Springe nei ynhâld

Fear yn 'e Broek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fear yn ’e Broek)
Fear yn 'e Broek
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foar doelstellings Ried fan de Fryske Beweging
útrikt troch Ried fan de Fryske Beweging
frekwinsje 1x yn it jier
plak op lokaasje (Fryslân)
1e útrikking 1996
offisjele webside
website Fryske Beweging

Fear yn 'e Broek is in priis dy't ynsteld is troch de Ried fan de Fryske Beweging. It wurdt útrikt oan minsken of ferieningen oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset.

Winners fan De Fear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2024 - Sake Roodbergen - ynventarisearjen fan Fryske nammen yn de natoer en fersprieding dêrfean yn boekfoarm
  • 2023 - Hindrik van der Meer - it kombinearjen fan muzyk en taal
  • 2022 - Sintrum Frysktalige Berne-Opfang (SFBO)
  • 2021 - Fedde Dijkstra - rjochtbanktolk, strider foar Frysk yn de rjochtseal
  • 2021 - gemeente Achtkarspelen: ynspirearjend taalbelied, lykas en omtinken Frysk foar nije Friezen [1]
  • 2020 - trije skoallen yn it Hearrenfean foar harren Frysk ûnderwiis
  • 2018 - Arriva, foar de wize hoe't de ferfierder omgiet mei it Frysk
  • 2017 - Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot yn Stiens
  • 2015 - stifting Gysbert Japicx (Holckema Stifting) fan it Gysbert Japicxhûs
  • 2014 - 'Skilje', telefoantsjinst fan VrieService BV út Drachten. De tsjinst stipet it Frysk yn de deistige kommunikaasje sà, dat de drompel foar minsken om Frysk te praten weifalt. De Ried fan de Fryske Beweging stelde yn syn dat mei ‘Praat mar Frysk’-advertinsjes, in Frysktalige namme en meartalich personiel dat foar in grut part Frysktalich is, oan klanten dúdlik makke dat se harren eigen taal brûke kinne. [2]
  • 2013 - Ortodontsypraktyk yn Ljouwert
  • 2009 - Berne-iepenloftspul Easterwierrum, dat mei syn opfierings al jierren in wichtige bydrage oan de Fryske kultuer leveret.
  • 2008 - Danijel Dizdarevic dy't him as Bosnyske asylsiker yn in koart skoftke tiid it Frysk en Liwwarders eigen makke hat.[3]
  • 2008 - Rick Steur, set him as net-Frysktalige hielendal yn foar in better plak fan it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de skoallen dy't ûnder syn bestjoer steane. (twadde Fear fan 2008).
  • 2007 - Frivius Enerzjy, foar it brûken fan Frysk
  • 2006 - Stifting Aaipop, promoasje Fryske bands en lieten
  • 2005 - Gertjan Verbeek, fuortsetten tradysje
  • 2004 - Bertus Postma, foar in kaart fan Fryslân mei Fryske wettternammen útkomme koe.
  • 2003 - Bernlef, it studinteselskip út Grins, makke de Fryske film 'De Kameleon sjocht yn it waar'
  • 2002 - Broekster Boys, fuotbalclub dy't Frysk korrespondearre mei de KNVB
  • 2001 - Paul Herre, aktive ynset foar it Sealtersk
  • 2000 - Arno Brok, wethâlder fan Ljouwert, oer Fryske lessen foar Ljouwerter wethâlders.
  • 1999 - Oebele Brouwer, befoarderjen fan Frysk yn de rjochtbank
  • 1999 - Cees Bangma, polysjesjef fan Mid-Fryslân, stimulearre it brûken fan it Frysk yn syn korps
  • 1998 - Tineke Netelenbos, die oprop oer Frysk lesjaan
  • 1997 - Cor Jousma, foar it brûken fan Fryske plaknammen
  • 1997 - Wybren Couperus, brûkte in Frysk beropsskrift foar de rjochtbank
  • 1996 - Wio Joustra, redakteur fan de Volkskrant

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Plombrief foar taalbelied gemeente Achtkarspelen, 18 maaie 2021
  2. Wytboek, fan de FFU, sitearre út: Ljouwerter Krante, 14 maaie 2014
  3. Dizdarević hat him as flechte Bosniër yn in koart skoftke tiid de Fryske taal eigen makke. Hy studearre oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en ferfear letter yn it Gelderske Zaltbommel. By Omrop Fryslân wie Dizdarevic belutsen by boekbesprekkings fan Fryske skriuwers as Greet Andringa en Arjen Terpstra yn programma Lesclup fan Buro De Vries. De lêsclub bestie fierder út Hylke Tromp, Nynke de Jong en Hetty Hafkamp. Eltse lêste snein fan de moanne kaam dizze lêsklup gear yn it radioprogramma Buro de Vries en bespruts Fryske en Nederlânske literatuer. De presintatrise wie Karen Bies. As flechtling fûn hy ûnderdak by in famylje yn Tytsjerk. Dêr learde hy al gau Frysk en Ljouwertersk te praten. 'Dat koe hy er earder as Hollânsk', spruts Jabik van der Bij. ‘As liedingjaande murk er dat as jo Frysk prate jo mear klear krije fan Frysktalige wurknimmers as at jo Hollânsk prate’, sei Van der Bij. Dy loyaliteit oan de nije wenomjouwing en it folslein yntegrearjen yn Fryslân wie yn 2008 foar de Fryske Beweging de reden in Fear yn ’e Broek te stekken. Yn 2013 wie hy te sjen yn it televyzjeprogramma 'Bynt' fan Omrop Fryslân.