos Chronicles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Methos Chronicles.

The Methos Chronicles is in Amerikaanske animearre websearje út 2001, dy't in spin-off fan 'e Highlander-franchise is. De searje folget Methos (Peter Wingfield), de âldste Unstjerlike dy't yn Highlander: The Series yntrodusearre waard as in freon fan Duncan MacLeod. Der waarden acht ôfleverings fan elts ien minút makke, wat de searje ûnfoltôge liet, mar fans nifelden op eigen manneboet nochris acht ôfleverings yninoar om it ferhaal ôf te meitsjen.

Der binne op basis fan 'e tillefyzjesearje Highlander: The Series njoggen romans oer Duncan MacLeod en syn syn freonen ferskynd, dy't autorisearre en kanonyk binne. Foarfallen dêrút binne opnommen yn 'e cd-rom The Watcher Chronicles, dy't in database foarmet oangeande de barrens en personaazjes út 'e searje. De romans binne:

In Dútsktalige roman, Highlander: Die Rückkehr des Unsterblichen, ferskynde yn 1994, skreaun troch Martin Eisele en Hans Sommer. Dat boek makket gjin diel út fan 'e kanon.

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferhalebondel Highlander: An Evening at Joe's ferskynde yn 2000. Eins is it in blomlêzing mei wurk fan ferskate auteurs. It boek is krekt as de njoggen kanonike romans basearre op 'e tillefyzjesearje Highlander: The Series en makket diel út fan 'e kanon sa't dy fêstlein is yn The Watcher Chronicles.

Yn it ramt fan 'e Highlander-franchise binne de folgjende strips ferskynd:

Ek ferskynden de folgjende op harsels steande stripalbums:

  • 2009 – Highlander Origins: The Kurgan
  • 2017 – Highlander: The American Dream

Yn it ramt fan 'e Highlander-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

Dêrnjonken waard it oankundige fideospultsje Highlander: The Game yn 2004 skrast wylst it al yn ûntwikkeling wie, nei't produsint Kalisto Entertainment oernommen waard troch SCi Entertainment.

In album mei de soundtracks fan 'e earste trije Highlander-films waard yn 1995 útbrocht ûnder de titel Highlander: The Original Scores.

Lústerferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan juny 2009 ôf produsearre Big Finish Productions in rige lústerferhalen op basis fan 'e Highlander-franchise. De ferhalen binne yn 'e ynterne gronology fan 'e franchise nei Highlander: Endgame pleatst. De earste fjouwer hiene Adrian Paul yn 'e haadrol as Duncan MacLeod. Yn it ferhaal Kurgan Rising lykje sawol de Kurgan as Connor MacLeod út 'e dea werom te kearen. In twadde rige fan fjouwer lústerferhalen fan Big Finish draaide om 'e fjouwer Ruters: Kronos, Silas, Caspian en Methos.

Yn 1996 produsearre La Montagnard Inc. in sammelkaartspul basearre op 'e Highlander-franchise, dat Highlander: The Card Game hjit. As kaartspul moat it in swurdgefjocht tusken twa ûnstjerliken neibeare.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Highlander (filmsearje)
Highlander (1986) • Highlander II: The Quickening (1991) • Highlander III: The Sorcerer (1994) • Highlander: Endgame (2000) • Highlander: The Source (2007) • Highlander: The Search for Vengeance (2007)