Hylke Tromp

Ut Wikipedy

Hylke Tromp (Snits, 26 july 1944) is in Frysk muzikant, songer, learaar en skriuwer. Hy wennet yn Reduzum.

Tromp is de lieder fan it trio Wiltsje fan Peazens. Hy wie learaar Nederlânsk, boekbesprekker en kollumnist by de Ljouwerter Krante. Yn 1998 binne in part fan syn boekbesprekken foar Omrop Fryslân sammele yn Spikers & koppen. Yn 2014 ferskynde syn earste roman, Noah, dêr't er ûnder mear syn ûnderfinings as amateurtoanielspylder by it iepenloftspul fan Jorwert yn ferwurke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]