Tineke Netelenbos

Ut Wikipedy
Netelenbos yn 2015

Tine "Tineke" Netelenbos-Koomen (Wormerveer, 15 febrewaris 1944) is in pensjonearre Nederlânske politika fan de Partij fan de Arbeid (PvdA) en sakefrou.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Netelenbos gie fan maaie 1960 oant juny 1966 nei it Lyseum yn Amsterdam. Fan augustus 1966 oant septimber 1987 wie se learaar maatskippijlear yn Amsterdam. Hja wie fan maaie 1978 oant septimber 1987 lid fan de gemeenteried fan Haarlimmermar. Fan july 1983 oant septimber 1987 wie hja lid fan it Bestjoer fan de Partij fan de Arbeid.

Netelenbos waard lid fan de Twadde Keamer nei it ôftreden fan Harry van den Bergh en trede op 10 septimber 1987 oan as frontbencher, foarsitter fan de parlemintêre kommisje foar Folkssûnens en wurdfierder fan Underwiis, Maatskiplik Wurk, Handikeptesaken, Abortus en plakferfangend wurdfierder fan Kultuer, Emansipaasje en Gelykheid. Nei de ferkiezings fan 1994 waard Netelenbos beneamd as steatssiktaris fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn it kabinet-Kok I, dat op 22 augustus 1994 oantrede. Nei de ferkiezings fan 1998 kaam Netelenbos werom as lid fan de Twadde Keamer en kaam op 19 augustus yn funksje.

Nei de kabinetsformaasje fan 1998 waard Netelenbos beneamd as minister fan Ferkear en Wettersteat yn it kabinet-Kok II, dat op 3 augustus 1998 oantrede. It kabinet-Kok II gie op 16 april 2002 ôf nei oanlieding fan de konklúzjes fan it NIOD-rapport oer it bloedbad yn Srebrenica yn de oarloch yn Bosnje en bleau tsjinjen as demissionêr. Nei de ferkiezings fan 2002 kaam Netelenbos fannijs werom as lid fan de Twadde Keamer en kaam op 23 maaie 2002 yn funksje. It kabinet-Kok II waard nei de kabinetsformaasje fan 2002 op 22 july 2002 ferfongen troch it kabinet-Balkenende I en hja bleau har amt útoefenjen yn de Twadde Keamer as foarsitter fan de Keamerkommisje Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en wurdfierder fan Underwiis, Kultuer, Handikeptesaken, Gelykheid en plakferfangend wurdfierder fan Abortus en Emansipaasje. Yn maaie 2002 wie Netelenbos gadingmakker as kommissaris fan de Keninginne fan Noard-Hollân, mar ferlear de beneaming oan sekretaris-generaal fan it ministearje fan Justysje Harry Borghouts. In septimber 2002 kundige Netelenbos oan dat se har net kandidaat stelle soe foar de ferkiezings fan 2003 en bleau yn funksje oant 'e ein fan de sittingsperioade op 30 jannewaris 2003.

Netelenbos luts har foar in part werom út de nasjonale polityk en waard aktyf yn de publike sektor en beklaaide as non-profitdirekteur talleaze sitten yn ferskate rieden fan tafersjoch (Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale skiednis, Museum De Cruquius, Floriade 2002, Radio Nederland Wereldwijd, Electronic Commerce Platform, Keninklike Feriening fan Reders en it Maritym Undersyksynstitút) en wie út namme fan de oerheid lid fan ferskate steatekommisjes en rieden (Rykstsjinst Weiferkear, Advysried foar de Romtlike Oardering, Ried foar Kultuer, Kadaster en Publike Pensjoenfûnsen PFZW). Netelenbos wie waarnimmend boargemaster fan Oud-Beijerland tusken 2 maaie 2005 en 17 oktober 2006 en ad interim-boargemaster fan Haarlimmermar fan 16 oktober 2006 oant 20 april 2007 nei it opstappen fan Fons Hertog. Ek wie se ad interim- boargemaster fan Ede fan 7 juny 2007 oant en mei 21 jannewaris 2008 nei it beneamen fan Roel Robbertsen ta Kommissaris fan de Keninginne fan Utert.

Wurdearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 krige se de Fear yn 'e Broek doe ’t se in oprop die oer Frysk lesjaan.